In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid

Graach diele wy mei tastimming fan Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur en lid fan it Bûn, mei jimme har ynstjoerde stik yn de Ljouwerter Krante fan hjoed, 7 febrewaris.

“De nijste pandemy yn ús maatskippij is it firus fan cancelling. Trial by media as in groep of yndividu wat fertelt, fynt of skriuwt dat in oare groep of oar yndividu net oanstiet. It is net langer de rede en de dialooch dy’t hjir regeare, mar de Twitter-kultuer fan snelle, fileine, agressive, ûnnuansearre en faak ek anonime mieningen, ynklusyf (deads)bedrigingen.

Ik reagearje hjirmei fansels op de deadsbedrigingen dy’t Pim Lammers ûntfong, neidat it CPNB him frege hie it Kinderboekenweekgedicht te skriuwen by it Kinderboekenweektema ‘Bij mij thuis’.

Hoewol’t it folslein begryplik en legitym is dat Lammers him weromlûkt, ha ik it berjocht mei ôfgriis lêzen. Foar it gruttere plaatsje fan in sûne demokrasy skûlet der in gefaar yn as keunstners hannelje fanút eangst. Want wat reitsje wy kwyt as keunstners – ik ha it hjir oer keunst yn it algemien, dêr’t literatuer in wichtich part fan is – net mear yn frijheid makke wurde kin?

De wrâld is grutter as ús holle. En krekt dat is wat de keunst ús bringt. It nimt ús mei nei plakken dêr’t wy oars net samar komme soene, tsjustere en ûnoangename plakken like goed as romantyske en leave wrâlden. It jout ús wurden oan emoasjes dêr’t wy sels de wurden noch net foar fûn ha. It makket ús empatysker. It biedt ús treast.

It is te maklik om te tinken dat keunst in aardige ekstra yn it libben is. Keunst is in yntrinsyk part fan ús wêzen en ferbynt ús mei de wrâld, mei oaren, mei de skiednis en reflektearret op ús bestean. It is dan ek folslein ûnakseptabel dat skriuwers yn harren feilichheid en frijheid bedrige wurde. In freedsume maatskippij is ûnmooglik sûnder literêre frijheid.

Yn it ljocht fan alle foardielen dy’t keunst en lêzen mei him meibringt, is it hiel ferûntrêstend dat der sprake is fan ûntlêzing en ôfnimmende taalfeardigens fan learlingen op de basisskoalle, yn it fuortset ûnderwiis en op pabo’s, en it swiere waar dêr’t de keunstsektor him yn befynt as gefolch fan de koroanapandemy en besunigingen troch de polityk. De ûnmisbere funksje fan keunst yn it libben komt dêrmei yn ’e knipe. Net goed begripend lêze kinne, betsjut ek gelaagdheid yn literatuer net sjen kinne.

Fansels binne deadsbedrigingen oan it adres fan skriuwers net nij, tink oan de fatwa dy’t Salman Rushdie oer him hinne krige nei it skriuwen fan syn boek Duivelsverzen . Wat wol oars is, is it yngrediïnt social media yn it debat. Kanalen dêr’t minsken fluch, sûnder nuânse, anonym harren miening spuie kinne. Neist Lammers is Marieke Lucas Rijneveld in aktueel foarbyld fan in keunstner dy’t hjirmei te krijen hie. Rijneveld luts him werom fan it oersetten fan it Amerikaanske gedicht The hill we climb nei krityk en bedrigingen.

Allinnich as der romte is, kinst bewege. Dy romte wurdt no beheind troch it eangstbyld fan trial by media . De cancelkultuer liedt koartsein ta in krampkultuer, want de eksterne kritikus fan trial by media wurdt al gau in ynterne kritikus dy’t ús út eangst derfan wjerhâldt ús te uterjen sa’t wy wolle.

Mar wat is keunst noch wurdich as der in auto-korreksje komt foardatst sitten giest om te skriuwen, skilderjen of filmjen? Wat is keunst noch wurdich ast it net wrâldkundich doarst te meitsjen?

Lit it feroardielen fan minsken oer oan it rjochtssysteem. Stypje keunst en frijheid no’t it nedich is, keapje sa’n moai keunstwurk foar yn de kast. By de lokale boekhannel fansels.”

TIALDA HOOGEVEEN

Berneboeke-ambassadeur en einredakteur de Moanne

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *