Arjan Hut nije Dichter fan Fryslân
De advyskommisje fan Dichter fan Fryslân bestie dit jier út Sigrid Kingma, ôfswaaiend DfF, Céline Wierda fan Explore the North en ús bestjoerslid Ammerins Moss-de Boer. Tegearre keazen sy foar Arjan Hut as nije Dichter fan Fryslân.
Arjan Hut oer syn beneaming ta Dichter fan Fryslân: “It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr’t plak is foar twifel. In slagge gedicht sit op sa’n wize ynmekoar dat elkenien der krekt wat oars yn sjocht. Der is net ién wierheid, ién korrekte betsjutting of ién ynterpretaasje. En fierder: minder wifi, mear poetry!”
De Wûndere Leafde fan Emine en Einte – Willem Verf
Oankommende tongersdei, 9 novimber, fertelt Willem Verf oer it ta stân kommen fan syn ‘tendinsroman’ De Wûndere Leafde fan Emine en Einte. Tet Rozendal draacht lietteksten foar dy’t yn de roman in wichtich plak ynnimme. Jaap Louwes sjongt in seleksje út syn eigen repertoire.
‘De wûndere leafde fan Emine en Einte’ is Willem Verf syn achtste boek. Syn boeken binne skreaun op ‘de hûd fan de tiid’, mei in grutte belutsenheid by gewoane en tagelyk bysûndere minsken, dy’t har steande hâlde moatte yn de om harren hinne twirjende maatskippij. Hy debutearre tige suksesfol yn de jierren tachtich, wie yn de jierren njoggentich en nul (njonken syn wurk as direkteur fan wolwêzen-ynstellings) aktyf yn Provinsjale Steaten foar GrienLinks. Doe ’t er út de Steaten wie begoan er wer te skriuwen. ‘De wûndere leafde’ is in ferfolch op ‘Bûtenman en Bûtenfrou’, mar it boek lit him ek goed lêze foar wa’t de foargonger net ken.
It programma begjint 20 oere, seal iepen 19.30. Tagong oan de seal € 8, leden d’Bieb (fia d’Bieb) € 5, leden it Nut fergees (fia ’t Nut).
Noardewyn
Dit is foar elkenien in ‘must’ om te sjen! “Noardewyn” mei en oer Durk van der Ploeg!
Definitive programma Skriuwerswykein 4-5 novimber 2023
Der hat in lytse oanpassing plak fûn yn it programma. De ynlieding fan Janneke Spoelstra oer Fryske dichteressen is net op sneintemoarn, mar op sneontejûn. Miskien is dat foar guon oanlieding om har noch oan te melden. Mar ek guon dy’t gewoan by neier ynsjen dochs komme wolle: oanmelde kin oantemei tiisdei 31 oktober fia 06-46134700!
Sneon:
Fan 10 oere ôf wolkom: Kofje, tee, koeke
11 oere: Erik Betten hâldt in ynlieding oer wat in thriller is en wat der te sjen komt by it skriuwen fan in spannend boek
12.30 oere: lunsj
13.30 oere: workshop û.l.f. Erik: hoe skriuw ik sels in spannend ferhaal of gedicht
15 oere: skoft
15.30 oere: Anita Terpstra: wêrom skriuwt hja thrillers, wat is der moai oan it sjenre, wat komt der by te sjen?
17 oere: aperityf
18 oere: Skriuwersmiel
20 oere: Janneke Spoelstra oer de ynterview bondel mei Fryske dichteressen dêr’t hja oan wurket, en mei spesjaal omtinken foar it wurk fan Baukje Wytsma (ferstoarn 29-12-2022, net ynterviewd foar dizze bondel) en Aggie van der Meer (ferstoarn 12-08-2023, al ynterviewd foar dizze bondel).
21.30 : neisit
(It ûnderdiel “Bûnte Jûn” ferfalt. Mar leden dy’t al wat taret hienen of wat aardichs yn ‘t sin hawwe, krije fansels de gelegenheid dat te presintearjen!)
Snein:
7.30 oere: moarnskuier mei Jan Hendrik
9.00 – 10.30: moarnsbrochje, evaluaasje
Om 11 oere hinne: wer op hûs oan!
Tankewol!
We krigen dizze wike in berjocht fan Arjen Versloot, dat we graach mei jim diele:
“Wylst steane de boeken al lang en breed yn Amsterdam en nim ik sa út en troch ris in boek fan ‘e steapel. Ik waard by it útpakken troffen troch de tige freonlike en persoanlike wurden dy’t in soad fan jimme oan it presintsje tafoege hiene.
Ik wol jimme noch tige tankje dêrfoar en ik hoopje datst dy tank oan de kollega’s oerbringe wolst. Ik bring wylst myn kennis fan de Fryske literatuer sa wer wat op peil!
Freonlike groetnis, Arjen Versloot”
Jetske Bilker wint de Gysbert Japicxpriis
Tige grutsk binne wy as Skriuwersbûn dat ús lid Jetske Bilker dizze priis wûn hat foar har boek “Spegel en sonde”. It sjueryrapport wie frij dúdlik oer it wêrom: Yn it boek “ferbynt se op in yntrigearjende wize in suver klinyske analyze mei in flotte fertelstyl en in fine humor“.
De priis wurdt op 14 oktober útrikt yn Boalsert, en neist de eare en oarkonde krijt Jetske ek 10.000 euro as priis en 5.000 euro om it boek oersette te litten. Jetske is neist skriuwster ek in betûft oersetster, dus we binne benijd!
Winners Rely Jorritsmapriis 2023 bekind
Twa ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Nachtskaad’ fan Koos Tiemersma (Drachten) en ‘It lûd’ fan Tryntsje van der Steege (Nyegea).
De winnende gedichten binne ‘Hapke fan neat’ fan Benny Holtrop (De Knipe), ‘Fers om te ferjitten’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Hoe’t it liket’ fan Ypie Bakker (Achlum), ‘De winter sil yn jute sliepe’ fan Remco Kuiper (Goutum) en ‘In symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ fan Sytse Jansma (Harns).
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 69ste kear útskreaun waard, wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 33 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 7 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.
Presintaasje “Naar gelang het Noorden”
Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardrûgen wurde.
Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis. Yn maaie 2024 wurdt de priis takend oan in (Nederlânsktalige of Frysktalige) dichteres of dichter. “Naar gelang het Noorden” wurdt útjûn troch útjouwerij De Ryp en is fan nije wike ôf te keap.
It programma foar moandei sjocht der sa út:
- Fan 16.30 ynrin, kofje en oranjekoeke yn de besikersromte fan it provinsjehûs
- 16.45 wy ferhúzje meimekoar nei de histoaryske Steateseal
- Wolkomstwurd troch foarsitter Willem Verf fan it Skriuwersbûn
- Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
- Martsje de Jong jout út namme fan de wurkgroep in koarte presintaasje fan de ynhâld fan de brosjuere en oerlanget oanslutend it earste eksimplaar oan de Deputearre
- Reaksje fan Sietske Poepjes
- Foardracht fan twa gedichten út “Naar gelang het Noorden”
- Ôfsluting troch útjouwer Hille Faber
Wy hoopje dat in protte leden fan it Skriuwersbûn en oaren dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert ta drage dizze middei meibelibje wolle!
Myn alderleafste berneboek
Sa’t jim witte, is Reina-Greet de ôfrûne tiid drok dwaande west mei it ferwurkjen fan de reaksjes op har oprop om jim alderleafste berneboek yn te stjoeren. It hat in soad herinneringen boppe brocht by minsken, en dat wie moai om te sjen. It resultaat mei der wêze en mei grutskens dielt Reina-Greet dêrom hjir it pdf! En wa wit, komme der no noch mear dingen by jim boppe. Wy winskje jim in soad lêswille ta!