Nije bondel Eppie Dam, Omstreken, mei skilderwurk fan Johan Haanstra

Fjouwer jier lyn kaam dichter Eppie Dam út Sleat yn ‘e kunde mei wurk fan Johan Haanstra (1914-1991), de Ynskedeeske skilder dy’t yn Warns ta grutte bloei kaam.

Dam waard fuortendaliks grypt troch de frije lânskippen yn kleur, net yn it minst om’t elk stik de namme fan in Frysk plak meikrigen hie. Haanstra joech dêr de foarkar oan boppe dat al te sielleaze ‘Sûnder titel’. Net dat de skilder ea op dy plakken sels west hat. Hy plôke de nammen gewoan út it register fan it tillefoanboek en plakte se ûnder in skilderij. Wyn op de mole foar in dichter dy’t net wêrs is fan ferfrjemding. En hy begûn yn wurden oan syn eigen syktocht. It resultearre yn de bondel Omstreken, 29 twatalige gedichten by likefolle skilderijen, fraai útjûn troch Utjouwerij De Ryp.

It keunstboek wurdt op 2 oktober presintearre yn Museum Belvédère, dêr’t teffens in kabinet mei wurk fan Johan Haanstra iepene wurdt. Fan jannewaris 2021 ôf is der in grutte tentoanstelling fan Haanstra te sjen yn Villa De Bank yn Ynskedee. De konservator hat yn Warns, by de widdo fan de skilder, mar leafst fyftich wurken útsocht.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *