Tinktank oer Ljouwert UNESCO City of Literature op 10 maaie om 16:00 oere

Op 25 april wie de twadde gearkomste oangeande it sammeljen fan ideeën foar it kommen ta de oanfraach foar Ljouwert UNESCO City of Literature. Alle ynformaasje foar it bidbook moat 1 juny by inoar brocht wêze en op 30 juny sil it bidbook ynstjoerd wurde. By beide gearkomsten hawwe bestjoersleden fan It Skriuwersboun west. Wy binne troch de koördinator Ernst Bruinsma nûge mei te tinken oer twa konkrete fragen:

  1. It ynrjochtsjen fan in Skriuwersresidinsje (ek foar ynternasjonale skriuwers)
  2. Hoe kinne wy de literatuer letterlik mear sichtber meitsje

Wy wolle dat dwaan fia in Tinktank op freed 10 maaie fan 16-18 oere yn Tresoar (Gysbert Japicxseal) en tidigje op jimme komst!

Facebooktwittermail

Tekening Nearnewâld fan Laurens Bontes yn Tresoar

De tekening dy’t Laurens Bontes makke hat foar it jubileumboek hinget no yn ‘e Gysbert Japicxseal yn Tresoar, sadat no elkenien it pronkje sjen kin!
Leden fan it Boun koenen in personaazje út ‘e tekening kieze om dêr in ferhaal of gedicht oer te skriuwen. Alle ynstjoerings wurde bondele yn in jubileumboek, want it Boun bestiet dit jier fyftich jier!

Facebooktwittermail

Dichterspaad Aldegea fan nije gedichten foarsjoen

Dichterspaad Aldegea hie koartby in oprop dien oan dichters om wurk te skriuwen foar de 18 poëzypanielen dy’t hja by in kuierpaad fan 25 kilometer hawwe te stean. Dat hat fertuten dien, want alle panielen binne no wer foarsjoen fan nije gedichten, yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. It moaie waar komt der wer oan, dat it wurdt tiid om de kuierskuon wer fan souder te heljen en nei yn ‘e omkriten fan Aldegea it wurk fan mannich dichter te lêzen.

Mear ynformaasje fine jo op Dichterspaad Aldegea.

Foto makke by de iepening fan it Dichterspaad
Facebooktwittermail

Fiifhûndertste útjefte fan ‘e KFFB

Sneon 6 april belibbe de KFFB de Fryske boekeklub in hichtepunt yn syn 85-jierrich bestean: doe waard nammentlik de fiifhûndertste útjefte presintearre: Foar dy 20 bibelferhalen.

Dy presintaasje wie yn de IJsherberg yn Dokkum. Jong en âld kaam dêr op ôf. Fansels ek om՚t gûchelder Minze Dijksma mei in optreden dit feest ekstra opfleure. Mar earst wie der in wolkomstwurd fan de foarsitter fan de KFFB, Johannes Bakker. Dêrnei fertelde skriuwer/skathâlder Mynke Hoekstra it ien en oar oer it ta stân kommen fan dit projekt.

Foar dy 20 bibelferhalen is ornearre is foar de jongste bern. Om út foar te lêzen of om sels út te lêzen. De Dokkumer skriuwer Anders M. Rozendal hat de koarte ferhalen skreaun en yllustratrise Wendela Kluitenberg fan It Hearrenfean hat dêr prachtige en kleurige yllustraasjes by makke. ‘In útjefte dêr՚t de KFFB tige wiis mei is,՚ sa einige Mynke Hoekstra har taspraak en rikte dêrnei de earste eksimplaren oan de yllustratrise en de skriuwer út. Wendela Kluitenberg fertelde oer de ferskate kontakten en gearwurking mei Anders Rozendal en ek oer de stipe, gearwurking en it meitinken fan de minsken fan drukkerij Douma. ‘Dat wie hiel bysûnder. En fansels hoopje ik dat dizze bernebibel in soad lêzen en besjoen wurde sil.՚

Yn it skoft en nei ôfrin wie der de mooglikheid om de bibel te keapjen. De oanwêzigen makken dêr graach gebrûk fan. Fansels leit Foar dy 20 bibelferhalen yn ՚e boekhannels, mar hy kin ek streekrjocht by de KFFB besteld wurde:
tel. 0519 320838 e-mailadres: boekeklub@kffb.nl

Facebooktwittermail

Foarlêswedstryd Simkes stimke

Op 10 april 2019 organisearret it Simke Kloostermanlien ûnder alle skoallen yn Achtkarspelen in foarlêswedstryd foar learlingen út groep 7 en 8. Dêrmei wolle hja bern op in spannende manier yn de kunde bringe mei Fryske berneboeken.
Dielnimmende bern kieze in fragmint tusken de 300 en 800 wurden om foar te lêzen út ien fan de Fryske berneboeken. It boek meie learlingen hielendal sels útkieze. De skoalle organisearret in eigen foarrûnde of seleksje fan dielnimmers, as dat winske is mei stipe fan de SKL-sjuery. De bêste foarlêzers (maksimaal 4 de skoalle) kinne troch nei de foardrachtskriich dy’t op 10 april 2019 om 15:30 yn De Bining yn Twizel holden wurdt. Heiten, memmen, de hiele klasse en oar publyk is fan herte wolkom. Der is in moaie priis foar de trije bêste foarlêzers, mei dêrby de eare om op 17 maaie op de Simke Kloostermanpriisútrikking sels út it winnende boek foar te lêzen.

Facebooktwittermail

Tomkes foarlêsfeest winner fan de Kloostermanpriis

It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en
Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019, sa makket it Simke Kloostermanlien bekend. It winnende boek is útkaam yn 2016 ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har boek Yn piama de dyk oer.
De sjuery, besteande út Sytske Eringa, Geart Tigchelaar en Gerbrich van der Meer,
is unanym yn syn oardiel. It oanwizen fan dit boek as winner, sa seit de sjuery, is tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt, in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei kin de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.

De Simke Kloostermanpriis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000
euro, sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde troch de hjoeddeiske Dichter des Vaderlands, de Fryske Amsterdammer Tsead Bruinja, yn ’e Petrustsjerke yn Twizel. Foar dizze trettjinde edysje fan de Simke Kloostermanpriis sil de orizjinele oarkonde makke wurde troch keunstner Lolkje van der Kooi út Marrum.

Foto: It Skriuwersboun
Facebooktwittermail

Twatalige blomlêzing Piter Jelles Troelstra

Op 28 maart is yn Tresoar de twatalige blomlêzing Mijn harp is voor jou mei fersen fan Piter Jelles Troelstra (1860-1930) presintearre. Abe de Vries hat de blomlêzing gearstald, de gedichten oerset en in ynlieding skreaun by it wurk fan Troelstra. Earder wiene wol guon gedichten fan Troelstra oerset nei it Nederlânsk, mar no is der ek in blomlêzing foar hannen.
 
By de presintaasje fersoarge Abe de Vries in lêzing oer Troelstra en de Fryske literatuer om 1880 hinne, mei as titel ‘De fredesfunksje fan de jonge Troelstra’ en ûndertitel ‘Fryske literatuer om it kanteljier 1880 hinne’. Dy lêzing is hjir te lêzen. It earste eksimplaar waard dêrnei oanbean oan Piet Hagen, dy’t yn 2010 in biografy oer Troelstra publisearre. Syn tankwurd is hjir te lêzen. Skriuwer en muzikant Bennie Huisman song oan de ein noch in pear lieten fan Troelstra.

Foto: Haye Bijlstra
Foto: Haye Bijlstra
Facebooktwittermail

Tinktank oer ferfolch Proaza op 12 april om 16:00 oere

Wy wolle graach in ferfolch jaan oan de foarige Tintank Proaza fan 1 febrewaris 2019. It risseltaat fan dy Tinktank wie in lange list mei tema’s/oandachtspunten (sjoch ferslach Tintank Proaza dat earder omstjoerd is). Wy wolle no besykje út dy lange list in tal te behappen prioriteiten te heljen, leafst mei al sa konkreet mooglike stappen dêroan ferbûn. Dat om derfoar te soargjen dat de Wurkgroep Proaza earst oan de slach kin mei dy dingen dy’t we mei ús allen it wichtichst fine. It soe dan ek moai wêze as dy wurkgroep út mear as twa persoanen bestiet.

Graach sjogge wy jimme man- en froumachtich op 12 april yn Tresoar om 16:00 oere.

Facebooktwittermail