Fersterking bestjoer troch Paul van Dijk

Wakkere wiis binne wy mei de útwreiding fan it bestjoer yn ‘e persoan fan Paul van Dijk. Paul wennet yn Warkum, is dichter, yllustrator en muzikant. Hy makket foarstellings mei syn eigen teatergroep Knûkel. Paul debutearre mei it berneboek Renske wol stoer wêze. Mei dêrnei noch in pear boeken op syn namme is er dit jier debutearre as dichter mei de bondel Famke fan snie. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Paul van Dijk, dy’t no ek bestjoerslid fan It Skriuwersboun oan syn biografy taheakje kin.
Mochten jo yn it ferline noch net mei Paul yn ‘e kunde kommen wêze, dan sil dat meikoarten grif barre!

Foto: Marcel Hectors
Facebooktwittermail

Lêzing Fisuele poëzy troch Bert Looper

Mei it opfallende motto Sssstt…! Hjir flústeret de tiid is Tresoar yn 2018 folop dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middels, grutte LED-skerms en 4 meter hege poëzymasines presintearje dichters en keunstners harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Yn ’e lêzing wurdt yngien op de rol en it belang fan fisuele poëzy.

Datum: 15-11-2018
Tiidstip: 19:45-21:45 oere
Lokaasje: Tresoar
Yntree: 9 euro

Facebooktwittermail

Lêzings Sytse Jansma en Janneke Spoelstra

Nei de Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber hawwe de dichters Sytse Jansma en Janneke Spoelstra lêzings holden oer harren ûnderfinings yn it bûtenlân. Sytse hat nei it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia west en Janneke nei Transpoesie Festival yn Brussel. Hjirûnder hiel koart wat hja ferteld hawwe oan in seal fol belangstellenden.

Sytse Jansma
Sytse hat in prachtige tiid hân yn Kenia. It grutte kultuerferskil wie faak konfrontearjend mar ek ynspirearjend. It hat him goed bewust makke dat syn skriuwen beynfloede is troch de literatuer en kultuer fan (Noard)-Europa. Hy hat dêr optreden en workshops jûn, ferskate skoallen besocht en ek foarlêzen út it berneboek Wapper. De oarspronklike literatuer fan Kenia hat him ynspirearre. De fersen binne sterk realistysk en hawwe in bepaalde urginsje. Poëzij wurdt faak ek sjoen as in medium foar aktivisme. It wie in yntinse tiid troch de korrupsje dêr en de mentaliteit fan de minsken. It festival sil him lang by bliuwe.

Janneke Spoelstra
Troch in oprop fan it Skriuwersboun (dy’t benadere wie troch it NPLD om it út te setten) is Janneke útkeazen om nei it Transpoesie Festival yn Brussel ta te gean yn septimber. Dêr hat se foardroegen op in konferinsje foar meartalich ûnderwiis en de deis derfoar meidien oan in flashmob. In fragmint fan har ‘winnende’ gedicht ‘Altyd alve’ wie in wykmannich te sjen yn de Brusselske metro. It gedicht stiet, mei oersettingen, op ‘e Transpoesiewebsite: http://www.transpoesie.eu/ . It optreden is werom te sjen op: https://webcast.ec.europa.eu/european-day-of-languages-multilingual-education-and-cultural-expression. It soe moai wêze as der yn 2019 of dêrnei wer (ris) in Fryske dichter meidwaan soe. Hâld dus de iepen call fan it Festival yn ’e gaten.

Facebooktwittermail

Algemiene Ledegearkomste op 1 novimber

Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?

Om 20:00 oere hinne sil it dien wêze, mei’t lju dan nei de lêzing fan Jelma Knol kinne dy’t ek yn Tresoar plakfynt. Mear ynformaasje dêroer fine jim hjir.

Janneke Spoelstra
Sytse Jansma
Facebooktwittermail

Presintaasje It leafst bin ik in fûgel

Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma

Beam
 
it moaist sit dyn hier
as it ljochtgrien krollet
op myn jierdei
 
ik fyn dyn arms
sa sterk ast stoeist
mei de wyn en winst
 
it leafst bin ik in fûgel
flean gau  nei dy ta as
bangens my bite wol
 
ik fyn dyn gesicht sa rêstich soms deftich
hast sa’n geduld mei my
do fielst it sachtst mei in sniejas en mûtse op
dan jou ik dy in krûpke

Presintaasje:
De presintaasje sil plakfine op freedtemiddei 2 novimber fan 16.30 – 18.00 oere yn de Afûkwinkel. Elkenien is fan herte wolkom

Boekgegevens:
It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier
Gearstaller: Elske Kampen /  Yllustrator: Marijke Klompmaker
Siden: 56
Ferkeappriis: € 12,50
ISBN: 978 94 92176 89 9
www.afuk.frl

Facebooktwittermail

Oprop foar de Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
 
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
 
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
 
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2019 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2019 net slagje om plak te krijen, ek yn 2020 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail

Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

Frysk literêr tydskrift Ensafh ropt jo op om ferhalen, besprekken en essees te skriuwen.

It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.

It nûmer sil de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meikrije. Dêrmei wurdt referearre oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.

Ensafh nûget proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema ‘It geheim fan Fryslân’. It soe de redaksje fan Ensafh tige oanstean as wy yn dat nûmer in moai ferskaat oan nij Frysk proaza publisearje kinne.

Wat de essees oangiet nûgje wy jo út om jo idee(ën) op papier te setten oer de mooglike oanpak fan de soarchlike situaasje dat de merk foar Fryske boeken sa krompen is.

De ynstjoering slút op 20 novimber. Bydragen kinne maild wurde nei redaksje@ensafh.nl

Facebooktwittermail

De nacht fan Quatrebras

Op freedtejûn 2 novimber nimt Tresoar dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.

It bysûndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken.

Op dizze jûn is ús bysûndere gast ien fan de lêste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’.

En fierder:

  • Koarte lêzings fan Frank den Oudsten, Bert Looper en Ernst Bruinsma
  • Elske Schotanus draacht foar út wurk fan Hessel Miedema
  • Muzykoptredens en performances fan Jan Klug, Sytse Jansma en Hans Wijnbergen
  • Jierren ’50 toaniel fan Jelle de Jong

Wannear: Freedtejûn 2 novimber, 20.00-24.00
Wêr: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong fergees

Facebooktwittermail

Skriuw in nij liet – Rispinge

Op sneon 3 novimber 2018 wurdt by Nijkleaster yn Jorwert troch de Stifting Krúspunt in workshop organisearre foar dichters, skriuwers en oare belangstellenden.
Doel is in oantrún te jaan by it skriuwen fan sjongbere Frysktalige lieten foar in liturgyske setting.


Ynlieder is David de Jong, fan wa’t meardere teksten yn it Nije Fryske Lieteboek (útjefte Royal Jongbloed / Krúspunt 2019) opnommen binne.
Wy oefenje dizze dei aktyf yn it skriuwen fan fersen, mei Rispinge as tema.
Meardere wurkfoarmen wurde brûkt, begelieding is beskikber.   
De rispinge fan dizze dei fynt in delslach yn de fesper, dy’t de dei ôfslút.

Organisator:
Stifting Krúspunt, www.kruspunt.frl, Sipke Huismans
Lokaasje: Nijkleaster, Jorwert, www.nijkleaster.frl
Opjefte: www.nijkleaster.frl
Kontaktpersoan: Tryntsje van der Veer 0610908525

Programma yn detail

09:15 Ynrin
09.30 Moarnsgebed
10.00 Wolkom en kennismakking
 Sipke Huismans en Tryntsje van der Veer
10:30 Ynlieding David de Jong
11:00 Oan ’e slach
12:15 Lunsj yn It Wapen fan Baarderadiel
13:00 Kuier
14:15 Oan ’e slach
15:30 Skoft en tarieding Fesper
16:00 Fesper ‘Rispinge
16:30 Ofsluting

Kosten: € 30,- de persoan (ynkl. kofje/tee en fegetaryske lunsj mei sop).
Binne jo dochs ferhindere? Dan kinne jo jo ôfmelde foar 1 novimber fia info@nijkleaster.nl. Wy gean der dan fanút dat wy jo bydrage foar dizze dei beskôgje meie as in gift foar Nijkleaster.
Iepenbier ferfier: De bus (93) komt troch Jorwert. It  treinstasjon yn Mantgum leit op 2 kilometer fan Jorwert.

Facebooktwittermail