De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North. De útrikking sil plakfine ûnder de dan jildende koroanamaatregels.
Jan Popkema (1942) is frisist en nearlandikus. Hy wurke ûnder oare by de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk yn Ljouwert en wie leksikograaf by de Fryske Akademy. Dêrneist hat er literêr wurk fan bygelyks Gysbert Japicx oerset en Fryske learmiddels skreaun. De Fryske oersetting fan Das Parfum ferskynde yn 2018 by útjouwer Regaad.
De advyskommisje fan de dr. Obe Postmapriis bestie út Cees van Mourik (foarsitter), Cilla Geurtsen en Rein Smilde. De kommisje skriuwt oer It parfum: “Men fielt de emoasje, rûkt de stank, mar ek it ferskaat oan roken en men sit yn ‘e holle fan de moardner fan Marianne. In hiel rike oersetting en in prachtige prestaasje!“
Das Parfum
Das Parfum is it ferneamdste boek fan Patrick Süskind (1949). It Frysk is de 55ste taal dêr’t it boek yn oerset is. It giet oer de massamoardner Jean-Baptiste Grenouille, dy’t it ultime parfum gearstalle wol. It ferhaal spilet him ôf yn it Frânske ryk fan de achttjinde iuw, dêr’t it stjonkt. Hy bedarret yn de parfumery en leart dêr parfum te meitsjen. Hy hat sels gjin lichemsrook, mar de rook fan jonge froulju fassinearret him. Hy fermoardet har en mei help fan parfumerytechniken nimt er harren lichemsrook ôf en makket dêrmei, it yn syn eagen, perfekte parfum.
Utrikking yn gearwurking mei Explore the North
De priis wurdt troch deputearre Sietske Poepjes útrikt op 19 novimber yn gearwurking mei festival Explore the North. De priis bestiet út in bedrach fan €2.000 en in oarkonde. Yn ferbân mei de koroanamaatregels kin der mar in beheind tal minsken by de útrikking oanwêzich wêze. Der sil in livestream beskikber wêze.
Oer de priis
De dr. Obe Postmapriis 2020 is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk út it tiidrek 2016 – 2019. De provinsjale literêre priis wurdt útrikt út namme fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje fan de priis is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk. Mear ynformaasje oer de priis stiet op webside oer de provinsjale prizen fan de provinsje.