Ledebulletin winter 2023

Nijjiersgearsit

Dit jier binne wy der betiid by: op tongersdei 4 jannewaris 2024 wolle wy jim graach begroetsje op ús nijjiersgearsit. Fan 16 oere ôf binne jim wolkom yn “kafee De Gouden Leeuw” yn it gebou fan Tresoar. Om 16.30 oere is der in koart spytske fan ús foarsitter Willem Verf en dan kin it Frysk-literêre jier mar gesellich úteinsette! Dichter fan Fryslân Arjan Hut sil ús mei in moai gedicht it nije jier yn skowe.  In ynformeel treffen mei kollega’s, wat byprate, drinken en wat lekkers derby: noflik! Fansels komt der ek noch in separaat tastjoerde útnûging.

Wa’t der aardichheid oan hat, kin oanslutend (fan 20.00 oere ôf) dielnimme oan it mienskiplike stille lêzen fan Tresoar (de Silent Book Club).

Skriuwerswykein: hjerst 2024 of febrewaris 2025?

Op 4 en 5 novimber 2023 hienen wy mei 15 dielnimmers wer in wykein op Allardseach by Bakkefean. Learsum en gesellich: it ferslach is hjir te finen. Ek fine jim hjir de pdf fan de presintaasje fan Erik Betten.

Neist in ferslach ek in oprop, want wy wolle graach fan safolle mooglik leden in antwurd op in fraach… It wykein wie ferline jier en dit jier yn de hjerst. Yn de hjerst binne der in protte literêre en kulturele aktiviteiten. Ferskate leden joegen oan dat hja graach dielnimme woenen oan it wykein, mar dêr troch alle drokten gjin kâns ta seagen. Yn de winter, en benammen ein jannewaris/begjin febrewaris, is der meast minder kulturele aktiviteit. Sadwaande hawwe wy foar it folgjende Skriuwerswykein ynearsten twa wykeinen reservearre: 9 en 10 novimber 2024 of 8 en 9 febrewaris 2025.

Begjin jannewaris wolle hja by “Nieuw Allardsoog” witte hokker datum wy kieze. Lês de útlis hjiroer troch en jou jim reaksje! Wy litte dan sa gau mooglik de leden witte wat it wurden is.

Petear mei “Boeken fan Fryslân”

Op 27 novimber hawwe wy ús periodyk petear mei BfF hân. De ûnderwerpen wienen û.o. de fuortgong fan ús promoasjeplan (sjoch ek punt ‘Oerlis Provinsje’), it ferrin fan de Boekewike, wat ferwachtsje wy fan it kadoboek, de sutelaksjes, de Fryske kasten by boekhannels en it sukses fan de berneboeke-ambassadeur. It ferslach fan it petear is hjir te finen.

P.C. Hooft-prijs

Yn 2025 wurdt de P.C.Hooft-prijs (de meast prestizjeuze Nederlânske literêre oeuvrepriis) útrikt oan in proazaskriuwer. Dizze priis kin neffens de eigen P.C. Hooft-stichting-regleminten takend wurde oan in Nederlânsktalich of in Frysktalich auteur. De priis bestiet 75 jier, en is noch nea oan in Frysktalich skriuwer takend. Dus dat wurdt tiid! It Skriuwersbûn sil op ’e nij soargje dat der in oanrikkemandaasje komt fan ien of mear Frysktalich auteur(s). Dy oanbefelling moat yn april nei de Stichting foar de P.C. Hooft-prijs.

Wy binne tige bliid dat Sietse de Vries, Karen Bies en Pier Boorsma in wurkgroep foarmje dy’t sa’n oanrikkemandaasje tariede sil. Op 6 desimber is de wurkgroep ynstallearre. Hja krije stipe fan in Tresoar-meiwurker.

Ankom jier (2024) wurdt de priis takend foar poëzij. De oanrikkemandaasje dêrfoar is ôfrûne maaitiid al ferstjoerd. Sjoch yn ús foarige ledebulletin en op de reachside foar mear ynfo. Dêr fine jim ek it dokumint dêr’t de wurksumheden fan de wurkgroep c.q. kommisje yn omskreaun binne.

City of Literature (CoL)

Ljouwert is ‘City of Literature’ en sawol de gemeente as de Provinsje stelle jild beskikber om dy mondiale earetitel wier te meitsjen mei in ferskaat oan literêre aktiviteiten. Ien fan dy aktiviteiten is it, fia û.o. de provinsjale deiblêden, breed fersprate healjierliks ferskinende tydskrift ‘Letter’. As bestjoer fan it Skriuwersbûn hawwe wy op 15 desimber oerlis mei de lieding fan CoL. Alle leden krigen ûndertusken in e-mail fan ús mei it fersyk om nei te tinken oer de fraach wat CoL spesifyk foar de Fryske skriuwerij betsjutte kin. De earste reaksjes hawwe wy al binnen. Tankewol! Reaksjes binne fansels noch tige wolkom op ynfo@skriuwersbun.frl

Mear ynfo oer CoL is te finen op www.leeuwardencityofliterature.nl

Gearwurkingsoerienkomst mei Tresoar

Tresoar is foar de Fryske literatuer in tige wichtich ynstitút. De Fryske literatuerbefoardering is ommers spesifyk syn opdracht, neist de taak as literatuer-museum en dokumintaasjesintrum. Meikoarten, op 11 jannewaris, wurdt dêrom de gearwurkingsoerienkomst tusken Bûn en Tresoar ûndertekene. Oer dy oerienkomst kediisden wy op 23 oktober mei Arjen Dijkstra en Marijke de Boer fan Tresoar. It ferslach fan it oerlis op 23 oktober is hjir te finen. De oerienkomst sille wy ek sa gau mooglik publisearje.

