De Skriuwersarke op ’e Feanhoop moast it fanwege it koroanafirus sûnder in offisjeel iepeningsmomint stelle. Mar de earste skriuwers hawwe der al útfanhuze.
Jan Minno Rozendal fan Grins, dy’t promovearje sil op in biografy fan Douwe Kalma (1896-1953), hat der te set west mei de earste haadstikken oer Kalma’s jongesjierren, en Siebren van der Zwaag, dwaande mei in boek oer de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken, skreau in haadstik oer de famylje Pilat, ien fan de grutste feehannelfamyljes yn Fryslân. Van der Zwaag syn mem wie in Pilat en is in efterneef fan de skriuwer en eardere eigner fan de arke Rink van der Velde (1932-2001), waans mem ek in Pilat wie.
Yn juny is de arke foar Geert Nauta fan Wergea, oant no ta bekend fan koarte ferhalen, dêr’t er in pear kear de Rely Jorritsmapriis foar krige. Hy skriuwt oan syn earste roman De Bretonske kust. Nei him komme Reina Smeink-Kroodsma, Nijbeets (skriuwt in berneboek), Carla van der Zwaag, Peins (poëzy), leden fan it dichterskollektyf Rixt, Harm Bloemhof, Harns (poëzy) en Elske Schotanus, It Hearrenfean (proaza).
Konsintrearje jo op oarspronklikens, ferdjipping en dichterlik masterskip yn ien praktyske yntinsive wykeinkursus. Jo sille de sintrale kwestjes besjen, dy’t meitsje dat jo fersen wichtich, ‘urgint’ en fassinearjend binne. Jo sille de bewiisde techniken ferkenne en oefenje om frisse, betsjoenende fersrigels te skriuwen, bekrêftige troch de eksersysjes út jo eigen wurk wei.
Yn it wykein fan 26 en 27 septimber 2020 krijt de alderearste masterclass poëzy yn ’e Fryske taal syn beslach. De doelgroep is de betûfte, effektyf publisearjende Fryske dichter: oan no ta moast dy om syn fakmanskip fierder te ûntjaan nei de rânestêd ta—no kin er nei Tresoar yn Ljouwert. It maksimum meidoggers is seis, sadat elk yndividueel en op maat krityske feedback krije kin. De treners binne twa Fryske topdichters mei gâns ûnderfining yn it lesjaan en it begelieden, Elmar Kuiper en Abe de Vries. De grutmasterkursus hat in ynteraktive workshop-foarm, dêr’t de meidoggers sels bepale wat der op ’e aginda stiet.
It oanbod omfettet ‘ekspresje’ foar ‘metoade’ oer, tinken oer it skeppingsproses (‘wat doch ik hjir eins’), rigel-ôfbrekken en oar wyt tusken de wurden, it nut fan fêste fersfoarmen, de taspiling, humor, ritme, meldij en ferbylding en it engazjearre fers. De grutmasterkursus lit de meidogger oan syn eigen dichteksperimint wurkje, ferrommet syn begryp fan keunst sadat er him bewust is fan de kontekst fan wat er docht, en begjint mei de basis en beslút mei in pittich einprojekt. De meidogger kin syn nije talinten dalik tapasse; de treners stjoere jo nei hûs mei in ‘te dwaan’-list om neitiids de fokus op jo artistike proses te hâlden. In follow-up is altyd mooglik.
Mear ynformaasje fine jo op de webside fan útjouwerij Grotesk; dêr fine jo ek de kursussyllabus. Oanmelde kin mei email ynfo@grotesk.site of tillefoan 020 693 86 31.
De stipers en partners fan de Grutmasterkursus Poëzy binne: literêr sintrum Tresoar, útjouwerij DeRyp, it Fûûns fwar it Frysk, en City of Literature Ljouwert/Provinsje Fryslân.
Doch mei
Grutmasterkursus Poëzy “..en altyd dagen en jierren..”
