In unikum yn Fryslân, Nederlân, en ek de wrâld – sa beskreau direkteur Arjen Dijkstra de Richthofenkolleksje dy’t sûnt juster offisjeel ynskreaun stiet yn it Nederlânske Memory of the World-register fan Unesco.
De Richthofenkolleksje bestiet út tsien letmidsiuwske en iermoderne rjochtshânskriften, makke tusken sa. 1350 -1600. It binne kopyen fan âldere, net bewarre bleaune rjochtshânskriften, en se steane dêrmei yn in tradysje dy ’t mooglik al weromgiet oant de alfde iuw. De ynhâld is soms sels noch âlder: guon bepalingen stamme út it earste millennium, doe ’t rjocht noch oraal oerdroegen waard. De kolleksje waard om 1800 hinne byinoar brocht troch de Ljouwerter notaris Petrus Wierdsma (1729 -1811) en yn 1858 ferwurven troch de Dútske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811 -1888 ). De Provinsjale Biblioteek fan Fryslân (rjochtsfoargonger fan Tresoar) kocht de kolleksje mei help fan in crowdfundingsaksje yn 1922 oan – eksakt in iuw lyn. De kolleksje docht tinken oan de iere, ‘ Fryske faze ’ fan de heitelânske skiednis, mar jout ek ynsjoch yn lettere politike en maatskiplike ûntwikkelingen by de hiele Waadkust del. De histoaryske en wittenskiplike wearde foar de kennis fan it midsiuwske rjochtlibben en (taal)lânskip is ûnskatber (tekst fan de Unesco-reachside).
Foar dit projekt is in soad wurk fersetten troch de ûndersyksgroep Pastei. Mear ynformaasje is ek te finen op de spesjale reachside fan Tresoar.