Frisistyk

In moai inisjatyf: ‘Frisistyk’, it nije online tydskrift foar de taal- en letterkunde dat te finen op www.frisistyk.nl

De reachside is in spesjale ôfdieling fan it online tydskrift foar Nearlandistyk, en Anne Merkuur fan de RUG is de spil fan de bydragen yn en oer it Frysk.

As bestjoer sille wy de ûntjouwing folgje en wy komme der fêst nochris op werom!

Net foar in apel en in aai!

Fryske skriuwers moatte foar bydragen en foardrachten in ridlike beleanning krije, en net ôfskipe wurde mei in grypstehealstoer. Yn de maaitiid fan 2022 stelden wy nei oerlis mei de leden û.o. de folgjende tekst mei minimale bydragen fêst:

It Skriuwersbûn kin en wol syn leden neat oplizze. Mar wy trune wol oan op solidariteit. By it akseptearjen fan in opdracht of it yngean op in fersyk, rekommandearret it Skriuwersbûn de neifolgjende advystariven as ûndergrins:

  • Optreden, lêzing, foardracht foar publyk yn in seal, oeretaryf: €  100
  • Idem foar radio of tv: €  100
  • Publikaasje fan in gedicht, koarte resinsje of kollum yn tydskrift of krante: €  150
  • Publikaasje fan in al earder publisearre gedicht of koarte tekst: €    75
  • Idem foar in skôging, essee, koart ferhaal, lange resinsje (+ 1500 wurden): €  200
  • Idem foar in fraachpetear (ynkl. tarieding) (+ 2000 wurden): €  300

Foar reiskosten advisearje wy dêr boppe-op € 0,23 de kilometer.

Foar de leden is dit in oanrikkemandaasje, mar ek foar de media. It Boun lit dit oersjoch ek takomme oan de Omrop, de kranten, de tydskriften mei it fersyk net minder as dizze bedragen te beteljen.

Kollega’s dy’t, bygelyks foar in optreden, minder freegje wolle, advisearje wy mei klam wol altyd minimaal € 100 + reiskosten te freegjen foar in optreden. Kollega’s dy’t mear freegje kinne en doare as wat wy advisearje, moatte dat fansels altyd dwaan.

Pleatslike kulturele organisaasjes kinne meast subsydzje krije fan de gemeente om in skriuw(st)er optrede te litten.

De tariven fan “de Schrijverscentrale” (foarhinne “Schrijvers, School en Samenleving”), lizze al aardich heger as dit minimum Wy rikkemandearje ús leden oan om har as dat kin oan te sluten by de “Schrijverscentrale”.

Fan belang: skriuw(st)ers binne net Btw-plichtich. Sjoch hjirfoar: Vrijstellingen componisten, schrijvers, cartoonisten en journalisten (www.belastingdienst.nl).

Ús fraach oan de leden is no: hawwe jimme hjir wat oan hân? Doare jimme it oan om dizze bedragen of mear te freegjen? Krije jimme dat dan ek?

Lit it ús witte op ynfo@skriuwersbun.frl

Aktuele ledelist

We binne wiis mei in tal nije leden: Tjeerd Schumacher, Gabriëlle Terpstra en Hindirk Schotanus. Wolkom!

In aktuele ledelist mei in yndieling op regio en achternamme is hjir te finen. It wachtwurd dat hjirfoar nedich is, stiet yn de mail dy’t nei alle leden ta stjoerd is.

Oerlis Provinsje

Yn jannewaris hawwe wy in ôfspraak mei de nije deputearre foar it Frysk, Eke Folkerts. Oant no ta hienen wy in pear kear ynformeel kontakt, en deputearre Folkerts hat al by in pear gelegenheden fernimme litte dat hja Frysksinnich is en in lêzer fan Fryske literatuer. Dat is moai en ek bysûnder foar immen yn ’e polityk.

Us ynset is ûnferoare: mear belied en jild fan de Provinsje foar literatuerpromoasje en befoardering fan it skriuwen en lêzen fan Fryske boeken en bondels, yn de foarm fan stipe foar it ferline jier troch ús ûntwikkele plan. En fansels: krekt wat mear struktureel subsydzje foar ús as Bûn, sadat it Skriuwersbûn ek yn ’e takomst funksjoneare kin. Lês op de reachside nochris ús “Needgjalp” en it mear resinte skriuwen oan Eke Folkerts.

Der komt in nije Provinsjale kultuernota oan. Yn de no noch jildende kultuernota fan de Provinsje stiet ien, negative sin oer de Fryske skriuwerij. Fansels moat dat yn ’e nije nota positiver en better!

Wy winske jim allegearre moaie dagen ta en in lokkich nijjier!

Wy hoopje safolle mooglik minsken te sjen op tongersdei 4 jannewaris fan 16.00 oere ôf yn Tresoar

 

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *