Goed petear mei deputearre Sietske Poepjes
Op 7 septimber hawwe Ammerins, Reina en Willem mei de deputearre fan kultuer en mei Esther Rodenhuis praten oer in tal saken. De wichtichste twa punten wienen ús plan foar bettere honorearring en promoasje en ús fersyk foar in heger ‘boekjiersubsydzje’.
Plan honorearring en promoasje
Foar wa’t de meast aktuele ferzje fan it plan nochris neilêze wol: it is te finen op ús reachside.
Oer dit plan hawwe fan ’t maitiid twa ekstra gearkomsten mei leden west, en wy hawwe as bestjoer in tal suggestjes meinommen yn it plan. Jimme krigen dêr earder berjocht fan.
De provinsje is it folslein iens mei ús advys (A) oan de leden foar minimum-bedragen, dy’t foar optredens, publikaasjes en sa yn rekkening brocht wurde kinne. De Provinsje sil sels nea minder betelje. Hja sille as Provinsje der ek op oanstean dat organisaasjes dy’t mei provinsjale subsydzje wurkje, skriuw(st)ers hjirneffens útbetelje.
Ek ús foarnimmen (B) kin op har ynstimming rekkenje. Dat giet derom dat skriuwers, dy’t mei útjouwers (dy’t provinsjale subsydzje brûke) in boek útbringe, by publikaasje fan it boek fuort 50% fan de mooglik te heljen royaltys útbetelle krije. Spitigernôch mei soks, fanwege de besteande wetjouwing, net ferwurke wurde yn de subsydzjebetingsten. Mar de Provinsje sil by it takennen fan subsydzje oan útjouwers foar in boekútjefte, der tenei standert in oanrekommandaasje by dwaan dat dy 50% wol de bedoeling is, sjoen de swakke ekonomyske posysje fan Frysktalige skriuwers. Dit wittende, stean wy as skriuwers dochs wat sterker yn de ûnderhannelingen mei in útjouwer.
Oer ús idee (C) foar “ekstra promoasje en in passende beleanning” wienen hja tige te sprekken. Eins wie it iennichste ferskilpunt ús winsk om it foar 10 jier ôf te praten. De Provinsje kin net fierder gean as 2 jier, út in tydlik budzjet dêr’t Sietske Poepjes as deputearre noch ynfloed op hawwe kin. Ankom maitiid nimt sy as deputearre ôfskied, en hja sil by de oerdracht oan har opfolg(st)er der op oanstean dat soks, by de tawizing fan de kultuerjilden foar de folgjende 4 jier troch it nije kolleezje, opnij opnommen wurdt yn de ôfspraken. Foar ús saak om goed op ’e slach te passen, en takom maitiid sa gau mooglik mei it nije kolleezje kontakt te hawwen. Slagget it allegearre, dan soe sa’n regeling meimekoar doch seis jier de kâns krije. Tiid genôch om te sjen oft en hoe’t it yn de praktyk útwurket. Folgjende stap yn dit proses: oerlis mei Boeken fan Fryslân, Afûk, Provinsje en Skriuwersbûn. Hoe sille wy hjir yn ’e praktyk mei omgean? Wat is der nedich wol BfF dit plan útfiere kinne? Wy hâlde de leden op ’e hichte. By dit alles jildt wol: Provinsjale Steaten moatte meiwurkje wolle…
Boekjiersubsydzje
Dit is it subsydzjebedrach dat it Skriuwersbûn elk jier fan de Provinsje ûntfangt. Wy pleitsje no foar it twadde jier foar in strukturele ferheging: fan € 4.000 nei € 10.000. Wolle it Bûn en har bestjoersleden de ferwachtings wier meitsje kinne dy’t der nei ús útgean, dan is in rommer budzjet in betingst. Wy tarre no yn op ús reserves en dy binne yn dit tempo yngeande 2024 sa goed as op.
De deputearre en de amtlike stêf foar kultuer fynt dit in tige ridlik fersyk. Mar… ek ditsoarte bedragen wurde foar fjouwer jier fêststeld troch Provinsjale Steaten (PS). In nij kolleezje moat aanst PS it útstel dwaan om yngeande 2024 ús jierliks subsydzje te ferheegjen. Sietske sil har opfolg(st)er it driuwende advys jaan om soks te dwaan. Wy sille fan ús kant besykje de Steateleden te beynfloedzjen. Lêzer: astû kunde hast oan ien of mear Steateleden, brûk sa’n kontakt en meld it ús. Dan kinne wy eventuele aksje koördinearje.
