Oprop oan dichters, skriuwers, taalkeunstners, muzikanten en performers

Graach bringe wy jo op ‘e hichte fan ‘e neikommende oprop, dy’t dien wurdt troch de noardlike filmargiven en Lân fan Taal. Lit jo ynspirearje troch bysûnder filmmateriaal om dêrnei mei in plan te kommen foar in koarte live performance.

http://friesfilmarchief.nl/nieuws/oproep-aan-dichters-schrijvers-taalkunstenaars-muzikanten-en-performers/
Facebooktwittermail

Skriuwer Steven H.P. de Jong ferstoarn

“By libben hat er neist syn oandiel yn it ûnderwiis in grutte bydrage levere oan de Fryske literatuer.” Skriuwer Steven H.P. de Jong is freed op 83 jierrige leeftiid yn Burgum ferstoarn. De Jong sette him yn foar de Fryske literatuer en skreau sawol yn it Frysk as it Stedsfrysk.De Jong publisearre yn syn skriuwende karriêre meardere dichtbundels en proazawurken. Ek wie er oan it wurk as oersetter tusken it Frysk en it Nederlânsk. Sa hat er Jan Pitersoan Koen: toanielstik yn alve tafrielen oerset. Njonken syn skriuwerswurk, wie De Jong ek aktyf as learaar en redakteur fan ferskate Fryske literêre tydskriften.
Yn 1992 krige De Jong de Gysbert Japicxpriis foar syn wurk De Wuttelhaven del.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittermail

Poetry & Storytelling Festival (mei masterclass)

De earste edysje fan it Poetry & Storytelling Festival stiet yn it teken fan it yn ‘e kunde kommen mei nij wurk. Op dit nije festival krije oanstoarmjende nije skriuwers en dichters in kâns harren materiaal foar te dragen oan in entûsjast publyk. Fierders sille feteranen it poadium opstappe om nij wurk hearre te litten. Kinst yn alle gefallen harkje nei de Fryske dichters Arjan Hut en Geart Tigchelaar, fierders nei Christopher Morgan en Ria Westerhuis.

Mar! Foarôfgeand oan it festival wurdt in – fergese – masterclass jûn troch âld-Stedsdichter Arjan Hut. In tal dielnimmers meie op it festival optrede.

Sjoch foar mear ynfo op: Harmonie.nl

Facebooktwittermail

Skimersône en loftkastielen

Masterclass en dichtersoptreden by iepening Schemerzone en luchtkastelen, yn dialooch mei Escher
14 septimber om 16:00 oere, winkelsintrum Saailân, 1ste etaazje yn Ljouwert
Iepening troch VOG.
Masterclass ‘Moderne kunst en Friese dichters’ troch Bert Looper.
Foardrachten fan acht Fryske dichters: Pieteke de Boer; Janna van der Meer;  Lida Dijkstra;  Henk Nijp; Beart Oosterhaven; Marije Roorda; Remco Kuiper en Paul van Dijk.

Utstalling 14 o/m 30 septimber 12:00 – 17:00 yn winkelsintrum Saailân, 1e etaazje
Skimersône en loftkastielen, yn dialooch mei Escher
Sechstich leden fan it lanlike grafykplatfoarm VOG dogge mei oan de útstalling. Gastútstalling fan Wim Jonkman en Mirka Farabegoli. Pop-up RISO print-wurkpleats fan KNUST út Nijmegen, jout de kâns om in Riso-printer oan it wurk te sjen.

Printen fan acht Fryske dichters yn kombinaasje mei acht grafisy. Pieteke de Boer- Agnes van Genderen; Janna van der Meer – Aldrik Salverda;  Lida Dijkstra – Cecile Bank;  Henk Nijp – Cees Smit;  Beart Oosterhaven – Hilda Boer;  Marije Roorda – Jan van Dijk; Remco Kuiper – Lies Verdenius en Paul van Dijk – Mirka Farabegoli. Gearwurking tusken Vereniging voor originele Grafiek (VOG), Knust  en Tresoar.

Facebooktwittermail

Oesdrip nûmer 1, febrewaris 2018

Ut it bestjoer fan it Skriuwersboun

Yn it foarste plak winskje ik jimme in goed en ynspirearjend skriuwjier. LF2018 is los en der is in soad omtinken foar taal yn in fraai Obe-paviljoen. Wy hoopje inoar faak te moetsjen.

Wy sjogge werom op in slagge Skriuwersmiel yn desimber en ha al in datum foar dit jier fêstlein om de tradysje troch te setten.

Famyljeomstannichheden soargen derfoar dat it begjin 2018 oan myn kant wat oars rûn as oars. Dochs hat it bestjoer dizze moannen net stilsitten.

Mei de fersterking fan Geart binne wy goed útein set, hy hat de funksje fan skriuwer opkrigen en André fersoarget in algemiene taak. Johannes Beers hat syn taken dellein, lykas oankundige en dêr sille wy by de earstkommende ledegearkomste by stilstean. Wy tankje Johannes foar syn ynset de ôfrûne jierren. It bestjoer kin fierdere útwreiding brûke. Hasto ambysje dy oan te sluten, jou it troch oan ien fan ús of fia de webside. Wy sprekke dy graach oer de mooglikheden om letter de kandidatuer letter oan de leden foar te lizzen.

Yn oerlis komt der dit jier gjin spitigernôch gjin Ferhalewedstryd, mar grif al in oare mooglikheid om dyn kreatieve ideeën kwyt te kinnen. Wy sille dêr fierder berjocht oer dwaan.

As bestjoer binne wy dit jier al mei meardere ynstânsjes yn petear west. Om de kontakten waarm te hâlden en punten nei foaren te bringen, lykas ús soarch oer it fuortfallen fan it gesicht nei bûten sa as Teake Oppewal dat wie foar de Fryske literatuer. Wy besykje de belangen fan ús leden oer it fuotljocht te bringen. Ynkoarten sille wy dat ek by de Provinsje dwaan.

Dit jier hawwe wy al by de Fryske Akademy mei ynterim-direkteur Willem Smink praten oer de mooglikheden op it mêd fan de bestudearring fan ’e Letterkunde. Der hat ek in petear plakfûn mei it haad fan Boeken fan Fryslân, Ernst Bruinsma.

Ik freegje jimme omtinken foar 21 febrewaris, de dei fan de memmetaal, mei twa filmfertoanings fan Cigán yn Slieker, moarns en jûns. By de earste foarstelling is in ynlieding. Sjoch it parseberjocht en ek op http://www.eblt.nl. Yn dizze platfoarmorganisaasjes fertsjintwurdigje ik It Skriuwersboun. Prominint op de wurklist dêr stiet The Minority Safe Pack foar it behâld fan de minderheidstalen. Ha jimme al tekene?

As Skriuwersboun sille wy op 16 april in temajûn hâlde. André sil de ynhâld taljochtsje. Wolkom, ek oan yntrodusees.

Us algemiene ledegearkomste dit jier sil holden wurde op 18 oktober.

Meikoarten krije jimme in mail om de kontribúsje te foldwaan, dy’t 25 euro bliuwt.

Wiis binne wy as bestjoer mei de Tinktank, leden dy’t mei it bestjoer yn petear gean en ús ried jouwe. Wa wit moetsje wy inoar kommende freed 16 febrewaris yn Tresoar om 16:00 oere.
Fan herten wolkom!

Tryntsje van der Veer
Foarsitter en waarnimmend ponghâlder

*

Temagearkomste 19 april 2018 oer Frysk toaniel en Fryske literatuer

Wy steane der miskien net faak by stil, mar wy ha yn Fryslân in hiel rike tradysje oan toaniel yn ús eigen lytse taal. Ofrûne hjerst begelate ik in Baskyske gast-skriuwer (Eneko Aizpurua) foar ‘Oare Wurden’ en hie moaie petearen mei him wêryn’t wy Fryslân en Baskelân mei-inoar fergeliken. Yn Baskelân ha se in protte better foarinoar as by ús (ûnderwiis fansels, en
ek media), mar dogge se eins amper oan Baskysktalich teater. Dêrfoaroer binne der by ús tûzenen minsken dy’t út en troch yn it Frysk akteare, fan in ienakter yn it doarpshûs oant grut opsette iepenloftspullen.

It Frysktalige toaniel en de Fryske skriuwerij ha mei-inoar te krijen. Dochs binne de kontakten tusken teater en literatuer yn Fryslân eins fierstente ynsidinteel: je ha skriuwers dy’t boeken meitsje, en je ha toanielskriuwers dy’t teksten leverje (of oersette) om foarstellings mei te meitsjen. Soe it net goed wêze om de rûnten fan toaniel oan de iene kant en poëzij en proaza oan de oare kant tichter mei-inoar yn kontakt te bringen?

Dit foarjier wol it Skriuwersboun oan de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer in temagearkomste wije. Wy wolle sprekkers útnûgje dy’t ûnderfining ha mei skriuwen foar teater. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer (en mear literatuer op it Fryske toaniel).

De temagearkomste oer teater en literatuer is op tongersdei 19 april.
Lokaasje en tiid folgje.

André Looijenga
Algemien bestjoerslid

*

Efkes foarstelle Geart Tigchelaar, nij bestjoerslid

In jier as wat lyn haw ik in koart skoftke sit nommen yn it bestjoer fan it Skriuwersboun. Der feroaren ynienen op persoanlik mêd in soad dingen en ik soe wakker fuort op ’e fyts om in wrâldreis te ûndernimmen. Dy tocht hat úteinlik net fjouwer jier, mar fjouwer moanne duorre. Ik haw in moai aventoer belibbe, al wie ik dêrtroch wat earder op it âld stee werom as ferwachte.

Soks jout dan wer oare kânsen. Sa bin ik op ’e nij frege om as bestjoerslid fan it Skriuwersboun oan te treden. It wie de oare kears koart, lykwols hie it my goed foldien, dat ik woe no graach myn amtstermyn besykje langer te meitsjen.

Sa binne der al in soad dingen foarby kommen sûnt ik fan sa likernôch septimber ferline jier ôf meidraai. De fraach oft de foarm fan it Boun sels en as wy noch wol in taak as belangebehertiger ferfolje, waard gauwernôch posityf antwurd op jûn. Der is in brief opsteld oan Tresoar oer it weifallen fan de funksje sa’t Oppewal dy ferfolle. Ek hawwe der al ferskate petearen plakfûn, dêr’t Tryntsje oer berjochtet. De Tinktank rint en folle net genôch.

Mei’t ik skriuwer/siktaris bin, hawwe jimme grif al merkbiten dat ik mails út namme fan it bestjoer ferstjoerd haw en it behear oer de sosjale media en de webside haw. Hawwe jimme sels saken dy’t dêr op moatte soenen, dan hear ik it graach. Nije boeken, boekpresintaasjes of wat dan ek mar.

Wa’t ik noch net moete haw op foargeande byienkomsten sil ik yn ’e neie takomst grif ris mei fûstkje. Dêr sjoch ik nei út en haw der nocht oan om my yn te setten as bestjoerslid fan it Skriuwersboun!

Geart Tigchelaar
Skriuwer

Tinktank

Op de jierlikse ledegearkomste fan dit jier kaam der út ’e leden in soad nuttige ynformaasje dêr’t it bestjoer net fan op de hichte wie.

Dêr’t it bestjoer ek net fan op ’e hichte wêze koe, mei’t wy net tagong hawwe ta alle ynformaasjeboarnen. Elk wit wer oare dingen om de ienfâldige reden dat elk wer mei oare saken dwaande is en kunde hat oan oare minsken. De kwestjes dêr’t de leden mei kamen, wienen oars wol saken dêr’t it Skriuwersboun him mei dwaande heart te hâlden. Wy sille dêrom net allinnich op dy punten aksje ûndernimme, mar hienen fuortdaliks it idee om in Tinktank yn it libben te roppen. Bedoeld foar leden dy’t graach meitinke wolle, leden dy’t it bestjoer mei ynformaasje fuorje wolle dêr’t wy ús dan wer op ynsette kinne.

De earste gearkomsten fan de Tinktank hawwe wilens al plakfûn. It is perfoarst gjin eksklusive klup, elk lid dy’t him oansprutsen fielt kin him dêrby oanslute. De oankommende Tinktank is belein op 16 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar.

Skriuwersmiel

Lykas ferline jier (wurdt it in tradysje?) sieten wy wer smûk yn de pittoreske Skierstins yn Feanwâlden. It tema wie ‘Reizgjen’, dat wy hienen skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides útnûge om it ien en oar te fertellen oer syn ferbliuw yn Slovenië, dêr’t er ûnder de flagge fan Oare Wurden krektlyn twa moanne ferbleaun hat. Hy koe moai oer it lân sels fertelle en hoe’t er it ferbliuw sels ûnderfûn hie.

“’t Waar ’n psychologise roadtrip. Gaatst nadinken over dyn plak in de wereld. Je binne twee maanden alleen, dan komme der as fanself andere gedachten. Je realisere je om soa maar te sêgen je aigen bewustwezen. De rais waar ’n halve meditasy. Ik most skrivend út de gedachte komme.”

Hy lies noch in stikje foar út syn nijste boek Trekker fan Troje dat gie oer de studintetiid fan de haadpersoan, Friso, en syn broer Hero. In stik dat er eins earst net yn it boek hawwe woe, mar dat it wol helle hat. Wy koenen dêr bliid om wêze, want it wie smeudigernôch.

Nei it iten dat dik yn oarder fersoarge wie troch ’t Dûke-Lûk út Feanwâldsterwâl stieken de oare skriuwers fan wâl. De iene wie aardich langer fan stof as de oar, mar elkenien hie wat bestekliks te melden oer reizgjen yn syn wurk. Sa hat Lida Dykstra foar har boek Wenje yn in skilderij nei London west om te sjen hoe’t Alma Tadema by Regent’s Park wenne en hat se yngeand syn wurken bestudearre. Ien as Koos Tiemersma hat foar syn boek Under wetter Litouwen en in plak yn Dútslân brûkt om de ienfâldige reden dat er dêr earder west hie. Sietse de Vries relativearre it reizgjen trochdat elkenien tsjintwurdich mei it fleantúch oeral mar hinne giet en sa bydraget oan in fikse CO2-útstjit. Men kin it ek tichter by hûs sykje en yn ’e holle op reis gean. In elemint dat meardere skriuwers neamden.
It wie nijsgjirrich om te hearren hoe’t oare skriuwers it tema ferwurken yn harren eigen wurk, mar benammen ek hoe’t hja it sels ûnderfûnen. In fraach dy’t noch hingjen bleau en dêr’t wy fierder op omkôgje kinne is oft in skriuwer ek iepener stiet foar oare plakken en ûntfankliker op reis giet as oare minsken?

Facebooktwittermail

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2018

Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘In bysûndere moeting’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), ‘It weagjen fan de see’ fan Lomme Schokker (Hillegom) en ‘De ereksje fan in oar’ fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne ‘Kintsugi foar in diggelbast’ fan Paul van Dijk (Warkum) en ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’ fan Edwin de Groot (Aldehaske). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

Facebooktwittermail

Masterclass Toanielskriuwen troch en by Bouke Oldenhof yn ’t kafee Rolbrêge

De graachte om te begjinnen striele Bouke Oldenhof út ’e eagen doe’t wy by him oan ’e tafel skoden yn it suver museale kafee Rolbrêge. “Langer as in kertier praat je noait mei in kollega oer je fak.”
Twa oeren fierder wie er eins noch net útpraten, mar op it lêst moatte der oan dingen in ein breide wurde. Doe hienen wy lykwols al in bulte tips en trúks heard fan de man dy’t mear as tweintich jier fan syn skriuwen bestean kin. Hokker Fryske proazaïst of dichter kin dat ek sizze? By toanielskriuwers sit wat mear ûndernimmerskip as by oare skriuwers, is Oldenhof fan betinken. Men moat netwurkje, konneksjes mei regisseurs binne handich. As men út in houlik weirekket, moat de wrâld ek witte datst wer frijgesel bist. Sa is it ek mei proazaskriuwers of dichters dy’t mei toanielskriuwen de merk op wolle.
No kin men sizze dat wannear’t in stik opfierd is, it dien is. Lykwols binne boeken ek relatyf bywannear’t nei in toernee fan seis wiken it wurk yn ’e ramsj leit, wylst dêr tsjinoer in toanielstik in opfierperioade fan in moanne as trije, fjouwer beslacht. En guon stikken wurde alle jierren wer opfierd.

