Frysk debút Tialda Hoogeveen foar LêsNo

Dizze moanne giet de sânde edysje fan Lês no fan start. Tialda Hoogeveen hat dizze kear it boek skreaun dat brûkt wurdt foar dit lêsbefoarderingsprojekt foar de middelbere skoallen.

Wurden fan Timo

Wurden fan Timo is it Fryske debút fan Tialda Hoogeveen dy’t earder Nederlânske boeken as De geur van hooi en Oerstoer skreau. It boek is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat Nanne vmbo-eksamen dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou, freonskip en ferbining troch muzyk. Omdat muzyk sa’n belangryk ûnderdiel is yn it ferhaal, is der soundtrack makke by it boek. It liet ‘In your light’ fan Jon Allen, is troch Jelle Bangma oerset nei ‘Yn dyn ljocht’ en ynsongen troch Lotte Broersma dy’t troch har heit Sytse Broersma begelaat wurdt op gitaar.

LêsNo

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend boek yn kombinaasje mei oare media, sa as in dramasearje, in vlog of in game. It tal dielnimmers oan LêsNo is groeid fan 1.896 learlingen en 13 skoallen yn 2015 oant 3200 learlingen en 29 skoallen yn 2020. Wurden fan Timo is yn in rekordoantal oanfrege troch de skoallen, sa’n 4000 learlingen sille it boek lêze.

Mear witte

Mear ynfo en de opsje om it earste haadstik te lêzen fynst hjir: lesno.nl/wurden-fan-timo-2021. It boek is te keap yn de losse ferkeap fia de Afûk.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *