Frysk boekebal

Op sneon 2 maart is de ôftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. Hy skreau it Fryske boekewikegeskink Rosmos datst de hiele moanne maart kado krigest by oankeap fan € 12,50 oan boeken. Dizze jûn  op it programma: fansels de útrikking fan it earste eksimplaar fan it kadoboek Rosmos oan deputearre Sietske Poepjes. Fierder master tattoeëarder Rinto dy’t smoute ferhalen fertelt en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille. Kom del, it is gratis! Ynrin fan 20.00 oere ôf, start programma om 20.30 oere. Lokaasje: Neushoorn, Ruiterskwartier 41 yn Ljouwert.

Facebooktwittermail

De takomst fan ‘e frisistyk yn Nederlân: Sympoasium

It liket net goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk.

Wa’t de frisistyk – de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde – fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan sa’n fjirtich, fyftich jier lyn, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechlearen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol VU as UvA), Utert en Leien. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich.

Mar op dit stuit binne der gjin bysûndere heechleararen Frysk mear en is de frisistyk oan de RUG en UvA ûnderbrocht yn bredere programma’s. It resultaat is dat de universitêre frisistyk yn Nederlân net allinnich sterk ynkrompen is, mar ek dat der in opfolgingsprobleem ûntstien is. By de Fryske Akademy is ûndertusken it aksint ferskood nei skiednis en sosjolingwistyk. Der binne gjin jonge frisisten mear mei in fêste oanstelling op dat ynstitút.

It tal faktydskriften is lytser wurden en it útwikseljen fan ideeën en oparbeidzjen yn projekten tusken Amsterdam, Grins, Ljouwert en Leien mei gjin namme ha. De útwikseling fan dosinten en studinten tusken Grins en Kiel is stilfallen.

Om koart te kriemen, it liket net al te goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk. Libbet de frisistyk noch of is dy dissipline in ûnbrûkber wurden erfstik út in noch net sa fier ferline? Is der wol plak foar sa’n lyts fak, no’t opliedingen hieltiid mear studinten hawwe moatte om oerlibje te kinnen? En is der (noch) genôch politike wil om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?

Trije heechleararen frisistyk, universitêre dosinten en minsken út it fjild sille foar it buordsje. De dei wurdt ôfsletten mei in rûnetafelpetear tusken Geart de Vries (HSL) en in ferskaat fan eksperts waans miening fan grut belang is, lykas beliedsamtners fan de provinsje Fryslân, fertsjinwurdigers fan de Frysktalige mienskip, HBO-dosinten en in taalkundige fan it Meertens Instituut.

Datum, tiid en plak
Freed 29 maart 2019, 10.30-16.00 oere. Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlde

Tagong en opjefte
Meidwaan oan it sympoasium is fergees. Graach yn it foar – foar 25 maart – opjaan fia baly@fryske-akademy.nl (y.f.m. sealkapasiteit en lunsjfoarsjenning)

Mear ynformaasje oer it programma folget ynkoarten.

It sympoasium wurdt organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins (SFFYRUG) yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Facebooktwittermail

D.A. Tammingapriis 2019

It bestjoer fan de Stifting FLMD, behearder fan it Tamminga-Piebenga Fûns, kent dit jier wer in D.A. Tammingapriis ta, diskear foar proazadebuten. It is de twadde kear, yn 2014 waard de earste proazadebutepriis útrikt oan Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke.

Proazadebuten – romans of ferhalebondels – dy’t ferskynd binne tusken 1 jannewaris 2014 en 1 jannewaris 2019 komme foar de priis – €3000 grut – yn oanmerking. In sjuery besteande út Alian Akkermans, Sjoerd Bottema en Jannie van der Kloet beoardielet de rispinge.

Utjouwers of skriuwers dy’t yn boppeneamd tiidrek in debút útbrocht hawwe en gading meitsje wolle, wurdt frege fjouwer eksimplaren te stjoeren oan Stifting FLMD, p.a. Tresoar, y.h.f. Lysbert Bonnema, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert, of postbus 2637 8901 AC Ljouwert.

De priisútrikking sil wêze op freed 21 juny 2019.

Facebooktwittermail

Polityk moetet Literatuer

In moanne foardat de provinsjale ferkiezings plakfine grypt It Skriuwersboun de kâns oan om in jûn te organisearjen mei fiif listlûkers om sa mei-inoar yn petear te kommen. Yn it kultuerbelied dat krektlyn ferskynde, is de literatuer behoarlik oan ’e krapperein kommen. Om dy reden wolle wy de politisy de skientme fan ’e literatuer meijaan en harren fergje om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.
Ommers, wat is de Fryske taal sûnder in bloeiende literatuer?
 
 Op 14 febrewaris ferwolkomje wy jimme om 18:30 oere mei sop en bôle yn Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert) en om 19:30 oere set it program útein. Elkenien is wolkom en tagong is fergees. Mei it each op de ketering wol graach opjaan foar 7 febrewaris by bestjoer@skriuwersboun.nl

Programma

  • Listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)
  • Fragen en diskusje mei it publyk (petearlieder Willem Verf)
  • Foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra
  • Kollum fan Douwe Kootstra
  • Muzyk fan Rob Faltin en Truus de Vries
  • Neisit mei in hapke en in drankje
Facebooktwittermail

Sjueryleden Gysbert Japicxpriis beneamd

Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra en Atte Jongstra binne troch Deputearre Steaten beneamd as sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis 2019. De priis wurdt fan ’t hjerst yn de Martinitsjerke fan Boalsert útrikt.
 
De Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer wurdt troch de provinsje ienris yn de twa jier útrikt. It iene jier foar proaza en de oare kear foar poëzy. Yn 2019 beoardielet de sjuery Fryske proaza út it tiidrek 2015 – 2018. De sjueryleden binne frege as sjuerylid om harren kennis en kunde, elk mei in oar perspektyf. De sjuery bringt in advys út oan Deputearre Steaten oer de winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Grytsje Schaaf
Grytsje Schaaf is arsjitekt, dichter en keunstner. Se studearre arsjitektuer yn Delft en wurket as dosint Boukunde by NHL Stenden. Se publisearret geregeld har gedichten en jout foardrachten, wêrby’t se har poëzy gauris kombinearret mei klanklânskippen en performance. De ôfrûne jierren wurke se mei ferskate keunstners, dichters en muzikanten yn it kollektyf Tsjinlûd.
 
Houkje Rijpstra
Houkje Rijpstra is algemien direkteur fan de Vereniging Circulair Friesland. Boppedat is se lid fan de Ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy en Sport Fryslân. Yn 2004 hat se op de Rijksuniversiteit Groningen de master Fryske taal- en Letterkunde helle. Houkje Rijpstra wie fan 2006 oant 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel.
 
Atte Jongstra
Atte Jongstra is in skriuwer en essayist en dêrneist resinsint foar NRC Handelsblad. Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei De Multatulianen. Foar syn ferhalebondel De psychologie van de zwavel krige hy in 1989 de Geertjan Lubberhuizenprijs. Yn 1998 waard him foar syn essaybundel Familieportret de J. Greshoffprijs takend. Yn 2016 waard him de Constantijn Huygensprijs takend.

Facebooktwittermail

Oersetwedstriid It Boun en Dichter fan Fryslân

It Skriuwersboun hat yn ‘e mande mei Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, in oersetwedstriid útskreaun om te kommen ta de bêste Nederlânske oersetting fan Hettinga syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.

DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

Bekendmakking
De bekendmakking fan de bêste Nederlânsktalige oersetting is op sneon 30 maart op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.
De bêste oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en €250,00. De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: info@dichterfanfryslan.nl o/m snein 24 maart. De ynstjoeringen wurde anonym trochstjoerd nei de sjuery.

