Temagearkomste ferbining literatuer en toaniel

Wy hawwe yn Fryslân in hiel rike tradysje oan teater yn ús eigen lytse taal. Frysktalich toaniel en de Fryske skriuwerij hawwe fansels in soad mei-inoar te krijen. Dochs binne de kontakten tusken teater en literatuer yn Fryslân eins behoarlik ynsidinteel: je hawwe skriuwers dy’t boeken meitsje, en je hawwe toanielskriuwers dy’t teksten leverje (of oersette) om foarstellings mei te meitsjen. Soe it net goed wêze om de rûnten fan toaniel oan de iene kant en poëzij en proaza oan de oare kant tichter mei-inoar yn kontakt te bringen?

Om dy reden wol it Skriuwersboun yn de temagearkomste fan 19 april oan dy ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer wije. De sprekkers Anja Steegstra en Tjerk Kooistra binne frege om de jûn yn te lieden fanwegen harren ekspertize op it mêd fan toaniel.

Anja Steegstra hat yn 2014 ‘Skriuwbedriuw’ oprjochte. Se skriuwt yn opdracht nij, oarspronklik toaniel en set stikken oer yn it Frysk. Fierders is se regisseur en skriuwt eigen stikken dêr’t se ek in rol yn spilet. “Ik doch alles op gefoel en brûk dêrby myn jierrenlange ûnderfining as spiler.
Tjerk Kooistra is regisseur en toanielskriuwer. Sûnt 2007 regisearret er er it iepenloftspul yn Jorwert. Ferline jier hawwe se wer in Gouden Gurbe wûn as publykspriis. Tjerk is yn alles wat er docht in autodidakt, sa seit er sels. Hy hat him alles sels oanleard en stiet sa ek iepen foar wat oaren him fertelle kinne, dêr’t er it ien en oar fan opstekke kin.

Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer (en mear literatuer op it Fryske toaniel).

Wy hoopje jo dêrom te sjen op 19 april yn it nije gebou OBE op de Aldehoustertsjerkhôf. Graach hearre wy fan jo foar 10 april fia as jo derby binne. Jou jo op troch it stjoeren fan in mail nei bestjoer@skriuwersboun.nl

Wêr? OBE (Aldehoustertsjerkhôf), dêrnei Tresoar
Wannear? 19 april 2018
Hoe let? Ynrin om 19:00 oere yn OBE en om 19:30 begjinne wy yn Tresoar

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *