Werprintinge Bartele Bûse fan Berber van der Geest

Bartele Bûse ferskynde foar it earst yn 1988 en is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019) en yllustrearre troch Laura Tietjens.
 
Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skilderet Skelte him foar: oer kening Klomsk fan Kjeldmanië, dy’t altyd sa kâld as in kikkert is; oer de piperwynske prippunêze, dy’t elkenien mar stekke wol; oer Stookstokke Styntsje en de krintekakkers fan Knyphuzen. Mar ek fan de fiif rôvers op Fiifrôvershoek wol Bartele alles witte. Hy harket mei sân pear earen …

Berber van der Geest (Ljouwert, 19 febrewaris 1938 – Boalsert, 28 maaie 2019) wie beukerjuf/ûnderwizeresse op in skoalle yn Ljouwert, en dichteresse, toanielskriuwster en skriuwster fan ûnder oaren berneboeken en lietteksten. Neist har wurk studearre se troch en helle se akten foar tekenjen en Frysk. Van der Geest hat ferskate prizen wûn, wêrûnder de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis en de earste priis fan de Berneboekesjuery, in priis dy’t har takend waard troch Fryske skoalbern. Ynspiraasje foar har berneboeken fûn Berber van der Geest foaral yn de klasse, yn it kontakt mei de bern, foar har ‘it moaiste stik minske dat der is’. Se kreëarre yn har boeken in wrâld dêr’t plak is foar bern om bern te wêzen en dêr’t romte is foar har fantasy.
 
Laura Tietjens is keunstner en wennet yn Barcelona, Spanje. Se hat ferskate groeps- en solotentoanstellingen hân yn de wrald. Tietjens yllustrearre sa’n 60 berneboeken yn de Fryske, Nederlânske en Turkse taal, dêr’t Bartele Bûse ien fan har favoriten fan is.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *