Oftraap Fryske Boekewike 2021 live op telefyzje by Omrop Fryslân

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 sil op sneontejûn 6 maart live útstjoerd wurde op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert. Dit jier binne te gast: de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma en de skriuwster fan it nasjonale boekewikegeskink Hanna Bervoets. De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. De Boekewike fynt plak fan 6 oant en mei 14 maart.

Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrige skriuwersjubileum en is frege om it Fryske kadoboek foar de Boekewike te skriuwen, dat fergees te krijen is by de oankeap fan in boek. Yn gearwurking mei it CPNB wurdt ek it nasjonale boekewikegeskink, dit jier skreaun troch Hanna Bervoets, útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting.

De útstjoering begjint om 20:00 oere.

Mei de live-útstjoering wol de organisaasje omtinken freegje foar it Fryske boek, om sa lêzers en boekhannels yn Fryslân yn ’e mjitte te kommen. De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en kultureel moetingsplak De Westerkerk yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies. Yn ferbân mei de koroanamaatregels binne der dit jier gjin kaarten te krijen foar de ôftraap fan de Fryske Boekewike.

Oftraap Fryske Boekewike 2020 yn Westertsjerke – Lucas Kemper
Facebooktwittermail

Lockdownleafde fan Hilda Talsma is Kadoboek ’21

Fergees by oankeap fan in boek yn de Fryske Boekewike fan 6 oant en mei 14 maart

Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma it prachtige en aktuele Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan in boek.


Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.

Fryske Boekewikegeskink 2021
It Fryske Boekewikegeskink fan 2021, skreaun troch Hilde Talsma
Hilda Talsma – foto Siska Kroondijk

Hilda Talsma (1971) is in skriuwster mei in flotte pinne, dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

Facebooktwittermail

Ynternasjonale Memmetaledei op 21 febrewaris

De lêste jierren fiert it EBLT Ynternasjonale Memmetaledei by Filmhûs Slieker mei films en dokumintêres makke foar, oer en/of troch ferskate taalminderheden. Yn 2021 komt it oars, mei’t wy de kommende tiid noch net by-inoar komme kinne. Dêrom wol it EBLT dit jier digitaal omtinken jaan oan dizze bysûndere dei, mei it ynisjatyf fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD).

It NPLD en har leden diele op 21 febrewaris in kompilaasjefilm mei sprutsen kulturiele uterings yn minderheidstalen. In foarbyld dêrfan is de Bertsolaritza yn it Baskysk. Dat is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. Yn kulturiel jier 2018 krige it in Fryske wjergader, bartelje. It EBLT lit it barteljen oer oan de Basken, harren ynstjoering is poëzij mei muzyk en byld mei in fideo fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries.

It tema foar Memmetaledei 2021 is ‘meartaligens ûnderhâlde foar ynklúzje yn edukaasje en mienskip’ (fostering multilingualism for inclusion in education and society). Sûnt 2000 wurdt de Ynternasjonale Memmetaledei fierd om beide it ferskaat oan taal en kultuer en meartali-gens te befoarderjen.

Foar mear ynformaasje sjoch de websiden fan it NPLD en it EBLT.

Facebooktwittermail

Online-kursus ‘Proaza skriuwe’

In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal.

Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan?

Yn dizze kursus ‘proazaskriuwen online’ fan Tresoar krije de kursisten fia Meet troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.

Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane  thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.

Feedback fan de kursusliedster giet ek oer de mail. Wa’t derneist ferlet hat fan feedback fan de oare kursisten kin dat oanjaan. Fragen fan kursisten oer de stof wurde per mail of – as it kin – online behannele.

It foardiel fan dizze kursus online is dat elk, oft men in ferhaal of in hiele roman skriuwe wol, meidwaan kin, trochdat elk persoanlike begelieding per mail krijt.

De kursussen binne op moandeitejûn fan 20.30 oere oant 21.30 oere, en wurde jûn yn it Frysk.

Jetske Bilker (1960) is ôfstudearre yn Literatuerwittenskip, skriuwt proaza sûnt 1988, wie proaza-kritikus en publisearre fjouwer romans en in ferhalebondel.

Ynformaasje

  • De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza
  • 6 jûnen
  • Data: moandei 1 maart, 15 maart, 29 maart, 12 april, 26 april maaie en woansdei 26 maaie
  • Tiid 20.30 – 21.30 oere
  • Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
  • Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo
  • Opjefte foar 1 april by ynfo@tresoar.nl
  • Kosten € 80,00. Dat bedrach graach oermeitsje op NL15 RABO 0127 5942 64 fan Tresoar, ûnder fermelding fan: Skriuwkursus Proaza
  • De fier- en skriuwtaal is Frysk
  • It minimale oantal dielnimmers is 5.
  • Tresoar organisearret dizze kursus

Facebooktwittermail

Toanielskriuwkursus ‘Dyn earste ienakter’

Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in toanielskriuwkursus yn gearwurking mei KeunstwurkSTAF en St.U.F.T.

Yn de online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlike feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.

Geskikt as ferfolch op de toanielskriuwkursus ‘Je eigen stem vinden’ dy’t yn oktober begûn is by Keunstwurk. Mei de help fan útienrinnende skriuwoefeningen giest by dy kursus op ’e syk nei dyn eigen stim as toanielskriuwer.

Oanmelde
Oanmelde kin oant moandei 8 maart 2021 by Keunstwurk. Oan dizze kursus kinne maksimaal 7 persoanen dielnimme.

Praktyske ynformaasje
Data: Moandei 15 & 29 maart, 12 & 26 april, 17 & 31 maaie 2021
Tiid: Fan 20.00 oant 21.00 oere
Lokaasje: Online
Kosten: 180 euro
Taal: Nederlânsk en Frysk
Maksimaal oantal dielnimmers: 7
Oanmelde: Kin oant 8 maart 2021 by Keunstwurk

Oer dosint: Wessel de Vries
Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en skriuwt senario’s foar films. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep), mar ek dêrbûten (KASKO/Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring, dêr’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroane ‘Drie mensen vinden een auto’ mei makke.

De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde kenmerke troch humor en fantasy en behannelje in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa skreau er û.o. oer trije bruorren dy’t it hûs net út doarre (‘Schiettent’, 2016), syn favorite fuotbalklup (‘Het Heilige Hert van Cambuur’, 2018) en oer kampingbewenners dy’t sykje nei it paradys (‘Part time Paradise’, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in aaklik tsjerkhôf (‘De Klok en het Meisje’, 2018).

Dyn earste publikaasje?
Der is yn it amateurteater in soad ferlet fan nije ienakters. Wa’t dat wol, kin syn ôfrûne stik foardrage litte oan Utjouwerij St.U.F.T. (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel). Sy jouwe alle jierren ferskate ienakters út en sykje altyd nei nij talint. It stik sil dan yn it Frysk útjûn wurde (oarspronklik of oerset).

Facebooktwittermail

Rely-priisfraach wer los

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk be kroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 Nijmegen 1952) hie yn syn testamin t bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk
Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.

Facebooktwittermail

Frysk debút Tialda Hoogeveen foar LêsNo

Dizze moanne giet de sânde edysje fan Lês no fan start. Tialda Hoogeveen hat dizze kear it boek skreaun dat brûkt wurdt foar dit lêsbefoarderingsprojekt foar de middelbere skoallen.

Wurden fan Timo

Wurden fan Timo is it Fryske debút fan Tialda Hoogeveen dy’t earder Nederlânske boeken as De geur van hooi en Oerstoer skreau. It boek is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat Nanne vmbo-eksamen dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou, freonskip en ferbining troch muzyk. Omdat muzyk sa’n belangryk ûnderdiel is yn it ferhaal, is der soundtrack makke by it boek. It liet ‘In your light’ fan Jon Allen, is troch Jelle Bangma oerset nei ‘Yn dyn ljocht’ en ynsongen troch Lotte Broersma dy’t troch har heit Sytse Broersma begelaat wurdt op gitaar.

LêsNo

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend boek yn kombinaasje mei oare media, sa as in dramasearje, in vlog of in game. It tal dielnimmers oan LêsNo is groeid fan 1.896 learlingen en 13 skoallen yn 2015 oant 3200 learlingen en 29 skoallen yn 2020. Wurden fan Timo is yn in rekordoantal oanfrege troch de skoallen, sa’n 4000 learlingen sille it boek lêze.

Mear witte

Mear ynfo en de opsje om it earste haadstik te lêzen fynst hjir: lesno.nl/wurden-fan-timo-2021. It boek is te keap yn de losse ferkeap fia de Afûk.

Facebooktwittermail

Direksjewikseling by Tresoar

Bert Looper hat oanjûn dat hy yn de rin fan 2021 ophâlde wol as direkteur fan Tresoar.
Nei in sollisitaasjeproseduere fan de nije direkteur sil Bert Looper oant syn pensjoen ein 2022 as algemien meiwurker fan Tresoar syn enerzjy ynsette op in oantal spesifike taken.

Bert Looper waard yn 2007 de twadde direkteur fan Tresoar. Yn de ôfrûne fjirtjin jier hat hy him sterk makke om de nammebekendheid fan Tresoar yn en bûten de provinsje te fergrutsjen. Dêrnjonken hat hy in soad enerzjy stutsen yn it op in fernijende wize presintearjen fan de Fryske literatuer troch ferbiningen te lizzen mei oare keunstfoarmen. De lêste jierren wie dit benammen te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Ek hat Bert Looper in soad lêzingen jûn en yn ferskate media publisearre hy oer keunst, literatuer, skiednis en identiteit fan Fryslân.

It bestjoer fan Tresoar sil meikoarten in sollisitaasjeproseduere foar in nije direkteur opstarte. Oant de nije direkteur begûn is, sil Bert Looper yn syn âlde funksje fan direkteur wurksum bliuwe. 

Facebooktwittermail

Nije poëzyfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre

Still út De Vries syn foarige fideo.

Op snein 20 desimber giet der wer in nije poëzijfideo yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne dêrnei ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

Facebooktwittermail

Oprop lêsgroep boeken Trinus Riemersma

Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Yn syn wurk boartet Riemersma gauris mei perspektiven; yn syn mearlagige romans bewiist er syn sterke komposysjefermogen. Dêrneist beskikt er oer in apart satirysk talint en oer in ferfrissende humor. Syn sterke, sobere styl hat er stadichoan útbouwe kinnen ta in mearsidich ynstrumint. Hy wit op in oarspronklike wize de tematyk te konkretisearjen, lykas yn De Reade Bwarre, dêr’t de minsklike geast lokalisearre wurdt yn de kloaten fan de boarre.

Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein. It giet om saken as tematyk en styl, mar ek de fraach wêrom’t in boek dy wol of net oansprekt. De jûnen wurde laat troch Doeke Sijens, Babs Gezelle Meerburg  (NHL Stenden) en Meindert Reitsma (Tresoar). Doeke Sijens is dwaande mei in biografy oer Riemersma en Babs Gezelle Meerburg is promovearre op Fabryk as ‘fernijende’ roman.

Alle ynformaasje op in rychje:
– De data:
27 jannewaris: Fabryk (1964)
17 febrewaris: Minskrotten-rotminsken (1966)
17 maart: De hite simmer (1968)
21 april: De mon sûnder gesicht (1973)
19 maaie: Nei de klap (1999)
9 juny: De acht foar achten trein (2009)
– Tiid: 19.30 oant 20.30 oere.
– De jûnen wurde online holden, fia in fideoferbining (Teams). Dielnimmers krije útlis oer hoe’t de ferbining wurket.
– Elkenien kin meidwaan. Ut soarte is it needsaaklik om de boeken te lêzen. Der binne gjin kosten oan ferbûn.
– Opjaan kin foar ien, in pear of alle jûnen.
– Opjefte graach foar 20 jannewaris by Tresoar: ynfo@tresoar.nl.

Facebooktwittermail