Op sneon 3 novimber 2018 wurdt by Nijkleaster yn Jorwert troch de Stifting Krúspunt in workshop organisearre foar dichters, skriuwers en oare belangstellenden.
Doel is in oantrún te jaan by it skriuwen fan sjongbere Frysktalige lieten foar in liturgyske setting.
Ynlieder is David de Jong, fan wa’t meardere teksten yn it Nije Fryske Lieteboek (útjefte Royal Jongbloed / Krúspunt 2019) opnommen binne.
Wy oefenje dizze dei aktyf yn it skriuwen fan fersen, mei Rispinge as tema.
Meardere wurkfoarmen wurde brûkt, begelieding is beskikber.
De rispinge fan dizze dei fynt in delslach yn de fesper, dy’t de dei ôfslút.
Organisator:
Stifting Krúspunt, www.kruspunt.frl, Sipke Huismans
Lokaasje: Nijkleaster, Jorwert, www.nijkleaster.frl
Opjefte: www.nijkleaster.frl
Kontaktpersoan: Tryntsje van der Veer 0610908525
Programma yn detail
09:15 Ynrin
09.30 Moarnsgebed
10.00 Wolkom en kennismakking
Sipke Huismans en Tryntsje van der Veer
10:30 Ynlieding David de Jong
11:00 Oan ’e slach
12:15 Lunsj yn It Wapen fan Baarderadiel
13:00 Kuier
14:15 Oan ’e slach
15:30 Skoft en tarieding Fesper
16:00 Fesper ‘Rispinge’
16:30 Ofsluting
Kosten: € 30,- de persoan (ynkl. kofje/tee en fegetaryske lunsj mei sop).
Binne jo dochs ferhindere? Dan kinne jo jo ôfmelde foar 1 novimber fia info@nijkleaster.nl. Wy gean der dan fanút dat wy jo bydrage foar dizze dei beskôgje meie as in gift foar Nijkleaster.
Iepenbier ferfier: De bus (93) komt troch Jorwert. It treinstasjon yn Mantgum leit op 2 kilometer fan Jorwert.