Nei in suksesfolle literêre jûn yn juny fan dit jier, organisearret Ljouwert City of Literature op freed 23 oktober op ‘e nij in yntym dichtdiner yn de Westertsjerke. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer.
Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. Do wurdst (allinnich, yn duo’s of mei de húshâlding) tusken 17.30 en 18.00 oere ferwachte en nimst plak oan in gesellich dutsen taffeltsje yn ‘e seal. De foardrachten wurde ôfwiksele mei ienfâldige mar tige smaaklike fegetaryske gongen. Nei ôfrin is der romte foar in ynformele neisit oan it eigen taffeltsje.
Oer de auteurs
Jantien de Boer (1965) is sjoernaliste en kolumniste by de Ljouwerter Krante. Yn 2015 makke se namme mei har boek ‘Landschapspijn’, oer it teloargean fan biodiversiteit. In begryp dat spitigernôch noch altiten aktueel is. Edwin de Groot (1963) ferkent yn syn wurk en syn optredens graach de grinzen fan it Frysk en it Nederlânsk. Natuer en fergonklikens binne by him weromkearende tema’s, ûnder mear yn syn bondel ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’. Ek Marije Roorda (1948) skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Yn har gedichten en koarte ferhalen spegelet se har oan it lânskip en it wetter. Faak wurket se gear mei oare (byldzjend) keunstners. It wurk fan de ek twatalige Jan Kleefstra (1964) giet foaral om de impact fan minsken op ierde en natuer. Mei de skilder Christiaan Kuitwaard publisearre er okkerdeis ‘Veldwerk’, mei akwarellen en teksten rûnom it tema ferlies fan biodiversiteit.
Oer de jûn
Yn ferbân mei de RIVM-maatregels is der mar plak foar 30 persoanen. Do moatst yn it foar kaarten reservearje en in tal gegevens (lykas de aard en omfang fan dyn eventuele selskip) ynfolje. De ynrin begjint op 23 oktober om 17.30 oere. De eintiid wurdt ynskat op 21.30 oere.
Kosten en reservearjen
De kosten binne per persoan € 17,50, jongerein oant 18 jier € 12,50. Dat is ynklusyf iten en tapwetter. Oare drankjes falle bûten de priis en kinne op de jûn sels besteld en (mei pin) betelle wurde. Do kinst dyn kaarten reservearje fia de webside fan de Westerkerk. Wachtsje net te lang, fol is fol!