Fan ’t simmer hawwe de Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar yn Aarhus west op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange om mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Carsten René Nielsen en Mads Mygind de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Hispel)te presintearjen.
Fan ’t hjerst binne de Denen oan bar om Fryslân oan te dwaan en sa harren poëzy klinke te litten yn sawol Ljouwert as Harns. Op 5 novimber om 20:30 oere steane de Deenske en Fryske dichters op it poadium yn de Westerkas yn Ljouwert. Dat is yn it wykein dat der rûnom omtinken is foar de Gysbert Japicxpriisútrikking. Kaartsjes binne fergees, mar moatte al besteld wurde: https://explore-the-north.nl/nl/pagina/westerkas. Op 7 novimber dogge hja de havenstêd Harns oan. Middeis 15:00 oere kin elk bûtendyks yn it smûke priuwlokaal fan Het Brouwdok komme foar oardel oere poëzy en muzyk fan Biltske sanger-fersyskriver Jan de Vries.
Yn 2019 hawwe de fjouwer Fryske dichters in wike yn Aarhus west om kollega-dichters te treffen en om op te treden. Dêr is in gearwurking mei de fiif Deenske dichters út fuortkommen. Sa hawwe hja dwaande west om inoars wurk oer te setten, fjouwer fan elke dichter mei as einresultaat Oar hûs / Et andet hus. Geart Tigchelaar hat de bondel fan foto’s foarsjoen.
‘In oar hûs kin fiele as thúskommen op in oar plak,’ sa stiet yn it foaropwurd fan ’e bondel. En dat is krekt hoe’t de Fryske dichters harren fielden yn de twadde grutste stêd fan Denemarken. En fan dat oare hûs jouwe hja poëtysk blyk yn de twatalige bondel.