Hanneke de Jong – It ferbeane boek

Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei ’t sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kín er it net of wól er it net? Fedde fynt lêzen stom, en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei inslot derop. As Fedde it besjen sil, komt buorman krekt yn ’e keamer en ropt dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean! En krekt dát boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?

Op itselde momint slacht de doar ticht en heart er Feyza roppen. ‘Fedde! Doe die deur open!’ Se bûnzet op ’e doar.Fedde hat allinnich each foar it boek dat út himsels iepenfalt. It boek begjint o sa te skodzjen en te triljen. Hy moat it mei beide hannen beethâlde om it net glippe te litten. ‘Fedde, zeg wat! Wat gebeurt daar allemaal?’Mar Fedde kin gjin antwurd jaan. It is as sûcht it boek him op, as in ûnbidich grutte stofsûger. Hy wurdt der bang fan en pipet: ‘Help, Feyza, help!’

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

Oprop foar poëzyfilmkes foar de Grutte Gedichtejûn op 5 febrewaris

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre. De poëzyjûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021. Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moat, der net in te lange ynlieding op it gedicht holden wurdt en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.

Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.
 
It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.

Facebooktwittermail

Oprop foar de Skriuwersarke

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932 – 2001) wer beskikber wêze sil foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthuis yn Bergen, NH beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2021 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2021 net slagje om plak te krijen, ek yn 2022 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Foto: Geart Tigchelaar
Facebooktwittermail

Bertus Mulder – Fersen foar Fokje: Syklus fan Piter Jelles Troelstra

Yn de simmer fan 1881 krige de jonge Piter Jelles Troelstra ferkearing mei de boeredochter Fokje Frânses Pasma fan Westermar. Doe’t er studint waard yn Grins, moast dat oer wêze neffens de famylje Troelstra.

Yn njoggentjin fersen fan Piter Jelles fynt men dêrfan de delslach. De fersen foar Fokje beskriuwe syn jongfeinte lok en lijen. ‘De leafde foel as simmerrein m’yn ’t hert,’ skriuwt er. De opgong, de twifel, de hope op better as de ferkearing in jier tusken heakjes set wurdt, de ferstille wanhoop en mankelikens komme allegear werom yn dizze syklus.

Bertus Mulder (It Hearrenfean, 1949) studearre arbeidssosjology, wie dosint sosjale skiednis en promovearre yn 1991 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is auteur fan de boeken De jonge Piter Jelles, Jaap Nieuwenhuize ─ Onstuimig en onvervaard en De nazi’s te slim af zijn.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

Jan Popkema nimt dr. Obe Postmapriis yn ûntfangst

Deputearre Sietske Poepjes lange hjoed de dr. Obe Postmapriis oan Jan Popkema oer. De útrikking wie fan ’t jier troch de koroanamaatregels oars as gewoanwei. Jan Popkema krige de priis thús yn Burgum foar de Fryske oersetting fan it boek Das Parfum (It parfum). De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde.

Der sil letter, takom jier, omtinken jûn wurde oan ‘e priiswinner en it aspekt fan literêr oersetten. Sjoch foar mear ynfo op Sirkwy.

Facebooktwittermail

Durk van der Ploeg beneamd ta earelid fan it Boun

Op 12 novimber 2020 lange ynterim-foarsitter fan It Skriuwersboun, Geart Tigchelaar, de oarkonde oer oan skriuwer Durk van der Ploeg ta eare fan syn 90ste jierdei en syn mânske oeuvre. Dêrby waard Van der Ploeg tagelyk beneamd ta earelid fan It Skriuwersboun.
Harkje en sjoch nei de útrikking en de laudatio mei ûndersteand filmke.

 

Facebooktwittermail

Podcastrige ‘Boekekast’ set útein mei Hilda Talsma

Foto: Omrop Frysllân

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers hawwe spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de earste ôflevering is it ferhaal ‘Old school’ fan Hilda Talsma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.

Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. De oanbelangjende skriuwers binne: Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Piter Boersma, Geart Tigchelaar, Jetske Bilker, Jaap Krol, Lida Dykstra en Thys Wadman.

Beharkje it ferhaal fan Hilda Talsma en it fraachpetear op de webside fan Omrop Fryslân.

Facebooktwittermail

Lange koartproazajûn fan ‘e baan

Foto: Geart Tigchelaar

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin.
 
Ut de 39 ynstjoerings hat de sjuery, besteande út Nyk de Vries, Gerbrich de Jong en Anne Feddema, fjirtjin winnende ferhalen útkeazen. De sân alderbêsten soenen sawol op 27 novimber yn De bogt fen Guné te Frjentsjer foardroegen wurde as yn it sechsde nûmer fan Ensafh ferskine. De oare sân soenen allinnich foardroegen wurde. No’t fanwegen de koroanamaatregels de Lange koartproazajûn net trochgean kin, hat de redaksje besletten om alle fjirtjin ferhalen yn it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier ôf te printsjen. It hat kâns dat nei’t koroana it lân út is der socht wurdt nei in nije datum om dochs noch de koarte ferhalen it poadium te bieden dat se fertsjinje.

Facebooktwittermail