***
Boadskip foar de politike partijen
Op it stuit binne de partijen, dy’t oan de Steateferkiezings fan ankom maaitiid meidogge, dwaande har konsept-ferkiezingsprogramma’s op te stellen. Wy hawwe as bestjoer besletten oan de kommisjes en bestjoeren, dy’t har dêrmei dwaande hâlde, in berjocht te stjoeren mei in konsept-tekst oer it belang fan it stimulearjen fan de Fryske skriuwerij. De literatuer kaam yn fierwei de measte programma’s fan fjouwer jier ferlyn net foar. Yn de jildende kultuernota stiet ien sin oer ús as Fryske skriuwers – wy soenen net fernijend genôch wêze. Niks oer Provinsjale ferantwurdlikens op dit mêd. Dat moat oars. Der moat serieus belied foar de literatuer ta stân komme, en serieus jild foar útlutsen wurde. Mear lêzeressen, mear lêzers, mear skriuw(st)ers, dy komme der net fansels.
Sadree’t de tekst yn de rin fan wike 37 klear en omstjoerd is, pleatse wy him op ús reachside en sille der fia sosjale mediums omtinken foar freegje.
Op 29 septimber, nei alle gedachten yn Tresoar, besykje wy in moeting mei de partijen te organisearjen.
***
Wint in Frysktalige auteur oait de P.C. Hooftprijs?
Oan it Skriuwersbûn sil it net lizze… De PCHP is dè Nederlânske literêre oeuvre-priis, dy’t alle jierren útrikt wurdt, om bar foar essayistysk wurk, poëzij en proaza. Dit jier hat Arnon Grünberg de priis wûn. Takom jier giet it om essayistyk. Yn de regleminten is fêstlein dat ek Frysktalige auteurs winne kinne. Yn de 74 jier dat de priis bestiet, is dy lykwols noch nea takend oan in Fryske auteur.
Wy hawwe as Skriuwersbûn in permaninte wurkgroep ynsteld dy’t de sjuerys fan de P.C. Hooftprijs frege en net frege advys jaan sil oer geskikte Frysktalige skriuwsters, skriuwers, dichteressen en dichters. Yn dy wurkgroep sitte Hylke Tromp, Goffe Jensma, Doeke Sijens, Martsje de Jong en Inge Heslinga. Fiif tige saakkundige leden fan it Bûn. Der is in reglemint opsteld, dat te finen is op ús reachside. De earste foardracht troch dy wurkgroep sil plak fine foar de poëzij-priis, dy’t yn 2024 útrikt wurdt. Fryslân hat in protte goeie dichteressen en dichters mei in ryk oeuvre, dy’t net ûnderdogge foar Nederlânsktalige auteurs en ek ynternasjonaal de ferliking prima oankinne. Wat de essayistyk oanbelanget doare wy dat net sa selsbewust te sizzen. Sadwaande ankom jier noch gjin advys. Goffe Jensma en Willem Verf sille dizze hjerst nei foarsitster en skriuwer fan it PCHP-bestjoer ôfreizgje om de situaasje te bepraten. De earste kontakten mei dizze beide persoanen ferroannen wat stroef, wy hawwe dêr earder berjocht oer dien. Mar wy hâlde oan as storein. Jimme hearre der yn de rin fan dit seizoen mear oer.
***
Transpoesie op 26 en 27 september
Noch eefkes en Sytse Jansma sil it Frysk fertsjintwurdige op it poëzijfestival Transpoesie yn Brussel. Hâld de sosjale media en de reachside fan It Skriuwersbûn en ek Transpoesie.eu yn de gaten foar de lêste ynformaasje. Der wie praat oer in live stream, en dat soe fansels moai wêze! Sytse sels stiet de moandeis krekt nei seis oere op it poadium.
***
Skriuwerswykein op 14, 15, 16 oktober
Bliksem, wat in wurk en in spanning. It bestjoer stekt der in protte enerzjy en tiid yn. Hoe fitaal is de Fryske Skriuwerij, hoe fitaal is ús Bûn? It begjint him ôf te tekenjen dat it wykein foldwaande entûsjaste dielnimmers hawwe sil. Alle leden krije (of krigen) noch in lêste oprop. Wa’t him foar it heule wykein of foar inkele deidielen frijmeitsje kin, skromje net en kom. Foar learing, goed petearjen en foar fermeits. En doch dêrmei, sa yn de gong wei, in goede died foar de Fryske skriuwerij.
Opjaan graach foar 1 oktober!
***
FreMiBu
Eltse lêste freed fan ’e moanne binne jim fan herte wolkom by Café Wouters om by te praten en inoar te inspirearjen. De earste FreMiBu fan dit seizoen sil wêze op freed 30 septimber 2022. Fan 4 oere ôf sitte Jetske Bilker en Pier Boorsma der yn alle gefallen! In hapke ite kin fansels ek altyd.
Spesjaal foar dizze kear betellet It Skriuwersboun it earste rûntsje. Oant dan!
***
Fan de ponghâlder
Begjin oktober fynt de jierlikse winning fan ’e kontribúsje plak fia ynkasso. Leden dy’t hjir gjin tastimming foar jûn hawwe, ûntfange in rekken.