Lêzing ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’

De bekende skriuwster en filosofe Joke Hermsen hâldt op snein 9 desimber yn de ‘Dorpskerk’ fan Beetstersweach in lêzing oer ‘de leechte’. Sy sprekt yn it kader fan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa yn de Projectruimte, Hoofdstsraat 17 yn Beetstersweach, dêr’t mear as 30 dichters en keunstners stil stean by it tema ‘leechte’. ​Joke Hermsen skriuwt fiksje, mar is foaral ek bekend fan har essays oer stilte, rêst, ‘onthaasting’:  ‘Stil de tijd, pleidooi voor een langzame toekomst’, ‘Windstilte van de ziel’ en ‘Melancholie van de onrust’. Yn Beestersweach slút sy oan by it tema fan de útstalling mei har lêzing ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’. Nei ôfrin fan de lêzing is der gelegenheid de útstalling te besjen en jout Bert Looper in koarte taljochting en rûnlieding.

Facebooktwittermail

Portretpresintaasje Eppie Dam

Eppie Dam wûn yn 2017 de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel “Fallend ljocht”. Gerrit Terpstra makke in portret fan Eppie Dam.
Op freedtemiddei 30 novimber wurdt it portret presintearre oan it publyk. Fansels is de ûntbleating fan it skilderij yn de Gysbert Japicxseal, dêr’t alle oare portretten fan eardere winners ek hingje.
Om 15.30 oere ynrin mei kofje/tee en 16.00 oere presintaasje fan it portret.

Facebooktwittermail

Lêzing Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis

Foto: Haye Bijlstra

De leeftyd 12-15 jier is essinsjeel om in positive lêsattitude te ûntwikkeljen. Dêrom is it wichtich dat in learling yn dy faze positive lêsûnderfinings opdocht fia boeken dy’t by him/har passe. Mar hoe komt in learling oan sokke boeken? En wat makket in boek gaadlik? Op dy fragen wurdt yn dizze lêzing oer Fryske literatuer yn it fuortset ûnderwiis antwurd jûn.
De lêzing is op 29 novimber om 19:45 oere yn Tresoar en wurdt jûn troch dosinte Frysk oan NHL/Stenden Gerbrich de Jong.

Facebooktwittermail

Literêre middei oer it tema ‘Leechte’ op 24 novimber

Sneon 24 novimber binne yn de Doarpstsjerke en yn de Projektrûmte 17 te Beetstersweach dichters en keunstners oanwêzich dy’t bydroegen ha oan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa. Yn dizze útstalling yn in prachtich histoarysk hûs, ferwurdzje en ferbyldzje sy harren hâlding foar de leechte oer.
Wat betsjut leechte, hoe meitsje sy leechte, begjint alles wer op ’en nij? It resultaat is in rike útstalling mei teksten, bylden en lûden dy’t ús as taskôgers meinimme nei de yndividuele keunstner, mar ús ek konfrontearje mei de eksistinsjele fraach as alles mei in skjinne laai begjinne kin.
De dichters Hein Jaap Hilarides, Edwin de Groot, Marije Roorda, Jetze de Vries en Syds Wiersma drage yn de Doarpstsjerke harren wurk foar en jouwe in taljochting. Ek it oargel sil besykje de leechte yn klanken te fangen. Yn ’e Projektrûmte jout Bert Looper in rûnlieding en taljochting op de útstalling.

Elmar Kuiper, Lânskip, akryl op papier
Facebooktwittermail

Skriuwersmiel yn Kafee Marktzicht op 8 desimber

It bestjoer nûget jo graach út foar it jierlikse Skriuwersmiel, dat ditkear op 8 desimber yn Kafee Marktzicht yn Drachten plakfine sil.

Anne Graswinckel is programmalieder KEK2/Lân fan taal, projektlieder edukaasje en wûndersiker. Hja sil foarôfgeand oan it miel sprekke mei as tema:

ferdwale yn ferhalen
fan idee ta ferhaal

Wy freegje jo om dêrnei oangeande dat tema op syn heechst 5 minuten wat foar te dragen út eigen wurk. Fierders hoopje wy op in noflike en smûke jûn yn de eardere jachtweide fan Rink van der Velde.

Fansels binne ek dit kear gasten en aspirant-leden wolkom.

Ynrin 17:30 oere
Ynlieding 18:00 oere mei dêrnei miel en eigen ynbring

Jou jo op foar 1 desimber yn ferbân mei de ketering. Jou dêr ek by oan oft jo eventuele dieetwinsken hawwe. It miel sil bestean út tradisjonele kost.

It adres fan kafee Marktzicht is Aldewei 14, 9203 AG Drachten.

Facebooktwittermail

Dichterspaad Aldegea siket nije dichters

ALDEGEA – Mar leafst 18 gedichtepanielen by it Dichterspaad del yn en om it doarp Aldegea (Smellingerlân) sykje nei nije ynhâld.
 
Fandêr dat Doarpsbelang Aldegea dichters yn de gemeente, de provinsje en fier dêrbûten opropt om mei nije gedichten te kommen. Elkenien kin meidwaan en fertsjinnet mooglik in eareplak by de rûte del.
 
Aldegea leit oan ’e râne fan Nasjonaal Park De Alde Feanen en midden yn de útstrutsen landerijen yn it karakteristike Wâldske kûlizelânskip, sadat it doarp har treflik lient foar unike kuierrûtes. Njonken in fanatyk kuierdoarp is Aldegea boppedat fan âlds in kultuer-minnend doarp. Fandêr dat mei it plan foar in kuierpaad ek it idee foar in poëzyrûte ûntstie: Dichterspaad Aldegea.
 
Alle om Slachte Kuier
By de rûte fan it Dichterspaad del steane achttsjin gedichtepanielen. Stik foar stik steane se op prachtlokaasjes, dy’t de muoite mear as wurdich binne om efkes de pas yn te hâlden. Alle jierren is in part fan it Dichterspaad it dekôr foar de kuiertocht Alle om Slachte Kuier. Dêrmei jout inisjatyfnimmer Doarpsbelang Aldegea ekstra omtinken oan de gedichten by de rûte del. De tredde edysje stiet plend yn de simmer fan 2019. Foar dy edysje traktearret Doarpsbelang de kuierders graach op nije gedichten.
 
Dichtsje ek mei
Jong, âld, krekt begûn of al jierren entûsjast dichter: elkenien kin meidwaan en makket kâns om in plakje te bemachtigjen yn ien fan ’e 18 panielen. Dichtsje ek mei en stjoer in gedicht op nei gedicht@dichterspaad.nl. Ynstjoere kin oant en mei 1 jannewaris 2019.
 
Ynspiraasje opdwaan?
Op www.dichterspaad.nl stiet de rûtekaart en de gedichten dy’t no op de panielen steane. Dichters, fan herten wolkom om al kuierjend by de rûte del te gean om ynspiraasje op te dwaan en alfêst in moai paniel foar in nij gedicht te sykjen. Fermeld yn dat gefal by it ynstjoeren fan it wurk hokker lokaasje de foarkar hat.

Facebooktwittermail

FeRstival

It foardrachtfestival, FeRstival waard eartiids ‘foardrachtskriich’ neamd. Kriich is in âlderwetsk wurd foar krachtmjitting en ek foar oarloch (de Twadde wrâldkriich). Hawar hjoeddedei is it in fleurich festival mei de boartlike namme FeRstival. It draait om it sa moai mooglik foardragen fan Fryske gedichten en fersen.

Besikers dy’t niget ha oan Fryske gedichten kinne hjir fergees hinne. En meigenietsje fan de fertolking fan Fryske fersen en gedichten en de spanning en sensaasje fiele…

Heale finales
9 novimber – Schouwburg De Lawei yn Drachten en De Stolp yn Snits;
16 novimber – Schaaf City TheaterPosthuis Theater yn Ljouwert

Finale
15 desimber – Posthuis Theater yn It Hearrenfean.

Facebooktwittermail

Tinktank mei Ernst Bruisma fan Afûk/BFF

It bestjoer nûget ús leden út om oan te skowen by de earstfolgjende Tinktank op 23 novimber om 17:00 oere yn Tresoar. Ernst Bruinsma komt dan del om ús oer Boeken Fan Fryslân by te praten. Alle fragen dy’t jo dêroer hawwe kinne dan steld wurde.

Facebooktwittermail