Jan Kooistra yn Brussel en Antwerpen

Heal septimber wie Jan Kooistra as dichter op it festival Transpoesie yn Brussel en Antwerpen. Hy hat foar ús in ferslach skreaun en dat is hjir te lêzen. It is elk jier wer moai om it Frysk yn in ynternasjonaal fermidden yn ‘e spotlights te setten, en wy hoopje dat it noch even trochgean mei!


As man dy’t it leafst mar wat thús omslacht, net al te fier fan hûs wol en him yn selskippen mei in soad ûnbekende minsken faaks mar wat ûngemaklik fielt, wie dizze reis nei de haadstêd fan Europa fansels gjin sinekuere. Oan ’e oare kant wie it foarútsjoch om mei lotgenoaten (dichtsjen is faaks mar in iensum ambacht) út alle hoeken fan Europa te praten en harren poëzij te hearren en te lêzen wol hiel oantreklik. Dus dit oanbod fan it Skriuwersbûn koe ik net ôfslaan. En hoe giet soks, achterôf foel it my wer geweldich ta en hie ik my wer drok makke om neat, the story of my life.

It begûn allegear op it Sintraal Stasjon fan Brussel. Dêr stiene we dan om in oere tolve middeis mei sa’n achttjin man wat ûnwennich om ús hinne te sjen. Philip Meersman, de koördinator, reislieder en nei’t letter bliken die ek noch entertener, hie it der mar drok mei: koppen telle en kaartsjes keapje foar de trein nei Antwerpen, want dat stie nammentlik as earste op it programma fan dizze twa dagen fan de fyftjinde edysje fan Transpoesie: it Letterenhuis yn Antwerpen!

It duorre eefkes ear’t de klup yn ’e trein koe want der miste ien dichter. It bliek Eelco Couvreur te wêzen dy’t it Flaamsk en Nederlânsk fertsjintwurdige. It soe wer net oars, de bern dy’t it tichtst by de skoalle wenje komme faaks as lêste it lokaal yn. Hawar, it siet wat oars, de bêste man wie fan hûs fuort nei Antwerpen riden: in kwestje fan kommunikaasje.

Goed en wol yn ’e trein kaam ik te sitten by Margarida út Portugal en Carla út Lúksemboarch. De beide froulju koene it goed pratende hâlde en doe’t Philip ek nochris by ús sitten gie, seagen de oare treinreizgers wis de spanning by ûndertekene fan de skouders gliden.  Nei in ‘ferplichte’ groepsfoto yn it manjefike stasjon fan Antwerpen en in fikse kuier troch in opbrutsen stêd dêr’t hastich jongfolk op elektryske autopetten dy fan ’e sokken jagen, kamen wy oan by it Letterenhuis, it museum en argyf fan de Flaamske literatuer. Op it programma stie in lytse lunsj mei kofje en tee, in rûnlieding om de pronkstikken fan dit argyf te besjen en dan sels konkrete poëzij skriuwe yn de styl fan bygelyks Paul van Ostaijen (poets interact with pieces to create an ‘on the spot’ poem). It moat sein wurde, wy ha prachtige portretten sjoen fan ferneamde Flaamske dichters en skriuwers, wy ha de krochten fan it museum mei hiel wat swier befeilige kluzen sjoen, mar sa’t it wol faker giet, de kluzen giene net iepen en eins krigen we wat dat oanbelange it lid op ’e noas. De ynlieding fan Meersman by de konkrete poëzij wie net ûnaardich en ek it foardragen fan dit soarte grafyske poëzij gie him linich ôf. Spitigernôch kaam it skriuwen fan in ‘on the spot poem’ neffens my net echt út ’e ferve.

De groepsfoto
De groepsfoto

Nei in ‘early diner/snack’ wie it de bedoeling dat wy ús as dichters ferdielden oer ferskate sealen dêr’t wy dan sa’n tsien minuten ús gedichten hearre litte koene. It publyk koe dan yn en útrinne en sa fan alle talen en regio’s wat meikrije. Dat publyk lykwols liet it wat sitte dus fan de ferskate sealen waarden der twa makke en wy ha ús fersen foaral hearre litten oan elkoar en in oardel man en in hynstekop. Dochs makke dat it net minder spannend, de organisatoaren hiene soarge foar in prachtige krante mei de titel Turbulent Times Tabloid dêr’t alle gedichten fan alle partisipearjende dichters yn opnaam wiene, sawol yn it orizjineel as in it Ingelsk. Men koe dus de dichters hearre en tagelyk meilêze yn it Ingelsk of Frânsk. Wiswier, in bysûndere ûnderfining!

Nei in nachtsje yn in hotel (djoer en ferrekt lyts keammerke) en in streksum moarnsbrochje hat ûndertekene wat omdoarme yn Brussel. Minsken, wat in minsken! En ik mar miene dat it yn Amsterdam in gekkeboel is. Hawar, om in oere of alve ha ik my melden by de rest fan de klup op it terras fan de Koninklijke Sint-Hubertusgalerijen. It siet dêr ferdomde noflik, kofje en hearlik waar derby. It wie de bedoeling dat wy gedichten skriuwe soene foar de minsken, meast toeristen, dy’t foarby kuieren. Ik ha in alderaardichst petear hân mei in Frânske Kanadees op leeftyd dy’t neffens him mar ien ‘poet’ koe en dat wie Leonard Cohen. Underwilens makke myn Portugese kollega Margarida in Frânsk gedicht foar syn frou. Sels ha ik noch in fers skreaun foar in frou út Brabân. Se like der wol wiis mei te wêzen mar hie ik wat mear tiid hân dan wie it echt poëzij wurden.

Gedichten skriuwe foar it publyk

Nei dit gemoedlik gearwêzen en ‘writing public space’ hiene wy ‘frij’. Moai momint om bepaalde bannen mei guon dichters, lykas Colin út Banbridge en Iñigo út de Baskyske regio, noch eefkes wat neier oan te heljen.

En doe om in oere of fiif de apoteoaze. It foardragen fan eigen wurk yn ‘les Halles de Schaerbeek’, in gearwurking fan it team fan Transpoesie mei de organisaasje fan it grut opsette Poetik Bazar. It wie allegearre prima regele: in moai poadium, aardich wat publyk en in skerm, ek op it poadium, dêr’t men it foardroegen fers yn it Ingelsk meilêze koe. Koördinator Meersman yntrodusearre de dichters en prate it gehiel op syn hiel eigen, ludike wize oanelkoar. Ik wie yn alle gefallen mei twa kreaze famkes fan tritich yn it publyk, fersekere fan in pear entûsjaste fans.

Optrede

Dêrnei koene wy noch in resepsje bywenje yn de Poalske Ambassade mar dat leaude ik wol. De lift nei Rotterdam wie tige wolkom en de dei dêrop wie ik wer yn Anloo. De neisimmertún lei der noch altiten like fleurich by, de stilte yn it bosk wie noch altiten alderheislikst, de tuorrebouten by it Anlooër Diepje stiene noch altiten fier rjochtop en de hûn noch like sljocht: as wie ik nea fuort west.


Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *