It earste gedicht is ynstjoerd nei de organisaasje, dus it sil heve!
Wy binne grutsk dat Sytse Jansma it Frysk fertsjintwurdigje sil op Transpoesie, it poëzyfestival yn Brussel ein septimber. Sytse is drok dwaande mei in nije dichtbondel en himet noch nei fan it projekt “Sprekende Stenen”, mar hjir makket er graach tiid foar. De mearfâldich winner fan de Rely Jorritsma-priis sil op 26 of 27 septimber optrede en wy hoopje fansels dat wy hjirwei “live” mei sjen kinne.
Yn it Boskpoadium yn Obe sil op 7 july in dichtersjûn wêze, mei tal fan dichters dy’t foarlêze út eigen wurk. Sa sille Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma optrede, en ek dichters Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht. Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte. De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.
Ynrin is fan 19.30 oere ôf en it programma begjint om 20.00 oere. Mear ynformaasje is te finen op de side fan Arcadia.
De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard dit jier foar de tsiende kear útrikt en gie nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, dat yn 2020 ferskynd is by útjouwerij Frysk en Frij. De priis, grut € 2000, waard sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en in oarkonde krige de winner ek in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk.
It boek giet oer Tilma Jager, dy’t yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en no útfanhuzet by har heit. Troch har weromkommen rekket it krimpdoarp yn ûnstjoer en dan is der gjin rêden mear oan.
It sjueryrapport seit: “It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de perspektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen. … It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen.”
Sels ek lêze? It boek is te bestellen by de útjouwer of te krijen yn de boekhannel.
Mear oer de Rink van der Veldepriis is te lêzen op de side fan it FMLD.
Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).
Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.
Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.
Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse in in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.
De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.
Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de DeLapekoer fanGabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de WorkshopLapekoer sil der omtinken jûn wurde oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Der wurde minsken frege om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (https://frisianhumanities.frl/), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.
It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, krijt ek in Fryske oersetting. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan de Berneboekewike dat der in Fryske fariant fan ferskynt.
Boeken fan Fryslân hat Martsje de Jong ree fûn om de oersetting op har te nimmen. Dat is har wol tafertroud, want se hat al gâns Fryske oersettingen fan ferneamde berneboeken op har namme stean, sa as û.o. fan De GVR, Karlsson van het dak en Pippi Langkous. Foar har oersetting fan De GVR waard se foardroegen foar de IBBY Honour List (IBBY = International Board on Books for Young people). De Fryske ferzje fan it Berneboekewikegeskink krijt de titel: Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta!
Martsje de Jong fûn it in eare dat sy de oersetting dwaan mocht: ‘De Waanzinnige boomhut-boeken binne sa humoristysk dat it foar my in feest wie om it nei it Frysk oer te setten. Foar it stimulearjen en befoarderjen fan de Fryske taal is it ûntsettend belangryk dat der leuke Fryske berneboeken ferskine. Ik bin bliid dat bern mei dizze Fryske oersetting wer de kâns krije om it plezier fan Frysk lêzen te ûntdekken.’
De Berneboekewike/Kinderboekenweek (in kampanje fan de CPNB) wurdt holden fan woansdei 5 oktober oant en mei snein 16 oktober 2022. By besteging fan op syn minst €15,00 oan berneboeken kriget men it Nederlânsktalige of Frysktalige boekewikegeskink kado fan de boekhannel.
Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Dat kin fansels breed: fan wreed en spannend oant healwiis en hilarysk. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.
De winner wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de oare Fryske skriuwers dy’t dêr de jûns al steane om harren koarte moardferhaal hearre te litten, lykas Sipke de Schiffart, Johan Veenstra, Jetske Bilker, Sjoerd Bottema en Erik Betten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 24 juny binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.
Us lid Paul van Dijk hat de D. A. Tammingapriis wûn foar syn bondel ‘Famke fan snie’. De D .A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas ‘Famke fan snie’ út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.
‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur. Mei orizjinele en fantasyrike bylden wit de dichter de lêzer mei te nimmen. Wat de bondel neffens de sjuery ek bysûnder makket is dat de dichter troch ferwizingen nei keunstuteringen yn muzyk, literatuer en skilderkeunst syn wurk ferknopet mei dat fan eardere keunstbruorren en -susters en sa wat fan har geast yn syn tekst bringt. Paul van Dijk (1981) is learaar Ingelsk en wûn earder twa kear in Rely Jorritsmapriis foar in fers. De D. A. Tammingapriis wurdt op 10 juny útrikt ynTresoar.
Fan 13 oant 16 septimber 2022 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. Dat twajierlikse barren is diz’ kear yn in groepsakkommodaasje yn Eastermar, yn ús, Westerlauwersk, Fryslân. Dielname stiet iepen foar froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. In nijsgjirrich programma is gearstald troch in wurkgroep út de Fryske Rie, oanfold mei 2 froulju út de Vrouwen van Nu Friesland. Sa stiet der in besite oan de Sweach op it programma, û.o. nei de Tropyske Kas, in bisite oan it Skútsjemuseum yn Earnewâld en in fartocht troch de Alde Feanen. Jûns wurdt der soarge foar ferdivedaasje mei sjongen en it fertellen fan ferhalen. Meiïnoar yn ‘e kunde komme en útwikseling fan ûnderfinings én geselligens stiet dizzer dagen foarop.
Opjefte foar froulju dy’t belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Opjaan kin oant 1 juny 2022 by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl. Mear ynformaasje kin ek fia dat e-mailadres opfrege wurde.
De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. Fan West binne diz’ kear ek de froulju fan it Westfries Genootschap yn Westfriesland (Noard-Hollân, Ned.) útnûge.
De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Dat is dit jier fan 20 oant en mei 22 maaie. Yn 2021 koe it trijejierliks Ynterfrysk Kongres fanwege koroana net trochgean, no wurdt dat trijejierliks kongres oanslutend oan de frouljusmoeting yn septimber 2022 yn Fryslân hâlden.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.