Johannes Dijkman wint Bûsboekje-poëzykriich

De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman út Burgum foar syn gedicht ‘Longerje’. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek út Burgum, foar har gedicht ‘Wjerljocht’. De prizen waarden útrikt troch kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomste tiisdei yn kafee Luwt yn Ljouwert.

De karkommisje, besteande út Janneke Spoelstra, Sieta de Vries en Minke Dooper hie nei de oprop fan de Bûsboekjeredaksje ein july sechtjin gedichten krigen, dy’t ynstjoerd wiene troch yn totaal tsien dichters. De karkommisje wie wakker optein mei dizze rispinge. De twa priiswinners hiene neffens de karkommisjen moaie gedichten skreaun, mei opbou en ienheid. Dat die bliken doe’t se harren gedicht foardroegen. Gabriëlle Terpstra fan it dichterskollektyf Pauperpoëzij hat ek noch gedichten foardroegen.

De poëzykriich waard organisearre omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, in lustrum! Dit jier is it tema: tiid. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *