Simmer-rispinge!

It is alwer té lang lyn dat wy in oersjoch jûn hawwe fan it wurk dat ús leden de ôfrûne tiid útbrocht hawwe… En no it simmerse waar de kommende wiken benammen geskikt is om mei in moai boek of in dichtbondel ûnder in tekkentsje op ‘e bank, is it tiid om ús skriuwers wer even yn it sin te bringen!

Wês wiis mei nuvere houtsjes – Meindert Bylsma

Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd. In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken! Utjûn troch Elikser, en ek te krijen fia de websjop fan de Afûk.

te pearde – te peerdeEeltsje Hettinga

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde–Te peerde gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. Utjûn troch De Ryp/De Moanne en ek te krijen by de Afûk.

Grien Ljocht – Bennie Huisman

Nije novelle, dy’t in ferfolch is op Sanfirdo út 2019. De haadpersoan, Liuwe, krijt in nije kâns. Grypt er dy kâns? En hoe giet it mei de oare personaazjes út it boek? Yn ‘e winkel is it boek (noch) net te krijen, mar wa’t nijsgjirrich is, kin seker kontakt opnimme fia syn reachside: https://www.benniehuisman.nl/

Ien tel de ierde stil – Arjan Hut

As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen. Utjûn troch de Afûk.

Wurd för wurd för wurd – Joël Hut

Form en taal spylje yn dizze bundel in grutte rol. Se binne stjoerend för de poëzy fan Joël Hut. Wy de bundel iepenslacht, sal miskien even mei de egen knipperje, want wat deryn te lêzen falt is steld yn Súdwesthoeks Frys yn ‘e eigen spelling fan ‘e auteur. Wat dêrnei opfalt binne de minimalistise form, de bondige ferwurding en de autobiografise ynhâld fan ‘e gedichten. Hut syn poëzy is intym en brekbar, mar troch syn oanpak wurde dêrbij swirte en sentimentaliteit op oustân holden.

Utjûn troch Hispel en te krijen by de Afûk.

Hege loften – Catharina Lautenbach

It is noch even wachtsjen op dizze ferhalebondel, mar set it yn it bûsboekje! Op 18 augustus komt Hege Loften út, in bondel mei ôfwikseljend tragikomyske, realistyske of surrealistyske ferhalen. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor. Utjûn by Bornmeer.

Fuortsjefinne – André Looijenga

Fuortsjefinne: fragminten is in samling fan 44 út de gedichten skreaun yn de jierren 2013 oant en mei 2020. In part hjirfan hat earder publisearre west yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh of op de webside fan it Frysk Dichterskollektyf Rixt.

Utjûn troch Hispel en te krijen by de Afûk.


Kwek kwek minemyn. BisteferskesHindrik van der Meer

Wa ken se net: Bijke, Kees Kikkert, Flip flap flinterke… en al dy oare ûnferjitlike berneferskes dy’t Hindrik van der Meer yn ‘e rin fan de jierren makke foar de Fryske skoalradio. Yn dit boek is in samling fan de bekendste bisteferskes byelkoar brocht mei de noaten en akkoarden derby. Sjonge en spylje mar! Utjûn en te krijen by de Afûk.

Salang as it libben duorret – Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart sjokkearret en beskriuwt mei humor it minskelibben mei al syn brike en mâle kanten. De Schiffart is in skriuwer dy’t wat oandoart en is in ferteller pur sang mei in soepele styl.

Utjûn troch Hispel en te keap by de Afûk.

Covidwiksel – Sietse de Vries

In al wat âldere útjefte dy’t by de Rispinge trochsketten wie, mar seker de muoite wurdich!

Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn. Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him. Utjûn troch Bornmeer.

Verwoord in gedichten – Jan H. Woudstra

Jan Hendrik stiet mei ien skonk yn ‘e Biltske klaai en mei de oare yn ‘e Fryske Wâlden. Yn syn gedichten giet er op siik nei syn roots en syket er nei balâns. Syn gedichten ûntsteane út syn skerpsinnige opmerksumens fan deistige saken, mei ûnderwerpen as hope, ûnwennigens en ferwachting, en ek mimeringen oer it leauwe en de natuer. De Fryske gedichten jouwe it totale palet in ekstra diminsje. De bondels binne te krijen yn de bettere boekwinkel mar ek by Jan Hendrik sels te bestellen fia: inGedichten7@gmail.com

Naargelang het Noorden

Dizze brosjuere is makke op fersyk fan It Skriuwerbûn. In kommisje fan leden socht tsien Fryske dichters út dy ’t tastimming joegen foar de publikaasje fan twa fan harren gedichten yn it Frysk en yn it Nederlânsk. De titel is in Nederlânske oersetting fan de titel fan it gedicht Neiret it noarden fan Eppie Dam út 2004. Njonken Dam steane de folgjende dichters yn dizze blomlêzing: Tsead Bruinja, Nyk de Vries, Elmar Kuiper, Abe de Vries, Elske Kampen, Cornelis van der Wal, Jacobus Q. Smink, Piter Boersma, Aggie van der Meer. Fan elke dichter is ynformaasje opnommen oer libben en wurk.

Utjûn troch de Ryp en te krijen fia de Afûk.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *