Rispinge Simmer 2024

It is no wer waar om ûnder de parasol te lizzen mei in moai boek, en dus ek wer tiid foar in Rispinge. Der binne de ôfrûne tiid wer moaie boeken útjûn, dus dy sette wy even goed yn it sintsje!

Lida Dykstra hat drok wurke oan in searje moaie berneboeken en dy binne no allegearre beskikber. De groep fan Mees Bok is in prachtige boekesearje foar begjinnende Frysk-lêzers, mei yllustraasjes fan Ina Hallemans.
De fiif boeken yn de rige binne los fan elkoar te lêzen. Neist “Pup giet te fier”, bestiet de rige út “De hut fan das”, “Knyn yn de put”, “Laam wat bist tûk” en Pas op, baarch”.

Dêrneist hat Lida noch “De groep fan Juf Pyt” skreaun, in teäterlesboek dat ek yn in Nederlânske ferzje te krijen is. Dit wie in projekt yn oparbeidzjen mei ‘Taalschatten’ fan Laurentien van Oranje.

As Fryslân fan de iene dei op de oare selsstannich wurdt, krijt de haadpersoan fan dit boek in wichtige taak. Hy wurdt de monuminteman. Hy moat foar it regear in plan meitsje foar stânbylden fan Fryske helden en sa in passende skiednis betinke foar it nije lân. Mar wa is it wurdich om in byld fan te meitsjen? En wêrom?

Monuminteman is it romandebút fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. It is in humoristyske fantasij, in spannend en in oangripend ferhaal oer identiteit en fergonklikheid yn ien.

Leit der fan dy in nij boek yn de winkel? Jou it dan troch!

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *