Op sneon 9 augustus is elk wolkom foar in noflike simmerkuier yn en troch Feanwâlden.
By de Schierstins wei sil masterferteller Douwe Kootstra ús rûnliede troch it doarp fan Theun de Vries. Ek is der in besite oan de Theun de Vries-keamer. Der is plak foar maks.
20 persoanen en foar leden fan it Skriuwersbûn is de kuier fergees.
We sette útein om 13.00 oere en nei de kuier is der noch in neisit (sa rûn 15.30 oere) mei flaubyt.
Opjaan kin fia de mail: ynfo@skriuwersbun.frl
Oant dan!