Goeie ferhalen meie altyd wer op ‘e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.
Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.
Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT har earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân, Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen dy’t hja op it poadium bringe mei in einoptreden.
Dichterskollektyf RIXT bestiet sûnt 2018 en hjoed-de-dei binne der mear as fyftich dielnimmende dichters oansletten mei elk harren eigen lûd en styl, in unikum foar Fryslân en de Fryske literatuer. It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk by de dichters fan it kollektyf om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en op te treden.
Krektlyn hat it dichterskollektyf ek al mei-inoar oan poëzy skreaun, mei de goed ûntfongen ‘Rigel fan Rink’. In wike lang hawwe op ’e Skriuwersarke RIXT-dichters wurke oan it trochjougedicht, ‘De bui’. Allyksa sille de njoggen RIXT-dielnimmers en seis eilândichters by Waailân mei-inoar poëzy kreëarje. Dat dogge sy troch ynspiraasje fan inoar en fan de omjouwing. Edwin de Groot, foarsitter fan it kollektyf, sil it barren yn goede banen liede.
De dichters sille harren resultaten fan Waailân foardrage ûnder in mienskiplik optreden op sneontejûn, 12 septimber. Dat optreden sil plakhawwe op de Folkshegeskoalle en om 20:30 oere begjinne. Tagong is fergees, mar fanwegen de feiligheidsmaatregels moat der rekken holden wurde mei beheind plak. Nei ôfrin sille de gedichten en in fideo fan it optreden publisearre wurde op de webside fan RIXT, www.rixt.frl, sadat de poëzy fan Waailân teffens digitaal tagonklik is.
It Skriuwerswykein ‘Waailân: dichters op it eilân’ wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân, Tresoar en de Folkshegeskoalle Skylgeralân.
De kraak van de kluis fynt plak op sneon 26 septimber fan 19:43 oere ôf. Besikers dy’t in kaartsje keapje, kinne de produksje yn harren eigen hûs belibje. Hja wurde oanmoedige om dat mei in âldere of krekt in jongere generaasje te dwaan (fan 13 jier ôf). De kraak van de kluis wurdt makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. It is as ien fan de pear produksjes fan dit betinkingsjier oerein bleaun.
Teatrale thúsbelibbing De kraak van de kluis is oars as ‘normaal’ teater. Fanwegen de koroanamaatregels is de produksje oer in oare boech smiten. Skriuwer Hein Jaap Hilarides bewurke syn skript en regisseur Sjoeke-Marije Wallendal ûntwurp in belibbing foar by minsken thús. De thúsbelibbing hat yngrediïnten dy’t alle sintugen oansprekke.
It ferhaal en de spilers De kraak van de kluis is in ferhaal oer ferset, ferried en leafde. In groep fersetsstriders ûntfrjemde yn 1943 it befolkingsregister út ‘e klûs fan it gemeentehûs fan it Bilt yn Sint-Anne. Hja woenen foarkomme dat jonge manlju nei Dútslân stjoerd wurde koenen. Dy heldhaftige died moasten se lykwols djoer betelje.
Romke Gabe Draaijer fertolket de rol fan fersetsheld Lolle Rondaan út Bitgum. Riek, syn Amsterdamske ferloofde, wurdt spile troch Eline de Vries. De oare rollen wurde ynfolle troch akteurs as Theo Smedes, Marieke Swart, Frans Michael Verhagen, Jitze Grijpstra, Rienk Nicolai, Eke Born en oaren.
Kaartsjes binne te keap fia www.dekraakvandekluis.nl
Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.
Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.
Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga fan Hitsum moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.
Sipke de Schiffart publisearre earder de suksesfolle ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen en dêrnei de noch suksesfollere dichtbondel Oan dy tinke – leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje.
In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!
Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.
Foar elk doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnûgje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.
It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:
29 en 30 augustus: Marsum 5 en 6 septimber: Jorwert 12 en 13 septimber: Koarnjum 19 en 20 septimber: Feanwâlden 26 en 27 septimber: Wommels 3 en 4 oktober: Eastermar 10 en 11 oktober: Wikel 17 en 18 oktober: Reduzum 24 en 25 oktober: Kollum 31 oktober en 1 novimber: Winaam
Koroanaproof It gelok fan Fryslân is koroanaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM. Der is in beheind tal plakken beskikber de foarstelling.
Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. De belutsen partijen binne ta dat beslút kaam yn ferbân mei it noch hieltyd oanwêzige koroanafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardelmeterregel net nei te kommen. Boppedat steane der ferskate sutelaksjes yn in perioade fan in pear wiken op it programma wat de kâns op fersprieding fan it firus troch de provinsje reëel makket.
Yn oerlis mei Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân, is besletten dat by it trochgean litten fan de sutelaksjes dit jier it risiko te grut is. Hooplik kin takom jier al betiid begûn wurde mei de ferkeapaksjes om de skea fan dit jier yn te heljen. De doarpen en ferienings dy’t fan ’t jier meidwaan soenen, mar ek alle oaren dy’t belangstelling hawwe, wurde fan herten útnûge om harren mei nije data te melden.
De sutelaksje mei Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt de ôfrûne jierren troch stadichoan mear ferienings yn doarpen troch hiel Fryslân organisearre. It ferlies fan 2020 as suteljier is foar de dielnimmende ferienings in finansjele strop, sy krije oars 25% fan de omset.
Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei kollega-dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.
Yn ’e oanrin op de presintaasje wurdt op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.
De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn earste roman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Hjoed (01-08-2020) in wiidweidich artikel yn it Frysk Deiblêd, skreaun troch Jan Ybema, oer de takomst fan de Fryske roman. Hy hie ûnder oaren in petear mei Meindert Reitsma en ynterim-foarsitter Geart Tigchelaar. Wat tinkt jo hokker kant oft it út giet of moat?
It ûntbleatsjen fan it stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean wurdt troch de Jongfryske Mienskip út protest oerdien op 15 augustus om 10:30 yn ‘e Tsjerkestrjitte op It Hearrenfean.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.