Tiid:
Wykein 26 – 27 septimber 2020, beide dagen 9.00 – 17.00 oere
Arjan Hut, Elmar Kuiper en Sigrid Kingma drage yn ‘e sfearfolle seal fan de Westertsjerke te Ljouwert nij wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. Wurdst (allinnich, yn duo’s of mei dyn húshâlding) om 18:00 oere ferwachte yn ‘e Westertsjerke en nimst plak oan in smûk dutsen taffeltsje yn ‘e seal. Nei in foargesetsje draacht de earste dichter foar. In lekkere pasta en in twadde foardracht folget. Nei it neigesetsje is it tiid foar de tredde foardracht. Stijn Schootstra, jonge skriuwer en akteur, begeliedt de bysûndere jûn en nei ôfrin bist fan herten wolkom om noch efkes hingjen te bliuwen foar in drankje
Oer de jûn
Yn ferbân mei de RIVM-maatregels is der plak foar mar 30 persoanen. Reservearje foarôf dyn kaarten en folje de gegevens yn, lykas hoe en mei wa ast komme wolst. Foarôfgeand oan de jûn nimme wy noch efkes kontakt mei dy op om guon praktyske saken troch te nimmen. De ynrin begjint op 12 juny om 18:00 oere. De eintiid is om 21:00 oere hinne.
Kosten en reservearjen
De kosten binne € 17,50 de persoan, jongerein oant 18 jier betellet € 12,50. Dat is ynklusyf iten. Drankjes kinst op ‘e jûn sels bestelle en mei de pin ôfrekkenje. Kaarten kinst fan moandei 1 juny ôf reservearje fia de webside fan de Westertsjerke. Wachtsje net te lang, want fol is fol!
Oer de dichters
Ald-stedsdichter en hjoeddeisk Wâlddichter Arjan Hut (1976) gie yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 nei Malta. Der waard grute dat er foar it earst sûnt 1991 bûten Ljouwert kaam. Syn ûntdekkings en ûnderfinings wjerklinke yn syn nije (fyfde) bondel Fjoertoer yn it wâld. Elmar Kuiper (1969) skriuwt Fryske en Nederlânsktalige gedichten en toanielteksten. Fierders is er byldzjend keunstner, sjonger en filmmakker. De poëzy yn syn nije bondel Wite Mûle, Swarte Molke is direkter en ek konfrontearjender as foarhinne. Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk en debutearre yn 2016 mei har dichtbondel Reade triedleas/Red wireless. Koartby liet hja har foar alve nije gedichten ynspirearje troch de alve (yn 2018 yn ‘e Fryske stêden pleatste) fonteinen.
Yn 2019 waard yn Ljouwert in konferinsje holden oer de takomst fan de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde, oftewol de frisistyk. Heech tiid, want it fak stiet al in skoftlang ûnder druk. De goedbesochte gearkomste wie organisearre troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG), yn ’e mande mei de Fryske Akademy. De lêzingen dy’t op dy gearkomste holden waarden, binne no bondele mei as titel: De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing.
Op ’e konferinsje yn 2019 kaam in grut ferskaat fan heechleararen, ûndersikers, beliedsamtners, politisy en oaren út it fjild oan it wurd. Allegearre út harren eigen dissipline wei presintearren de sprekkers harren fyzje op ’e hjoeddeistige stân fan saken en op ’e fraach: yn hokker foarm kin de frisistyk de takomst treast wêze en bliuwe? De tastân is, sa’t it lân der no hinneleit, nuodlik. It tal ûndersyksplakken en ûndersyksynstellingen dêr’t de Fryske taal- en letterkunde yn Nederlân bestudearre wurde kin, nimt hieltyd fierder ôf. Foar jonge ûndersikers is de oantreklikens fan in baan yn de frisistyk dan ek sterk fermindere. Is der eins ek noch wol genôch politike wil oanwêzich om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?
Koartlyn letten de heechleararen Frysk mei-inoar de needklok yn de parse. Yn de wurden fan Goffe Jensma, heechlearaar Frysk yn Grins: ‘In oplieding Frysk kin nergens oars op ’e wrâld te plak as yn Nederlân. Dy moat dus garandearre bliuwe, net foar in pear jier, mar foar de lange termyn.’ De SFFYRUG hopet dat de bondel helpe sil om nije kânsen te finen foar de frisistyk. Nammers, sûnder in sûn wittenskiplik fjild rekket de Fryske taal yn swier waar; dêr wiene alle oanwêzigen op ’e konferinsje it oer iens.
De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing, red. Rolf H. Bremmer Jr, Riemer Janssen en Oebele Vries. Estrikken 112. Groningen: 2020. ISBN 978-94-92052-64-3. €17,50.
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.
De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).
Foto: Geart Tigchelaar
It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 july 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.
De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. Jo krije útslach nei 1 augustus, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
Tsien jier ferlyn skeakele Koos Tiemersma, bekend fan romans as De ljedder en Einum (Gysbert Japicxpriis 2015) oer op it publisearen fan syn wurk as e-boek. Om it berikken fan dy mylpeal te fieren, stelt er no syn ferhalebondel Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar!, troch de Ljouwerter Krante útroppen ta it bêste Fryske boek fan dat jier, fergees yn sawol in Fryske as Nederlânske edysje beskikber as e-boek.
It binne ferhalen dêr’t minsken yn konfronteard wurde mei de ferrassingen dy’t it bestean yn ’t fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy’t like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy’t, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik achter komt dat neat is wat it liket. Dat lêste giet absolút ek op foar in bekende skriuwer dy’t ûnderweis nei in lêzing yn Bûtenpost kidnapt wurdt.
Om dit boek te besetten is it genôch om kontakt mei de skriuwer op te nimmen fia syn webside koostiemersma.nl. It e-boek, te lêzen op kompjûter, laptop, tablet, ipad of telefoan, wurdt jo dan mei kearende post koroanafrij oer de mail tastjoerd.
De winners fan de skriuwwedstryd fan StUFT, Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, binne hjoed bekendmakke. De winners soenen bekend makke wurde op it jubileumfeest, mar dat koe net trochgean fanwegen de koroanamaatregels.
Der binne winners yn trije kategoryen. It stik Warschau is sa’n moaie stêd fan skriuwer Sietse de Vries is it bêste stik yn de kategory ‘bêste jûnfoljende stik’. André Beeksma wûn mei Pake wol wer heit wêze yn de kategory ‘bêste ienakter’ en Aly Cnossen skreau it bêste bernestik mei har bydrage Drakebloed. Alle winnende stikken sille útjûn wurde troch StuFT. Fierder krije de winners in jildbedrach takend. De priisfraach waard útset nei oanlieding fan it 50-jierrich bestean fan StUFT.
It Oardelskonkje is in nije dichtfoarm, dy’t koartlyn yn it libben roppen is troch dichter Syds Wiersma fan Dichterskollektyf RIXT. Hy makke de ferliking dat wy hjoed-de-dei reizgers op oardel skonk wurden binne. It fers hat dêrom “oardel skonk” mei twa strofen, dêr’t de earste tsien wurden hat en de twadde fiif. Fierders is it frij oan de dichter ynfolling te jaan oan it Oardelskonkje.
Ein april nûge RIXT elkenien út om mei de foarm te wurkjen, te boartsjen en te dichtsjen. Dat hawwe minsken ek dien – en it resultaat is juster 15 maaie op de webside fan it dichterskollektyf presintearre. Dêrmei hat it kollektyf daliks 15 maaie as Oardelskonkedei útroppen. Tolve Oardelskonkjes fan de dichters Elmar Kuiper, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Yva Hokwerda, Elly de Leeuw, Inne Bilker, Simen de Jong, Henk Veenstra, Ytsje Hettinga, Dirk Geerdink, Anne Heegstra en Ypie Bakker binne op rixt.frl te lêzen.
Justermiddei hat dichter André Looijenga yn de kulturele sjoo Cultuur aan huis it gedicht ‘ús / doarp / wrâld’ foarlêzen en waard er troch Arno van der Heyden ûnderfrege oer syn literêre wurk.
Looijenga hat ‘ús / doarp / wrâld’ skreaun foar in keunstútstalling yn Oentsjerk dy’t fanwegen de koroana net trochgiet. It is in fers oer yntimiteit en jin skûlhâlden yn in grutte, wide wrâld.
Earder hawwe de dichters Tsead Bruinja en Geart Tigchelaar yn ‘e útstjoering west. Der sille de kommende tiid mear Fryske dichters yn it programma oer harren wurk fertelle en in fers foardrage.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.