Twa ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Nachtskaad’ fan Koos Tiemersma (Drachten) en ‘It lûd’ fan Tryntsje van der Steege (Nyegea).
De winnende gedichten binne ‘Hapke fan neat’ fan Benny Holtrop (De Knipe), ‘Fers om te ferjitten’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Hoe’t it liket’ fan Ypie Bakker (Achlum), ‘De winter sil yn jute sliepe’ fan Remco Kuiper (Goutum) en ‘In symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ fan Sytse Jansma (Harns).
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 69ste kear útskreaun waard, wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 33 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 7 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.