Sjuery
Marleen Nagtegaal is skriuwster, redakteur en literatuerprogrammeur foar festival Explore the North yn Ljouwert. Sy studearre cum laude ôf oan de RuG as literatuerwittenskipper. Yn 2016 publisearre sy de ferhalebondel Onthoofde man op vuilnisbelt.

Joost Oomen (1990) is dichter en skriuwer. Hy stie û.o. op it poadium by Crossing Border, Lowlands en op it Gedichtenbal. Op it stuit wurket er oan syn debútroman en oan in tredde dichtbondel. Yn 2019 ferskynt syn chapbook yn oersetting by de Italiaanske útjouwerij Tunué.

Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt It Font dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum. Fan 2017 – 2019 is er Dichter fan Fryslân.

Sjoch ek op Dichter fan Fryslân.

Facebooktwittermail

Oprop foar de Jan Ritskes Poëzynacht yn Twizel

Op freed 31 maaie 2019 organisearret Stichting Keunstkrite Twizel foar de fyfde kear in Jan Ritskes Poëzynacht yn Twizel.

Dit lytsskalige barren fynt om de twa jier plak yn ‘e tún fan it Simke Kloostermanhûs. It biedt in poadium foar benammen Frysktalige dichters út ‘e regio en jong talint.

Hoewol’t de list fan dielnimmende dichters wilens aardich groeid is, is de Stichting altiten op syk nei nije gesichten. Fandêr dizze oprop ta dielname.

Der stiet in (lytse) fergoeding tsjinoer. Ofhinklik fan it tal dielnimmers giet it om optredens fan op syn heechst 30 minuten (almeast 3 x 10 minuten).

Mail of belje mei Hetty Combs:
06-16480635
info@keunstkrite.nl

Facebooktwittermail

Poëzijmiddei yn Koudum op 17 febrewaris

De mienskiplike galeryen yn Koudum – Het Beeldhouwcentrum, Galery Kunst in Beweging, Galery Lytse Skientme, Galery 13 Manen – organisearje mei it Lunch Atelier Koudum lykas ferline jier in poëzijmiddei yn ‘e Haadstrjitte. Yn lytse groepen kuierje de dielnimmers fan galery nei galery. Yn alle galeryen sil poëzije te hearren wêze en/of muzyk makke wurde.

De fiertaal is sawol Frysk as Nederlânsk. Yn neifolging fan ‘e Nationale Poëzieweek is it sintrale tema ‘frijheid’. It programma start yn it Beeldhouwcentrum, dêr’t belangstellenden ûntfongen wurde mei kofje en tee. Oanslutend lêst Ytsje Hettinga dêr gedichten foar. Dêrnei geane de besikers nei de oare galeryen, elk mei har eigen program.

Yn Galery Lytse Skientme trede it trio Laaghangend Fruit en de dichter Paul van Dijk op. Van Dijk publisearre yn 2018 syn goed ûntfongen debútbondel Famke fan snie, dêr’t er sûnder mis út foarlêze sil. Der wurdt grute dat Paul van Dijk ek Thys Wadman op sello meinimme sil.

Yn Galery Kunst in Beweging beljochtet Connie Harkema de dichterlike frijheid en soarget Anneke Piersma foar it Frysktalige part. Yn Galerie 13 Manen draacht Gerda Veldman gedichten foar en sjongt Sjoukje van der Land Fryske lietsjes.

Ta beslút is der yn it Lunch-Atelier in ferrassende neisit.

Kosten: € 10 (ynklusyf kofje/tee by oanfang en hapke en drankje nei oanrin)
Tiidstip: Sneintemiddei 17 febrewaris fan 14:00 oant 17:00 oere
Oanmelde: Fóár 13 febrewaris fia galerielytseskientme@gmail.com

Foto: Ella van der Meer
Facebooktwittermail