De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip – Lida Dykstra

Koartby binne der twa boeken fan Lida Dykstra ferskynd.

De earste is ‘De huodsjes fan Mata-Hari’ mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert. Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. 
En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

Utjouwerij: Wijdemeer

De twadde is ‘De Weddenskip’, mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen. Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken.
De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne…

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Stikel en it koartste paad nei Lange Prins – Janneke de Boer

Tusken beareklau en blebberbei ferfeelt Stikel him te pletter. Oant de postdo in keninklik kefert delbringt. Stikel laket as er de útnûging lêst en ropt bliid: ‘Ik mei op it feest fan Lange Prins komme!’ Help de stikelbaarch in hantsje en sykje tegearre it koartste paad nei Lange Prins.

Yn it printeboek Stikel en it koartste paad nei Lange Prins kombinearret Janneke de Boer proaza en poëzij mei in eigen wize fan yllustrearjen. Boppedat hat it, fansels, in ferrassend fleurich ein.

O, wat it koartste paad dan is, fregesto? Sykje it glêzen skuontsje; it koartste paad nei éltse prins!
Uitgever: uitgeverij Louise

Facebooktwittermail

Pykje Fjouwer – Lida Dijkstra

Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan ‘e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.
Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Ina Hallemans

​Bestel Pykje Fjouwer fia de Afuk Webshop of boekhannel Paagman

Facebooktwittermail

Ho Wu en Misty Mac – Aggie van der Meer

De twa sakelju Ho Wu en Misty Mac binne net protagonist en antagonist, net inoar syn love-interest, side-kick of kontagonist. Se steane net yn in hoeder-beskermeling ferhâlding, se binne gjin sibben, gjin yntime partners yn in húslike situaasje, en ek gjin profesjonele partners yn in saaklike relaasje. Mar as diade, de meast stabile, want ommers mar twamansgroep yn de omfiemjende sosjale struktuer, behâlde de twa yn de ûnmeilydsume wrâld foarby merk en steat har maksimale sosjale hannelingsromte.

​Bestel fia Utjouwerij Grotesk

Facebooktwittermail

En dêr marsjearje ik hinne – Meindert Bijlsma

Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa’n lyts mantsje, dy’t op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden.

​Bestel En dêr marsjearje ik hinne by boekhannel Donner

Utjouwerij Elikser

Facebooktwittermail

Reade snie en swarte hagelstiennen

Fan jongsôf hie myn eks – it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it ferlingde fan it aartsreptyl, ús heit – in heel goed kontakt mei ús dochter. Ik minder. Sa’t ik net mei ús mem opsjitte koe, omdat se in sloof en in trut wie, sa hie myn dochter altyd rûzje mei my. Doe’t se opgroeide. Se fûn har heit ynteressant, want dat wie in skilder. Ik wie yn har eagen helendal neat.

Josse de Haan hat mei dizze novelle in nij sjenre oan syn al breed literêr palet tafoege: in alternative boerestedsroman yn monoloochfoarm.

​Bestel Reade snie en swarte hagelstiennen op hebban.nl of        Utjouwerij Elikser

Facebooktwittermail

Wenje yn in skilderij – Lida Dijkstra

Laurence is de dochter fan de skilder Lawrence Alma-Tadema (1836 – 1912).

Sy wennet mei har âlden, suske Anna, juf, it personiel en de hûn Brio yn in grut en bysûnder Hûs yn Londen en fertelt yn dit boek hoe’t it is om de dochter fan in ferneamde keunstner te wêzen.

​Bestelle fia: Utjouwerij Wijdemeer

Facebooktwittermail