It bestjoer

It bestjoer fan it Skriuwersbûn bestiet op dit momint út de folgende persoanen:

Ammerins Moss-de Boer – foarsitter

Oerdeis wurket Ammerins mei nocht as oersetter/tolk Ingelsk. Boartsje mei taal – Ingelsk, Nederlânsk en Frysk – en der dan sa’n tekst fan meitsje dat dy hast better lêst as it orizjineel. Dat is it doel! Yn de frije oerkes wurdt der (noch hieltyd) wurke oan in Frysktalich toanielstik.

Neist it foarsitten fan de (bestjoers)gearkomsten, besiket se de reachside wat by te hâlden.

Se hat ek wat mei Ierlân (en helle der sels har man wei), toaniel (foar it spyljen is der no hast gjin tiid mear) en hat yn de Zoom-tiid ûnder de gearkomsten hiel wat ôfbreide. No bliuwe de priemmen thús – dat is ek feiliger as it toch knetteret by in diskusje.

Wat se docht oan oersetten, tolken en mear is hjir te lêzen.

Jan-Hendrik Woudstra – ponghâlder

Jan-Hendrik is net allinnich by ús de finansjele man, mar ek op de skoalle yn Dokkum dêr’t er wurket. Hy dichtet yn it Frysk en Nederlânsk en hat ferskate bondels publisjearre oer ferlies, leafde en leauwe. Yn maart 2026 komt der wer in moaie nije bondel fan him út!

Hy wit alle geheimen fan Excel en dat is fansels wol handich as je ponghâlder binne en de boekhâlding en ledeadministraasje wat netsjes byhâlde moatte!

Hy hat in soad affiniteit mei de Joadske skiednis, en wit as gids fan alles oer wichtige plakken hjir yn Fryslân, mar wit ek it paad yn Amsterdam (wy moatte noch hieltyd tegearre in kuier dwaan, hint hint).

Doe’t Reina en Jan-Hendrik foarrich jier yn it bestjoer kamen, stelden se har earst foar mei in fraachpetear – en dat is fansels noch hieltyd nijsgjirrich om te lêzen!

Jetske Bilker – sekretaris

Wa kin har net? As winner fan de Gysbert Japicxpriis hoecht Jetske hast gjin yntroduksje mear. Mar neist romans skriuwe, is Jetske ek in betûft oersetter en redakteur.

De Dripkes komme dizze dagen út har pinne, dus as der wat is wat jimme graach diele wolle yn ús freedsdripkes: jou it dan troch fia de mail: ynfo@skriuwersbun.frl

Sjieuwe Borger – algemien bestjoerslid

Sjieuwe is berne yn 1964 te Meppel en groeide op yn Gitern en Grou. Hy helle it gymnasiumdiploma op it Feen en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Nei de tsjinsttiid yn Seedorf wurke er yn De Haach, Amsterdam, Drachten, Ljouwert en Grins yn ferskate advysfunksjes yn bestjoersrjocht en arbeidsrjocht.

Hy wie earder al ris lid fan it Skriuwersbûn en seach yn de needgjalp foar de Fryske skriuwerij in nije oantrún om him as bestjoerslid op te jaan.

Hy hat seis goed ûntfongen romans op syn namme stean en is dwaande mei in roadnovel. Neist Frysk en Hollânsk en de oare Westeuropeeske talen Dútsk, Ingelsk en Frânsk behearsket Sjieuwe it Italjaansk en it Russysk.

Lara Koolalgemien bestjoerslid

“Ik haw in ôfgryslike hekel oan foarstelrûntsjes, sels as ik se sels skriuwe mei. Wat moatte minsken mei myn leeftiid, myn berteplak, hoefolle bern as ik haw of dat se it moaiste binne dat ik oait meimakke haw? Wolle se witte wat myn hobby’s binne, myn driuwfearren of myn prestaasjes oant no ta? Ik ferjit altyd de helte en de oare helte is alris troch oaren sein. Faaks kinst minsken wol folle better kennen leare troch harren leafste gedicht of harren moaiste boek. Dat ik sil hjir in gedicht pleatse, sadatst echt in stikje fan my kennen learst. It is in gedicht fan de Katalaanske dichteres Anna Aguilar-Amat en oerset troch Syds Wiersma en Ignasi Ripoll.”

Dream
Ik ferlies de jonge út it each as er it treppehûs
fan syn heit ynstoarmet.
De tiid ferstrykt. It fielt lang en stadich.
En ynienen oerfalt my in twifel trochsichtich en koanysk,
dat it mar in dream wie, ik haw nea
in soan hân.
Miskien wurd ik wekker út in nacht fan tsien
jier, út in dream fol triennen en glimkjen en
ljocht. En dat de werklikheid neat oars is as dit:
in ûnwis wachtsjen op in autostoel
foar in stjoer dat dyn lot
skouderet.
Ik kin útstappe, en dat doch ik ek, ik rin nei de doarbel
en ik druk, ja twa kear, oant ik de stimme hear,
wat nitelich troch myn ûngeduld.
Hy komt deroan. En hy komt deroan. En hy glimket. En de dream
giet troch.

Facebooktwittermail