Oprop FeRstival

Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen?

De organisaasje fan it FeRstival wol foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.
In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:

  • Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
  • Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14/15 jier;
  • Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16/17/18 jier.

    De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht ‘Rampgebiet’ fan Paul van Dijk. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

    De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 1 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl.

PS: Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma begeliedt dit jier in skriuwgroep FeRstival. Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. De gedichten wurde ynstjoerd nei Cedin en guon dêrfan wurde honorearre mei in plakje yn de nije bondel FeRsefariaasje.

Datums: tiisdei 28 maart, 4 april, 11 april en 18 april 2023 (20.00 oere, De Gouden Leeuw, Tresoar).

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 4 maart by Sigrid Kingma, sigridkingma@gmail.com

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *