Fraachpetear tusken Jan en Reina

Jan H. Woudstra is ponghâlder fan it Skriuwersboun. Reina Greet Smeink – Kroodsma is kandidaat-bestjoerslid. Yn april wol se graach yn it bestjoer talitten wurde en de taken fan de sekretaris oernimme.

Reina fertel ris; wa is dyn heit wa is dyn mem?
Ik bin ien fan de fjouwer en dan de twadde fan Pieter en Nelie. Hikke en teine yn Jannum op ‘e buorkerij. Ik haw fan hûs út in protte leafde foar de natuer meikrigen. It wie dêr lyts en dochs grut om ’t ik alle romte hie dy’t ik nedich wie. Letter nei ‘de grutte stêd’ Dokkum op skoalle en dernei de noch gruttere wrâld yn.

Jan Woudstra en Reina Greet Smeink-Kroodsma – Foto: Pier Boorsma

En do Jan? Fan wa bist do der ien?
Wat grappich datsto dat seist fan de grutte stêd Dokkum. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en by myn trouwen krekt keazen foar in lyts stedsje as Dokkum om de grutte stêd te mijden. As ik oan Jannum tink, dan tink ik oan dat moaie tsjerkje op in prachtige serene plak mei it moaie doopfont en sarkofagen. Ik haw dêr in ea filmke opnommen mei myn freon ds. Herman de Vries (sjoch mar ris op Youtube).
Sa at ik sei bin ik opgroeid yn Ljouwert. Us heit hjit Andries Woudstra en ús mem Klaaske Westerhuis. Ik bin fan hûs út totaal net Frysk wend. Heit komt út Rottefalle en mem út it Bilt. Thús (yn de grutte stêd Ljouwert) praten wy Biltsk. Troch myn frou Baukje, dy berne is yn Ie, kaam it Frysk om de hoeke. Dêrfoar haw ik allinne Fryske les hân yn it fuortset ûnderwiis.

Hoe gie dat mei taal by dy thús Reina? Ik nim oan in soad Frysk?
By ús thús waard yndied in soad Frysk praat. Us mem komt út it ûnderwiis en hat it altyd belangryk fûn dat wy ús ek goed yn ’t Nederlânsk fersteanber meitsje koene. De boekekast stie altyd fol. De leafde foar letters is altyd bleaun. By alle fjouwer trouwens. Dêr bin ik hiel tankber foar. 
 
Hoe bisto oant skriuwen kommen Reina, do wiest dus earst fysioterapeut?
Dat kloppet. En mei folle wille. Ik wie spesjalisearre yn geriatry en neurology en altyd ûnderweis om’t ik meastentiids de minsken thús behannele. Troch sykte hold dat frij hookstrooks op. Dat ha ik best wol hiel dreech fûn. Mar, ik bin fansels ien fan Pieter en Nelie en dy jouwe net samar belies. Dus ha ik neitocht oer wat de mooglikheden binne en kaam wer werom by de taal. Wannear’t ik der oer nei tink hat de leafde foar wurden nea fuort west en ha ik by alles wat ik oant no ta dien ha altyd dwaande west mei taal. Of dat no it genietsjen wie fan de ferhalen fan eartiids dy’t ik hearde as fysioterapeut of in folder dy’t ik makke, taal hat altyd in reade tried west. It ferhaal fan Reina, skriuwen, ferhalen en wurden, dat ferhaal giet noch hieltyd fierder. No as wurdsamler foar bern en stikem ek foar grutte minsken. 

Mear lêze? Sjoch hjir!

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *