Masterclass en dichtersoptreden by iepening Schemerzone en luchtkastelen, yn dialooch mei Escher 14 septimber om 16:00 oere, winkelsintrum Saailân, 1ste etaazje yn Ljouwert Iepening troch VOG. Masterclass ‘Moderne kunst en Friese dichters’ troch Bert Looper. Foardrachten fan acht Fryske dichters: Pieteke de Boer; Janna van der Meer; Lida Dijkstra; Henk Nijp; Beart Oosterhaven; Marije Roorda; Remco Kuiper en Paul van Dijk.
Utstalling 14 o/m 30 septimber 12:00 – 17:00 yn winkelsintrum Saailân, 1e etaazje Skimersône en loftkastielen, yn dialooch mei Escher Sechstich leden fan it lanlike grafykplatfoarm VOG dogge mei oan de útstalling. Gastútstalling fan Wim Jonkman en Mirka Farabegoli. Pop-up RISO print-wurkpleats fan KNUST út Nijmegen, jout de kâns om in Riso-printer oan it wurk te sjen.
Printen fan acht Fryske dichters yn kombinaasje mei acht grafisy. Pieteke de Boer- Agnes van Genderen; Janna van der Meer – Aldrik Salverda; Lida Dijkstra – Cecile Bank; Henk Nijp – Cees Smit; Beart Oosterhaven – Hilda Boer; Marije Roorda – Jan van Dijk; Remco Kuiper – Lies Verdenius en Paul van Dijk – Mirka Farabegoli. Gearwurking tusken Vereniging voor originele Grafiek (VOG), Knust en Tresoar.
Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘In bysûndere moeting’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), ‘It weagjen fan de see’ fan Lomme Schokker (Hillegom) en ‘De ereksje fan in oar’ fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne ‘Kintsugi foar in diggelbast’ fan Paul van Dijk (Warkum) en ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’ fan Edwin de Groot (Aldehaske). Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.
De graachte om te begjinnen striele Bouke Oldenhof út ’e eagen doe’t wy by him oan ’e tafel skoden yn it suver museale kafee Rolbrêge. “Langer as in kertier praat je noait mei in kollega oer je fak.” Twa oeren fierder wie er eins noch net útpraten, mar op it lêst moatte der oan dingen in ein breide wurde. Doe hienen wy lykwols al in bulte tips en trúks heard fan de man dy’t mear as tweintich jier fan syn skriuwen bestean kin. Hokker Fryske proazaïst of dichter kin dat ek sizze? By toanielskriuwers sit wat mear ûndernimmerskip as by oare skriuwers, is Oldenhof fan betinken. Men moat netwurkje, konneksjes mei regisseurs binne handich. As men út in houlik weirekket, moat de wrâld ek witte datst wer frijgesel bist. Sa is it ek mei proazaskriuwers of dichters dy’t mei toanielskriuwen de merk op wolle. No kin men sizze dat wannear’t in stik opfierd is, it dien is. Lykwols binne boeken ek relatyf bywannear’t nei in toernee fan seis wiken it wurk yn ’e ramsj leit, wylst dêr tsjinoer in toanielstik in opfierperioade fan in moanne as trije, fjouwer beslacht. En guon stikken wurde alle jierren wer opfierd.
Nei dy ynlieding waard it technysker oan ’e hân fan trije punten. Toaniel as tiimsport, it dualisme en dialktysk tinken en yntinsiteit fersus tiid. Hy holp ús ‘gewoane’ skriuwers fierder út ’e dream: “Toanielskriuwen is net sasear dialooch skriuwen.” Dat tinke de minsken faak, mar dialooch yn proaza is oars as yn toaniel. It moat mear botse, der moat altiten konflikt yn sitte. Proazaskriuwers kinne fakentiids o sa harren lêzers foar eagen hawwe by it skriuwen. Mei toaniel skriuwst net foar it publyk, mar foar de regisseur. “Myn premjêre is de earste lêzer.” Mei’t it lykas earder sein toanielskriuwen in teamsport is, moat de regisseur oertsjûge wêze fan dyn tekst, want dy moat it ferdigenje tsjin de spilers oer. It is krekt in estafette, want nei de regisseur kriget de spiler it stokje dy’t ferfolgens foar it publyk oer stiet. Dy moat it oerbringe op it publyk, dus dy moat de tekst en it stik nei de minsken ta ferdigenje. Dêrom is de monolooch yn toaniel in hiele proazaïstyske manier fan tinken. Mei in monolooch ynterieur springst as skriuwer oer de regisseur en spilers hinne om’tst fynst dat it publyk fiele moat, watstû fynst dat se fiele moatte. It is al earder sein, by toaniel giet it om it konflikt, dat is wat ast ûnthâldst. Konflikt kin wêze datst twa tsjinstelde mieningen hast. Mar better is it noch as dat droegen wurdt troch twa ferskillende wrâldbylden of twa temperaminten. De haadpersoanen wurde eksposearre fia dat konflikt. Yn film en ek yn proaza giet it om tiid, mar yn toaniel om yntinsiteit. Yn proaza wurdt de tiid folle mear útstrutsen. Wannear’tst op 3/4 fan it boek in jier beskreaun hast, breidest it net ôf mei it beskriuwen fan ien dei yn it lêste fearn. Mei toaniel moat it publyk fan tel 1 ôf der BAM! fuort by wêze. En dan moatst yntinsiteit op yntinsiteit loegje om der hieltiten oerhinne te gean om de taskôgers derby te hâlden. Men leit it net as in boek oan ’e kant fan dit is wat in minder stik dat lês ik moarn wol. Dêrom ek dat it bêste toanielstik út ien sêne bestiet. Oldenhof is hast relaasjeterapeut as er wer in ferliking mei in relaasje leit. Dêr wit men nea de ein fan en sa is dat ek mei it skriuwen fan in toanielstik. It is ien rige oan opiensteapeling fan konflikten, mar de útkomst is ûnwis. Dat yn tsjinstelling ta proazaskriuwers dy’t fakentiids just nei in beskaat ein taskriuwe. Sadwaande binne toanielskriuwers rinnende skriuwers. Oldenhof skriuwt in pear sinnen, in sêne as wat en rint dan efkes om. It is dêrom dat er ûnder it skriuwen sleatten tee drinkt om der efkes by wei, om efkes wat oars te dwaan. Om sa de yntinsiteit deryn te hâlden.
Ear’t Oldenhof ûnder it genot fan wat oars as in bakje tee of kofje eat oer de ferhaalstruktuer fertelt, jout er ús in tolvetal technyske opdrachten om de taak fan toanielskriuwers dúdlik te meitsjen.
Sa effisjint en kompakt mooglik alle ynformaasje jaan.
Te soargjen dat der spanning is.
Ekspresje jaan, wat de skriuwer driuwt.
Nei’t wy ynwijd binne yn in tal basisstruktueren, mei útstapkes nei de Griken en wylst de wyn om it kafee rûzet en de rein tsjin ’e ruten slacht geane wy ien foar ien ôf troch deselde doar nei bûten ta, de midsimmernacht yn.
Foar de achtste kear wurdt yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Foar it earst is der ek in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Janneke Spoelstra. Hja mei op 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is tusken 24 oare talen út Europa. De Brusselske organisaasje woe hiel graach in Fryske dichter meidwaan litte no’t Fryslân en Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. Dêrta is in fersyk rjochte oan de NPLD (= Network to Promote Linguistic Diversity) dy’t daliks kontakt opnommen hat mei de eigen organisaasje yn Fryslân it EBLT (= Europeesk Buro foar Lytse Talen) en mei It Skriuwersboun om mei in foardracht te kommen. It Boun hat dat aktyf útsetten en in sjuery besteande út Alex Riemersma (NPLD), Cor van der Meer (Mercator / Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út fiif opjeften de dichteresse Janneke Spoelstra keazen mei har gedicht ‘Altyd alve’. Har ynstjoering waard troch de sjuery typearre as tagonklik (ek yn oare talen), ta de ferbylding sprekkend en mei romte foar identifikaasje. De yn 1962 berne dichteresse debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikse-libben. Se treedt op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is. Fersen fan har binne oersetten yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk.
Nei twa fruchtbere byienkomsten oer de ferbining tusken toaniel en literatuer wurdt it no tiid om praktysk oan ’e slach. Dat dogge wy op de langste dei fan ’t jier. Op de langste dei, tongersdei 21 juny, organisearret It Skriuwersboun in soarte fan masterclass Toanielskriuwen fan Bouke Oldenhof foar leden fan it Skriuwersboun. Bouke sil dan trije punten by del dy’t it sjenre toaniel oars meitsje as de wenstige literêre sjenres:
1. Toaniel as teamsport
2. Toaniel as eksponint fan dualistysk tinken en dialektyk
3. Yntinsiteit fersus tiid as basisprinsipe fan de dramaturgy
Bouke sil útlizze hoe’t it der yn syn beropspraktyk as toanielskriuwer (en toanielskriuwdosint) oan tagiet, foarbylden jaan, en in kearmannich de oanwêzigen útnûgje ien en oar ta te passen op har praktyk as (net-toaniel)skriuwer.
De jûn fynt plak yn Bouke syn kafee Rolbrêge, Rolbrêgedyk 59, 8406 AP DE TYNJE. Tel. 0513-571289. De jûn begjint om 20:00 oere en is ôfrûn om 22:00 oere, mar wy kinne fansels altyd noch even gesellich binnen of bûten neisitte!
Minsken dy’t gjin ferfier ha nei De Tynje kinne har melde by It Skriuwersboun, dat besiket dan te regeljen datst meiride kinst.
As bestjoer sjogge wy werom op in tige slagge Temagearkomste mei as ûnderwerp de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Der is dúdlik ferlet fan sa’n ferbining. Selskippen wolle goede en orizjineel Fryske stikken en skriuwers wolle graach oan ‘e slach mei it skriuwen fan in stik. Dy twa wrâlden kinne sadwaande noch folle mear byinoar brocht wurde en dat wolle wy as it Skriuwersboun graach fasilitearje.
Fandatoangeande soenen wy elk dy’t dêr niget oan hat op 17 maaie om 20:00 oere yn Tresoar útnûgje wolle om de saken fierder stal te jaan. Earder hawwe wy sa in Oersettersgroep hân dêr’t in soad út fuortkommen is, wy hoopje dat ek foar dizze groep sa wêze sil.
Wy hawwe yn Fryslân in hiel rike tradysje oan teater yn ús eigen lytse taal. Frysktalich toaniel en de Fryske skriuwerij hawwe fansels in soad mei-inoar te krijen. Dochs binne de kontakten tusken teater en literatuer yn Fryslân eins behoarlik ynsidinteel: je hawwe skriuwers dy’t boeken meitsje, en je hawwe toanielskriuwers dy’t teksten leverje (of oersette) om foarstellings mei te meitsjen. Soe it net goed wêze om de rûnten fan toaniel oan de iene kant en poëzij en proaza oan de oare kant tichter mei-inoar yn kontakt te bringen?
Om dy reden wol it Skriuwersboun yn de temagearkomste fan 19 april oan dy ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer wije. De sprekkers Anja Steegstra en Tjerk Kooistra binne frege om de jûn yn te lieden fanwegen harren ekspertize op it mêd fan toaniel.
Anja Steegstra hat yn 2014 ‘Skriuwbedriuw’ oprjochte. Se skriuwt yn opdracht nij, oarspronklik toaniel en set stikken oer yn it Frysk. Fierders is se regisseur en skriuwt eigen stikken dêr’t se ek in rol yn spilet. “Ik doch alles op gefoel en brûk dêrby myn jierrenlange ûnderfining as spiler. Tjerk Kooistra is regisseur en toanielskriuwer. Sûnt 2007 regisearret er er it iepenloftspul yn Jorwert. Ferline jier hawwe se wer in Gouden Gurbe wûn as publykspriis. Tjerk is yn alles wat er docht in autodidakt, sa seit er sels. Hy hat him alles sels oanleard en stiet sa ek iepen foar wat oaren him fertelle kinne, dêr’t er it ien en oar fan opstekke kin.
Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer (en mear literatuer op it Fryske toaniel).
Wy hoopje jo dêrom te sjen op 19 april yn it nije gebou OBE op de Aldehoustertsjerkhôf. Graach hearre wy fan jo foar 10 april fia as jo derby binne. Jou jo op troch it stjoeren fan in mail nei bestjoer@skriuwersboun.nl
Wêr? OBE (Aldehoustertsjerkhôf), dêrnei Tresoar Wannear? 19 april 2018 Hoe let? Ynrin om 19:00 oere yn OBE en om 19:30 begjinne wy yn Tresoar
Nei oan lieding fan de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film dit jier op snein 25 febrewaris de priiswinnende Roma-film Cigán! út Slowakije. Foar de film Cigán! wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip yn it easten fan Slowakije. De film is, en dat is útsûnderlik, foar in grut part sprutsen yn de Romataal. It resultaat is in tige libbene film, dy’t ynsjoch jout yn it hurde libben yn in earme Roma-mienskip op it plattelân.
Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan it EBLT troch hjir te klikken.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.