Nei dy ynlieding waard it technysker oan ’e hân fan trije punten. Toaniel as tiimsport, it dualisme en dialktysk tinken en yntinsiteit fersus tiid.
Hy holp ús ‘gewoane’ skriuwers fierder út ’e dream: “Toanielskriuwen is net sasear dialooch skriuwen.” Dat tinke de minsken faak, mar dialooch yn proaza is oars as yn toaniel. It moat mear botse, der moat altiten konflikt yn sitte.
Proazaskriuwers kinne fakentiids o sa harren lêzers foar eagen hawwe by it skriuwen. Mei toaniel skriuwst net foar it publyk, mar foar de regisseur. “Myn premjêre is de earste lêzer.” Mei’t it lykas earder sein toanielskriuwen in teamsport is, moat de regisseur oertsjûge wêze fan dyn tekst, want dy moat it ferdigenje tsjin de spilers oer. It is krekt in estafette, want nei de regisseur kriget de spiler it stokje dy’t ferfolgens foar it publyk oer stiet. Dy moat it oerbringe op it publyk, dus dy moat de tekst en it stik nei de minsken ta ferdigenje. Dêrom is de monolooch yn toaniel in hiele proazaïstyske manier fan tinken. Mei in monolooch ynterieur springst as skriuwer oer de regisseur en spilers hinne om’tst fynst dat it publyk fiele moat, watstû fynst dat se fiele moatte.
It is al earder sein,  by toaniel giet it om it konflikt, dat is wat ast ûnthâldst. Konflikt kin wêze datst twa tsjinstelde mieningen hast. Mar better is it noch as dat droegen wurdt troch twa ferskillende wrâldbylden of twa temperaminten. De haadpersoanen wurde eksposearre fia dat konflikt. Yn film en ek yn proaza giet it om tiid, mar yn toaniel om yntinsiteit. Yn proaza wurdt de tiid folle mear útstrutsen. Wannear’tst op 3/4 fan it boek in jier beskreaun hast, breidest it net ôf mei it beskriuwen fan ien dei yn it lêste fearn. Mei toaniel moat it publyk fan tel 1 ôf der BAM! fuort by wêze. En dan moatst yntinsiteit op yntinsiteit loegje om der hieltiten oerhinne te gean om de taskôgers derby te hâlden. Men leit it net as in boek oan ’e kant fan dit is wat in minder stik dat lês ik moarn wol. Dêrom ek dat it bêste toanielstik út ien sêne bestiet. Oldenhof is hast relaasjeterapeut as er wer in ferliking mei in relaasje leit. Dêr wit men nea de ein fan en sa is dat ek mei it skriuwen fan in toanielstik. It is ien rige oan opiensteapeling fan konflikten, mar de útkomst is ûnwis. Dat yn tsjinstelling ta proazaskriuwers dy’t fakentiids just nei in beskaat ein taskriuwe.
Sadwaande binne toanielskriuwers rinnende skriuwers. Oldenhof skriuwt in pear sinnen, in sêne as wat en rint dan efkes om. It is dêrom dat er ûnder it skriuwen sleatten tee drinkt om der efkes by wei, om efkes wat oars te dwaan. Om sa de yntinsiteit deryn te hâlden.

Ear’t Oldenhof ûnder it genot fan wat oars as in bakje tee of kofje eat oer de ferhaalstruktuer fertelt, jout er ús in tolvetal technyske opdrachten om de taak fan toanielskriuwers dúdlik te meitsjen.

  1. Sa effisjint en kompakt mooglik alle ynformaasje jaan.
  2. Te soargjen dat der spanning is.
  3. Ekspresje jaan, wat de skriuwer driuwt.

Nei’t wy ynwijd binne yn in tal basisstruktueren, mei útstapkes nei de Griken en wylst de wyn om it kafee rûzet en de rein tsjin ’e ruten slacht geane wy ien foar ien ôf troch deselde doar nei bûten ta, de midsimmernacht yn.

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

Facebooktwittermail