It hat even duorre…
It lêste ledebulletin ferskynde ein jannewaris. Yn de tuskentiid barde der in soad, mar it duorre mei in pear saken nochal even ear’t dúdlik waard hoe’t it betearde. En om no iderkear te skriuwen “Wy binne der mei dwaande”, dat jout ek gjin echte ynformaasje. Mar by de start fan it nije kulturele seizoen is der fansels wer fan alles te melden!
Skriuwerswykein
Sneon 4 novimber en snein 5 novimber is it yn Bakkefean wer safier. In ynteressant programma oer thrillers skriuwen, Fryske dichteressen, alle romte foar gesellichheid en ynformeel oerlis, in Bûnte Jûn, it Skriuwersmiel en in moarnskuier troch it hjerstgea. Meikoarten folget der in separate mail mei it komplete programma en in opjefteformulier. Men kin har of him opjaan foar it heule wykein of ien of mear ûnderdielen. Wy sitte yn in oar gebou as ferline jier – it haadgebou fan Nij Allardseach is ôfbaarnd – mar ús programma kin folslein trochgean. Dielnimmen is hartstikke aardich foar dysels, en ek in sinjaal oan de bûtenwacht en ús mei-inoar dat Fryske skriuwers elkoar wurdearje!
Set it alfêst yn it Bûsboekje!
Nij logo
It is der en wy brûke it al in pear moanne! Sels fine wy it prachtich. Op de oprop yn it foarige bulletin kaam gjin reaksje, dat wy hawwe as bestjoer in ûntwerper benadere en wy binne wiis mei de útkomst. Arjen fan Chateau Aerien hat prachtich wurk levere!
Ledegearkomste juny
Goeie sfear, prima opkomst (tige bemoedigjend foar ús as bestjoer!) en twa ûnderwerpen dy’t spesjaal omtinken krigen: it projekt ‘Alderleafste Berneboek’ fan Reina Greet en it petear mei de nije heechlearaar Frysk Arjen Versloot. Op ús reachside is net allinne in ferslach fan it húshâldlik part, mar ek in wiidweidich ferslach fan it petear mei Versloot oer de takomst fan de stúdzje Frysk te finen. Wy ha genoaten fan de persoanlike ferhalenfan de dielnimmers oer harren alderleafste berneboeken!
Versloot krige as attinsje no ris gjin blommen of boekebon, mar in doaze fol mei boeken, bondels en oare produkten fan leden fan it Skriuwersbûn. Hy wie (en is hoopje wy…) bliid mei dizze aktuele trochsneed fan de Fryske Skriuwerij.
Tank foar jimme meiwurking oan dit kado!
Ynkasso
Yn oktober wurd der wer ledejild automatysk ynkassearre. Leden dy’t gjin tastimming foar ynkasso jûn hawwe, krije in fersyk om it jild oer te meitsjen.
Transpoësie
Spitigernôch fynt dizze wike it festival Transpoësie yn Brussel plak sûnder in Fryske dichter. De oankundiging kaam te let om it allegearre noch foar inoar te krijen. Wy hoopje der kommend jier fansels wol wer by te wêzen en wy sille meikoarten oerlizze mei Rixt om hjir wat mear yn gear te wurkjen.
Oanrikkemandaasje P.C. Hooft-prijs
Mids juny koe it resultaat fan de wurkgroep oanbean wurde oan de sjuery en it stichtingsbestjoer foar dizze priis, dy’t yn maaie 2024 útrikt wurdt foar poëzij. De oanrikkemandaasje hat de foarm krigen fan in lyts boekje “Naar gelang het Noorden”, dêr’t it wurk fan tsien Fryske dichters yn presintearre wurdt. Yn Fryslân waard oan it ferskinen fan de bondel omtinken jûn op 3 july, mei in feestlike oanbieding fan it ‘earste’ eksimplaar oan deputearre Poepjes. Jimme krigen dêr in útnûging foar. It wie in sfearfolle gearkomst yn de Steateseal fan it Provinsjehûs mei sa’n tritich dielnimmers.
It boekje wurdt útjûn troch útjouwerij ‘De Ryp’. It is û.o. te keap by de Afûk. Rjochtstreeks by de útjouwer bestelle kin ek: faberhillebrand@gmail.com. It is rûnom tige posityf ûntfongen. De Ried foar de Fryske Beweging hat in part fan de produksjekosten op har nommen. Dêr binne wy fansels wiis mei.
No mar ôfwachtsje oft it effekt hat op de beslútfoarming fan de sjuery…
Tsead Bruinja is nammers lid fan dy sjuery!
De bedoeling wie dat de wurkgroep trochgean soe mei in oanrikkemandaasje foar de priis yn 2025 (foar proaza), mar dêr sjogge hja fan ôf. It bestjoer is no dwaande om leden te benaderjen foar in nije wurkgroep. Jimme hearre der noch fan!
Ôfskie Reina Greet en dus: in stoel leech oan ’e bestjoerstafel
Reina Greet Smeink-Kroadsma hat har bestjoerslidmaatskip fanwege persoanlike omstannichheden dellein. Ammerins hat har as sekretaris opfolge. Begjin july hawwe wy yn it bestjoer fan Reina ôfskie nommen, mei gedichten, kadootsjes en wat lekkers. As kollega-bestjoersleden hawwe wy grutte wurdearring foar har ynset en belutsenens. In fijne en loyale frou om mei gear te wurkjen, mei humor en mei in skerpe en krityske geast.
Wy hoopje yn de maaitiid fan 2024 jimme in opfolchster (f/m) foardrage te kinnen, by foarkar ien dy’t dwaande is yn de wrâld fan de berne- en jeugdliteratuer. Wa ’t no tinkt: ’miskien wol ik wol’, nim foaral kontakt mei ús op!
Literêr festival yn Dokkum
De Dokkumer biblioteek en boekhannel v.d. Velde organisearren op 23 septimber in literêr festival yn Dokkum. In moai inisjatyf, mei in heule trits bekende Nederlânsktalige skriuwers, mar sa goed as gjin Fryske. Allinne Nyk de Vries, twatalich, sil dêr nei alle gedachten mei Fryske tekst optrede. It Skriuwersbûn stjoerde in brief, dat dizze ûnderwurdearring fan de Fryske literatuer in grutte teloarstelling foar ús is. Benammen de Byb hat in maatskiplike ferantwurdlikens om de Fryske literatuer te befoarderjen. Wy krigen in koart skriuwen werom. Ús brief en de reaksje fan de Byb binne werom te finen op ús reachside: www.skriuwersbun.frl.
Plan honorearring en promoasje
Lykas earder yn Bulletins beskreaun, wie Sietske Poepjes entûsjast oer it plan foar promoasje fan Fryske Boeken, sa as dat it Skriuwersbûn dat yn it foarjier fan ’22 ûntwikkele hat. Mei har as deputearre, mei ‘Boeken fan Fryslân/Afûk’ en it Skriuwersbûn waarden wy it iens oer in proef foar de kommende twa jier mei dit plan. Sietske ferwachte dat se fan Deputearre Steaten ynstimming krije soe foar dizze proef. Dat is lykwols net slagge. Yn de lêste gearkomste fan it ‘âlde’ kolleezje fan DS waard it plan ôfwiisd, ta Sietske har grutte teloarstelling. En net allinne harres: BfF, de amtlike ôfdieling Frysk en wy hienen in protte tiid stutsen yn de planûntwikkeling.
It bestjoer lit lykwols de moedfearren net hingje.
Wy sille it oarspronklike plan, en dan benammen it diel oer de promoasje, opnij beskriuwe, beprate mei amtners en BfF en dan besykje de nije Deputearre- en Steaten te oertsjûgjen fan de needsaak fan dizze oanpak. Wy as auteurs kinne en wolle boeken en bondels skriuwe, oersette, Fryske ferhalen en gedichten meitsje, mar om dat fol te hâlden binne mear lêzers nedich. En dy komme der net sûnder systematyske promoasje. Wol it Frysk as kultuertaal oerlibje, dan kin dat net sûnder skreaun en lêzen Frysk. Sjoch ek it punt oer kontakt mei de Provinsjale polityk.
Mear boekjiersubsydzje (struktureel subsydzje) foar it Skriuwersbûn…
Ek wat dit oanbelanget wie Sietske Poepjes oertsjûge fan de needsaak ús provinsjaal subsydzje te ferheegjen fan € 4.000 jiers nei € 10.000. Hja woe dat foar twa jier tasizze, mei in oanbefelling foar har opfolchster om dit struktureel te krijen. Lykwols: ek yn dizze gedachte koe sy de oare kolleezjeleden net meikrije. Tanksij ús beskieden reserve kinne wy as Bûn noch in jier of twa foarút, mar dan wurdt it noedlik. Ek wat dit oanbelanget: sjoch it hjirnei folgjende punt.
Kontakt mei it nije kolleezje fan DS
Wy hawwe in nije deputearre foar kultuer, Sijbe Knol fan de FNP, en in nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts fan de BBB. De Fryske literatuer is sawol taalpolityk as kultuerpolityk. As bestjoer wolle wy dêrom graach kontakt hâlde mei beide. Wy skreaunen in brief oer de tema’s dy’t wy fan belang fine om mei harren te bepraten. It parseberjocht dat wy publisearren oer dat brief is oan ’e ein fan dit bulletin te finen. It komplete skriuwen is fansels te lêzen op en te delladen fan www.skriuwersbun.frl.
Freedtemiddeisbuorrel
De FreMiBu, it ynformele treffen fan Skriuwersbûnleden yn Kafee Wouters, foar it stasjon oer yn Ljouwert, begjint stadichoan mear dielnimmers te krijen. Mar ek mei seis of sân minsken is it al heul gesellich! Byprate, elkoar ynspirearje, wat goedmoedich rabje oer de Fryske skriuwerij, wat is der nofliker? Wês wolkom op eltse lêste freed fan ‘e moanne. De earstfolgjende is op 29 septimber fan in oer as 16.30 ôf.
Rispinge
Is der nij wurk ferskynd fan dyn hân? Lit it ús foaral witte. Wy diele it graach mei alle leden (en de bûtenwrâld!) fia ús reachside. Stjoer in pakkende beskriuwing nei ús e-mail: ynfo@skriuwersbun.frl.
No, sa earst mar wer. Jimme sjogge: in nij seizoen en wy geane der as bestjoer wer mei nije moed yn. En fansels tidigje wy op jimme stipe!
*******
Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske Polityk
It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk hjirfoar hat. Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ‘n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne 15 jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren. Sûnder nij inisjatyf om romans, oersettings en dichtbondels ûnder omtinken fan it publyk te bringen, kin it neffens it Bûn net. It Bûn hat konkrete ideeën hjiroer, dêr’t de eardere deputearre Poepjes entûsjast oer wie. Mar sy koe it foarige kolleezje net waarm krije foar mear ynset.
It Bûn freget de nije deputearren Eke Folkerts (taal) en Sijbe Knol (kultuer) om oerlis yn de kommende wiken. Sjoch ek de taheakke brief en de bylage dêrby.