Oprop Tryater foar 1000&1 Nacht

Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?
 
De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Tryater ûndersiket de mooglikheid om 1000&1 Nacht online te meitsjen. De repetysjes binne al yn folle gong, elk út syn eigen hûs wei.
 
Tryater hat der foar keazen om it aventoer oan te gean mei ynteressearre skriuwers yn de geast fan de fertellingen fan Tûzen-en-ien-nacht.
 
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer giest werom yn de tiid. Der sille ferhalen skreaun wurde mei pinne en papier. Do komst yn in ketting fan skriuwers dy’t nei elkoar koarte ferhalen stjoere om de nacht troch te kommen. Gewoan út dyn eigen hûs wei en de postboade bringt de ferhalen rûn. De ketting fan ferhalen sirkulearje yn de moannen april en maaie. Sadree’t der in slúf mei ferhalen by dy op ’e matte leit, hast trije dagen de tiid om in ferhaal te skriuwen foar de folgjende skriuwer. En dat mei fansels yn dyn eigen memmetaal.
 
Meidwaan? Jou dy dan op foar 17 april troch in mailtsje te stjoeren nei Sytse Jansma. Kosten: in slúf en in postsegel.
 
Klik hjir foar mear ynfo oer de foarstelling.

Facebooktwittermail

Oprop gedichten FeRstival

Cedin docht de jierlikse oprop om gedichten yn te stjoeren foar FeRstival.

Wa skriuwt in fers foar de jeugd dat geskikt is om foar te dragen?
Dan kinne wy op ‘e nij in moai boekje gearstalle mei safolle mooglik nije fersen.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze. Wy ha trije skiften:

 – Starters          1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
 – Trochsetters   2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
 – Toppers           4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.

De groep Starters is de grutste, dus ha wy dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen.
De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.  

Hoe dan ek, it is in prachtige manier om jongeren yn kontakt te bringen mei hjoeddeiske poëzij.

De fergoeding is € 75 as de karkommisje in fers útkiest.

Graach bydrage(s) foar freed 15 maaie o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD Drachten óf j.bangma@cedin.nl

Facebooktwittermail

Under Hildegards tsjoen fan Piter Boersma

Hildegard van Bingen (1098-1179) wie in Dútske non en yn har tiid in grutheid. Se stifte twa kleasters, skreau fizioeneboeken, dêr’t se – yn opdracht fan God en ynjûn troch syn stim, sa’t se stelt – wrâld en kosmos, it roomske leauwe en it hâlden en dragen fan de minsken yn behannele. Se korrespondearre dêrnêst omraak mei geastliken en leken, fan heech oant leech. Yn har boeken en brieven fermoanne se de minsken en spruts se harren tagelyk ek moed yn. Se skreau kosmologyske, plantkundige en medyske ferhannelingen en komponearre geastlike lieten neffens de gregoriaanske tradysje, mar op in eigen manier. Benammen troch har genêskundige en muzikale neilittenskip is se hjoed-de-dei by in grut publyk bekend.

Piter Boersma rekke fan har yn ’e ban en lei yn in syklus fjouwerrigele gedichten syn byld fan Hildegard fêst.

withoefolle oer har is spekulaasje
feit en fiksje foarme ta in amalgaam
hildegard fan bingen is in kreaasje
ik meitsje fan har in my passende faam

Utjouwerij: Hispel

Facebooktwittermail

Eigentrieds: Amerikaanske Outlaw- en Beatpoëzij
gearstald, oerset en yn- en útlaat troch Lubbert Jan de Vries

Amerikaanske ‘ûnhillige’ en ‘net-autentike’ outlaw – en beatpoëzij.
 
Guon dichters yn dizze bondel binne wis by in grutter publyk bekend of sels wrâldferneamd. De 19e -iuwer Walt Whitman sil de ferneamdste wêze. Mar ek William Carlos Williams út it begjin fan de 20e iuw is in grutte namme krekt as Allen Ginsberg, dy’t yn de twadde helte fan de foarige iuw furoare makke. Der binne ek dichter-muzikanten by, sa as punkrocker Patty Smith en rockikoan Jim Morrisson, sjonger fan de The Doors.
 
De term ‘outlaw’ is ferbûn oan de titel fan in blomlêzing fan wurk fan underground-dichters út de perioade fuort nei de Twadde Wrâldoarloch.
 
Oersetter en gearstaller Lubbert Jan de Vries skriuwt: ‘It is poëzy dy’t men better weistopje en geheim hâlde kin. Want skreaun tsjin de oerhearskjende kultuer en oer de wiere stân fan lân en minskdom. Skreaun út de ûndergrûn wei wrottend nei de boppegrûn.’ Foar dit boek is troch Lubbert Jan de Vries in kar makke út 162 jier poëzy út de ûndergrûn troch dichters dêr’t er guon fan oantsjut as ‘wyldbern’ fan Whitman.
 
Eigentrieds is in unyk boek, ek om’t de foarmjouwing fan Jelle Post treflik op de sfear en de ynhâld oanslút.
 
Utjouwerij: Hispel

Facebooktwittermail

The challenge fan Anita Terpstra
oersetten troch Martsje de Jong

‘Wêr bin ik? Wat is dit? Wa binne jim?’ frege Jesse bang. Hy siet op in houten stoel. Syn hannen wienen fêstbûn achter syn rêch, syn ankels fêstmakke oan de spilen. Hy koe gjin kant op. Foar him stienen twa figueren yn swarte overals, de gesichten ûnwerkenber, om’t se in mûtse op hienen dy’t harren hiele holle beduts, op de eagen nei.

Jesse wurdt ûntfierd troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him om mei te dwaan oan The Challenge: in soarte fan spul wêrby’t er in oantal walchlike opdrachten útfiere moat, sa as bygelyks fiif teanneils opite. It hiele barren wurdt live útstjoerd. Wa binne de beide figueren? En wêrom ha se him pakt?

Wilens hâldt ien it trijetal yn ‘e gaten…

Utjouwerij: Elikser

Facebooktwittermail

Amarins Geveke nije haadredakteur fan de Moanne

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift de Moanne. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.
 
Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om de Moanne in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: ‘It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as de Moanne en ik wol my graach ynsette om tegearre mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar de Moanne.’

Boarne: de Moanne

De Moanne is in tagonklik, eigentiids blêd foar en oer kultuer yn Fryslân en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. Sjoch ek www.demoanne.nl.

Facebooktwittermail

Schoorstra komt mei Poëtyske Edda by minsken thús

Mei’t de presintaasje fan sneon 4 april fanwegen de koroanamaatregels net trochgiet, komt skriuwer Willem Schoorstra nei syn lêzers ta. Elkenien dy’t in eksimplaar fan de Poëtyske Edda ha wol, kin dat by him oanjaan troch in berjochtsje mei namme en adres te stjoeren. It boek wurdt dan persoanlik troch Schoorstra by harren thúsbesoarge.

It boek wurdt mei moffen oan oerlange by it rút of by de doar, betelje kin mei in mei foly ôfdutsen pinapparaat. Kontant kin ek, mar dan mei past jild yn in slúf. Wa’t in sinjearre eksimplaar hawwe wol, moat dat yn it berjocht mei namme en adres der efkes by sette.

Sjoch ek op Willem Schoorstra syn Facebookside.

Facebooktwittermail

Frysk Deiblêd siket nei poëzy en keunst om treast, ferbining en hope te jaan

Foto: Geart Tigchelaar

Doe’t dichter Eppie Dam hearde dat yn Italië en Spanje de folkslieten fan ‘e balkons ôf songen waarden, ynspirearre him dat ta syn ‘minskeliet’ dat it Frysk Deiblêd juster publisearre. Yn neifolging dêrfan wol it Deiblêd de kommende tiid mear romte jaan oan gedichten, skilderijen en oare keunstuterings dêr’t yn ‘e taal fan keunsten wurden mei fûn wurde ta treast en ferbining of foar hope, eangst en oare gefoelens om de koronakrisis hinne.

Sa wol de krante in poadium biede oan keunstners yn kultureel stille tiden. Mar ek jo as lêzer binne wolkom om jo poëzy, of (foto’s fan) jo tekenings en oare kreäasjes yn te stjoeren fia cultuur@frieschdagblad.nl. Graach ûnder fermelding fan jo namme en telefoannûmer.

Facebooktwittermail