Nije bondel toanielstikken Oldenhof kommendeweis

Yn de tredde wike fan jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Fan libben en dea fan Bouke Oldenhof.

It boek is in bondeling fan trije resinte toanielstikken mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by har yn de buert is.
Feteranen (2015) luts mei Freark Smink en Jo op Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime foar dy nei dy (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it ferlies fan har bern mei harren die. It wie op in simmerjûn (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.

De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan
Fryslân.

Earder ferskynden fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel
Fan letter soarch.
It wie op in simmerjûn wurdt fan healwei jannewaris ôf rûnom opfierd yn ’e Fryske  teaters.

Utjouwerij: Bornmeer


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *