Oesdrip – Jiergong 50 │ nûmer 3│desimber 2019

Feestmoanne

Mei de feestdagen yn it sicht sjogge wy koart werom nei de ôfrûne moannen, dy’t yn it teken stien hawwe fan it útbringen fan it jubileumboek Nearnewâld, ta gelegenheid fan ús 50-jierrich bestean.
Nochris tank oan ’e auteurs, de redaksje, de útjouwerij Elikser en de stipers. It jubileumfeest en de boekpresintaasje op 14 novimber wie in boppeslach, mei in moaie opkomst yn it smûke Hotel Oostergoo yn Grou. Wy hoopje op in goede ferkeap en freegje jimme help dêrby.

Earder stie al in ûnderhâldend stik yn de Ljouwerter Krante oer de skiednis fan it Boun en oer it ta stân kommen fan it boek.

Koart dêrfoar waard bekendmakke dat Ljouwert City of Literature wurdt en dêrmei is der de kommende tiid in nij haadstik, om’t it meitinken fan it Skriuwersboun frege wurdt. Hoe, dat sil noch dúdlik wurde. Wy binne wiis mei de útferkiezing, ek om’t it net in ienjierrich barren is, mar permanint. Lit ús de kânsen gripe om it Frysk en de Literatuer noch mear op ’e kaart te setten.

Foto: Geart Tigchelaar

Fierders bliuwt It Skriuwersboun yn kontakt mei ynstânsjes dy’t dwaande binne op it mêd fan de Fryske taal en kultuer, dêr’t it ôfrûne jier Dichterskollektyf RIXT oan taheakke.
Fierder hat foar de twadde kear op rige in Fryske dichter oanwêzich west yn Brussel op de Europeeske Taledei (26 septimber) yn it ramt fan Transpoesie, dit kear wie it de ear oan Elmar Kuiper. Hy sil ús der by gelegenheid noch oer fertelle. Fan dit plak ôf wol ik ek Nyk de Vries fan herten lokwinskje mei syn beneamming as twadde Dichter fan Fryslân. 
 
As bestjoer stelle wy no ús planning foar 2020 op en wy sille jimme ynformearje oer de ynhâld. Yn jannewaris starte wy krekt as begjin 2019 mei in Nijjiersbuorrel yn De Basuin (Ljouwert). Kom del en klink mei ús op in nij jier.
 
Om oer al ús plannen mei te tinken binne jimme fan herten útnûge by de Algemiene Ledegearkomste fan 20 desimber dy’t plakfine sil yn Tresoar. Lykas yn it LC-artikel sil Pieter de Groot ús meinimme nei eardere tiden en fertelle oer de begjinjierren fan It Skriuwersboun.
Sa as bekend kin it bestjoer noch altyd fersterking brûke. Kandidaten binne wolkom om ynformaasje op te freegjen by de bestjoersleden.
Oant de 20e en mocht dat net slagje dan winsket it bestjoer fan It Skriuwersboun jimme hiel noflike en ynspirearjende feestdagen.
 
Tryntsje van der Veer
Algemien bestjoerslid

*

Fan de ponghâlder

Yn de rin fan dit jier is it ponghâlderskip oergongen fan Tryntsje van der Veer nei André Looijenga. De finansjele situaasje fan it Skriuwersboun is goed. Wy hienen yn 2019 de mooglikheid om twa bysûndere projekten te bekostigjen: de debatjûn ‘Polityk moetet literatuer’ op 14 febrewaris, en de produksje en presintaasje fan ús jubileumboek Nearnewâld. Foar ús debatjûn foar de provinsjale steateferkiezings hawwe wy, mei sin, gjin provinsjale subsydzje oanfrege.

Neist de kontribúsje fan jim as leden, ûntfangt it Skriuwersboun jierliks subsydzje fan de provinsje Fryslân. Dêr binne wy wiis mei. In moaie bykomstichheid is dat wy ek takom jier gjin heger ledejild fan jim hoege te freegjen.

Wat trouwens it tal leden fan it Skriuwersboun oangiet: dat bliuwt ridlik konstant. Wy wolle lykwols graach sa breed mooglik Fryske skriuwers fertsjintwurdigje kinne. Wy hawwe dêrom ferlet fan safolle mooglik aktive Fryske auteurs, oersetters en taalprofessionals dy’t har by ús oanslute wolle en meitinke wolle. Ik woe jim dus freegje: nûgje jim kollega-dichters, -skriuwers, -oersetters dy’t net Skriuwersboun-lid binne út om mei te kommen nei ien fan ús aktiviteiten. Bygelyks nei ús ALG op 20 desimber of nei de Nijjiersbuorrel op 10 jannewaris. Wat mear leden, wat better wy de belangen fan Fryske skriuwers behertigje kinne.

André Looijenga
Ponghâlder

*

Lytse ûndernimmersregeling
 
De Haach hat wer wat nijs betocht foar zzp’ers. Yn it earste plak giet de selsstannigeôftrek omleech, fan €7.280 no nei €5.000 oer in pear jier. As selsstannige kinst dat bedrach fan dyn bedriuwswinst ôflûke, sadatst minder (of gjin) bedriuwsbelesting hoechst te beteljen.
 
De twadde feroaring is de ferfanging fan de Lytse ûndernimmersregeling (ôfkoarten as KOR yn it Nederlânsk) mei in nije regeling de OVOB. Mei de KOR koest BTW weromkrije fan de belestingtsjinst. Ast minder as €1345 oan BTW betelje moast, dan krigest dat wer werom. As de BTW-ôfdracht tusken €1.345 en €1.883 is, dan is der in somke en kinst dat bedrach weromkrije.
 
Fan 1 jannewaris ôf jildt de KOR net mear mar de OVOB. Mei dy regeling hoechst net mear BTW te beteljen as dyn jieromset minder as €20.000 is. Ast meigiest yn de regeling en dochs boppe de €20.000 útkomst, dan moatst dat trochjaan oan de belestingtsjinst en fan dat stuit ôf jilde de normale BTW-regels wer.
 
Fijn, mar wat betsjut dat yn ’e praktyk? Yn it foarste plak, kinst mei de OVOB net mear de BTW op spul datst ynkocht hast ôflûke fan dyn totale BTW. Dat, dyn kosten geane omheech. En dy wurde al ferhege troch de ferplichting ta in Arbeid Ungeskiktheidsfersekering foar zzp’ers. Boppedat, is de OVOB basearre op hoefolle omset oftst makkest wylst it by de KOR ferbân hâldt mei dyn winst.
 
En stel datst boppe de omsetgrins fan €20.000 komst, dan moatst wer BTW heffe foar op syn minst de kommende trije jier. Dat ast no al yn de buert fan dy grins sitst of yn de groei sitst, dan kinst der wol fan útgean datst binnen de koartste kearen wer BTW betelje en heffe moatst. Mar soest de jierren dêrnei yn in dip komme en dyn omset giet sterk omleech dan sitst oan de BTW fêst en hast neat oan dizze nije regeling. By de KOR wie dat gjin punt.
 
It regear presintearret it graach datst mear fertsjinje silst om’tst de BTW net mear oan de oerheid ôf hoechst te stean. Spitigernôch sit dat der yn de measte gefallen net yn. Bedriuwen kinne de BTW dy’tst yn rekken bringst, sels fan har BTW-oanjefte ôflûke as kosten. Ast gjin BTW heffe meist, dan kinne se dat net ôfskriuwe en wurdst djoerder foar har. Dat, silst wierskynlik dyn taryf mar beheind oanpasse kinne wylst dyn eigen kosten wol omheech geane. En ast boppe de omsetgrins útkomst, moatst wer BTW derby opplakke. Sille se leuk fine, sa’n skommeljend taryf.
 
En der binne wol oare neidielen te betinken, allegear ôfhinklik fan dyn persoanlike omstannichheden. Mei oare wurden, moatst no in hiele bak ekstra oerwagings derby pakke foardatst sizze kinst ast wol of net meidwaan wolst oan de OVOB. Alwer in bewiis dat de Belestingtsjinst harren slogan ‘makkelijker kunnen we het niet maken, wel leuker’ net al te serieus nimt.
 
Ast gjin nocht hast oan dy fernijings, dan kinst dizze petysje stipe troch û.o. de Auteursbond ûndertekenje.
 
Trevor M. Scarse
Skriuwer
 
*

Nearnewâld
 
Einlik is it der, en it is genderneutraal en meartalich berne. It is Frysk, Bildtsk, Liwadders en Nederlânsk. It is sawol in doarpeling as in stedsjer, en it is thús yn alle sjenres: proaza, poëzy en toaniel. It is fleksibel, foaral yn ’e rêch, en it hat no noch flappen, mar we hoopje dat it op in dei wjukken krije sil.

Foto: Geart Tigchelaar

Dit bern sil it yn it libben net per se maklik krije, mar it hat yn alle gefallen in goede start hân. Oan it’s widze stie yllustrator en foarmjouwer Laurens Bontes. Op de algemiene ledegearkomste fan It Skriuwersboun yn maart 2019 liet er de tekening sjen dy’t er makke hie fan in fiktyf plak, grôtfol details dêr’t elk har of syn of it’s fantasij op loslitte koe – úteinlik libje de measten fan ús by de graasje fan op syn minst in grut foarstellingsfermogen. Dêrmei krige er de omstanners dus fuortendaliks op ’e knibbels, sawol letterlik as figuerlik, en it wienen in stikmannich mear as in hânfol skieppehoeders en trije wizen.

By it ferhaal oer de trije wizen moat ik trouwens altyd tinke oan it krystferhaal fan Tonke Dragt, skreaun út it perspektyf fan in fjirde wize wei. It is in ferhaal oer trije dwazen, dy’t in bysûndere stjer sjogge en tinke dat se der achteroan moatte, omdat dy stjer de berte fan wat nijs, wat bysûnders oankundiget. De minsken gnize har stikken: wat in steltsje idioaten, dy tinke dat se it ljocht sjoen hawwe. Mar de man hat dy stjer ek sjoen en hy fielt it fjoer yn him. Uteinlik lit er syn earen lykwols hingje nei wat de measte minsken fine, en ek al komme de trije dwazen om him te freegjen oft er mei giet, hy is wol wizer en bliuwt thús, lykas de measte minsken. Dêrnei kin er net mear wurkje en net mear sliepe, it wurdt tsjuster yn syn  binnenste, it fjoer dôvet út. Yn sa’n nacht dat er net sliepe kin, skriuwt er it ferhaal op, en hy komt ta de konklúzje dat de dwazen eins wizen wiene, en dat er séls de dwaas is: hy hat de stjer sjoen, mar hat har net folge.

Mar dat efkes fansiden. Op dy algemiene ledegearkomste wienen fansels net allinnich skieppehoeders en wizen, mar bygelyks ek peetmuoike Jetske Bilker. De skieppehoeders en de wizen drigen op in stuit mei-inoar op de fûst te gean oer datjinge wat we seagen no in doarp of in stêd wie. Jim riede it al: de skieppehoeders seagen in doarp, de wizen seagen in stêd: rebûlje! Lokkich sprong Jetske dertusken. Dy hie earst by de foardoar al fakkundich in tal goede en minne feeën tsjin de flakte slein – ik bedoel mar: wa leaut der no noch yn feeën – en kaam no mei in briljante oplossing: dat mei elk dochs sels witte? Wêrom neame we it net Nearnewâld? Dêr wienen de skieppehoeders en de wizen suver efkes stil fan.

Om in no al wer fierstente lang ferhaal wat koarter te meitsjen: úteinlik wienen der 43 skieppehoeders en wizen, skriuwers en dichters ree om in bydrage te jaan foar dit bern, sadat it net al te earmoedich op ’e wrâld komme soe. In soad fan jim binne wol bekend mei it yn ferwachting wêzen en op ’e wrâld bringen fan in bern lykas dit, dat ik hoech tink net al te bot út te weidzjen oer de hichten en djipten dy’t dat mei him meibringt. Skriuwe, in boek of toanielstik yn ’e iepenbierheid bringe: it is machtich moai mar ek alderferskuorrendst kwetsber wurk. Mei íen skriuwer in boek meitsje is faak al in soarte fan achtbaan, dat mei 43 soenen je ferwachtsje dat it op syn minst in Python wurdt, mar dat foel ta. It gie allegear like noflik, elk levere op tiid yn – no ja, sa goed as – en peetmuoike Jetske en peetomke André Looijenga offeren sûnder protteljen harren simmerfakânsje op foar de redaksje, Laurens tekene syn fingers blau om alle details yn ’e kaders te krijen dy’t de skriuwers en dichters betocht hienen, en yn Jitske Kingma fan Elikser fûnen we in útjouwer dy’t fan de earste sekonde ôf striele fan entûsjasme: dochs noch in goede fee oan ’e widze, okee, ientsje dan, om it ôf te learen.

Mar der ûntbriek noch wat. Der skynt in teory te wêzen dy’t seit dat yn elk goed ferhaal in opbou sitte moat, jim witte wol: in reis mei begjin, midden en ein, it begjint goed, dan giet alles op ’e kop ferkeard, konflikten moatte oplost wurde, tebeksetters oerwûn, en úteinlik komt de held – altyd in held – dêr’t er wêze wol, of net, mar yn alle gefallen is it ferhaal dan dien. Yn dit ferhaal siet in gat: wêr wie de tebeksetter? No, dêr hoegden we net lang om te sykjen, want it wichtichste wienen we fergetten: goud, wijreek en mirre, blinder! De wizen wienen der blykber mei de kop net hielendal by doe’t se ôfreizgen. Lokkich libje we net yn it lân fan Herodes mar yn de provinsje Fryslân, oars soe it wat de berte fan berntsjes fan dit slach oangiet ien grutte ûnfruchtbere woastyn wêze. No hoegden der allinnich noch wat formulieren ynfolle te wurden en dêr kaam al in ridder op in Frysk hynder oandraven – ja, dy stie al dy tiid yn de kûlizen te hoefskrabjen, ik moat him dochs ergens litte – mei goud, wijreek en mirre.

Dat ja, it is in keningsbern, in bern dat alles goedmeitsje sil, en op in pear wike nei in krystbern. De skiednis leart ús: dan moatst o sa op dyn tellen passe.

We hawwe ôfpraat dat aanst de útrikking fan it earste eksimplaar ek werklik it earste eksimplaar wêze sil, dat ik kin it no noch efkes net oan jim sjen litte, mar leau my: it is in beauty. Dat efkes foar de ynternasjonale touch. En o ja, it is ek noch full colour. Koartom: it is net foar ien gat te fangen, en ek net yn in identiteit dy’t yn beton getten is. Dat sil Facebook net leuk fine, en de amtner fan ’e boargerlike stân likemin. We hawwe der it bêste mei foar, en winskje it alle lok en sukses yn ’e wrâld ta, mar we sille de namme by de oanjefte wol efkes twa kear staverje moatte bin ’k bang, want we neame it yndie Nearnewâld.

Baukje Zijlstra
Algemien bestjoerslid

*

Enkête Moanne fan it Fryske Boek

In skoftke lyn hat it Skriuwersboun har leden frege wat sy fûnen fan de organisaasje fan de Moanne fan it Fryske Boek yn 2018. Ferskate minsken hawwe dêr antwurd op jûn. Yn in letter petear mei Boeken fan Fryslân hawwe wy de resultaten fan dizze enkête besprutsen. Boeken fan Fryslân wie bliid mei de nije ideeën en koe antwurd jaan op de krityske fragen fan guon.

In punt dat nei foaren kaam wie de ûnsichtberens fan it gehiel, it program wie net dúdlik.
Ek al hat BfF dit jier mear jild útjûn oan marketing as foargeande jierren, foar it kommende jier is it de bedoeling om noch earder de publisiteit op te sykjen. Dat is ek wat de skriuwers yn de enkête oanjouwe: mear koördinaasje, mear PR.

Grutste tûkelteam foar de measten wie dochs de iensidige opset, mei allinnich de fokus op Willem Schoorstra en syn boekewikegeskink. Men hat leaver dat mear skriuwers en dichters belutsen wurde yn it programma fan de hiele moanne. Neffens BfF hat de toernee fan Willem Schoorstra wol fertuten dien. Hy hat it foarinoar krigen om folle sealen en in nij publyk te krijen. Dat waard ek yn de enkête wurdearre: net allinne de usual suspects oansprekke, mar ek in nij publyk.
Sintraal yn dit súkses stiet wol de ynset fan de lokaasjes en frijwilligers sels, dy wienen entûsjast en reewillich om har bêst te dwaan. It sykjen nei oare lokaasjes foar literêre aktiviteiten hat de oandacht.

Plan is om foar it kommende jier it grutte programma fan de moanne rûn te krijen, mei plak (en stipe) foar private inisjativen. It Boeksimmerboekfeest is dêr in moai foarbyld fan hoe’t soks wurkje kin. Saak is dan wol dat minsken mei konkrekte plannen komme dy’t se sels (mei) útfiere wolle. Dêr stiet BfF foar iepen.

De situearring fan de MfFB tagelyk mei de Nederlânske boekewike yn maart wurdt beholden. Op dat mêd moat de oersetting fan it Nederlânske boekewikegeskink ek takommend jier barre. ‘Wêrom net in Nederlânske oersetting fan in Fryske boekewikegeskink?’ oppere ien fan de skriuwers yn de enkête. 

De berneboekewike sil yn oktober plakfine. Der sil gjin kadoboek mear komme, faaks wol in berneboekegeskink yn it nije jier.  

Paul van Dijk
Algemien bestjoerslid

*

Blokje om op ’e fyts

Writers should bike more.
It’s good for their brain, it gives them space and time to think.
(sei in sechtsjinjierrich famke dy’t ik moete op myn fytstocht yn 2016 tichteby Vilnius)

Fan ’t simmer hawwe de faam en ik fjouwer en in heale moanne troch Europa fytst. Nei Albanië en mei in omwei wer werom. It hat út alderbêst foldien, dat wy sille soks grif meikoarten werris dwaan.

No bin ik noch altiten dwaande mei it skriuwen fan in roman, basearre op myn eardere fytsreizen. Reizgjen ynspirearret no ienkear. Wat men sa al belibbet, de moetings dy’t men opdocht, alles kin as reisferslach opskreaun wurde. Soks hawwe wy ek dien op ús bloch. Net sasear fan ‘en doe, en doe’ mar wy hawwe besocht dat sa tematysk mooglik oan te pakken.
Lykwols ferwurkje ik dat wat ik/wy meimakke hawwe it leafst op in kreativere, net al te letterlike wize. Dus de ûnderfinings dy’t ik opdien haw as basis brûke foar fiksje. It boek dêr’t ik oan wurkje en hoopje takom jier ôf te meitsjen is neat oars as dat.
Op myn eardere grutte reis (nei de Noardkaap) haw ik besocht yn alle lannen in ferhaal te skriuwen, of alteast in ferhaal te skriuwen dat him yn it oanbelangjende lân ôfspilet. Ek wer puer fiksje, mar wat ik heard en sjoen haw ferwurke. Mei’t ik op ’t heden aardich yn de proazagedichten sit, haw ik ditkear de dingen ferwurke yn dat sjenre, dêr’t al mannich fan publisearre binne op de digitale ferzje fan Ensafh.

No is it net sa dat ik it echt nedich haw om skriuwe te kinnen. Ik haw de frijheid dy’t it fytsen jout nedich om oare redenen. Mar dat betsjut fansels net dat it fytsen myn skriuwen net beynfloedzje soe. It is dan ek net sa dat ik lotter ferhalen/boeken/gedichten skriuwe wol dy’t basearre op it fytsen binne. Ik haw de eare in wurkbeurs foar in proazagedichtebondel krigen te hawwen, mar dy komt mei oare wurden net fol te stean mei proazagedichten sa’t dy de lêste tiid op Ensafh ferskine. Je soenen it hast net sizze, mar der is mear yn it libben as allinnich mar it fytsen.

Om dy reden wie ik ek net hiele rouwich om werom te kommen. Net allinnich om’t it ein septimber wieter en kâlder waard, mar ek om wer oan it wurk te kinnen. Der leinen gâns opdrachten en putten op my te wachtsjen, dêr’t ik ek wer nocht oan hie om mei te set. Ik bin dwaande in boek oer te setten, mei oare Fryske en Deenske dichters dwaande in sammelbondel gear te stallen en oer te setten, de roman, de dichtbondel ensafuorthinne. Allegearre pracht puttten om mei te set.

De fyts komt alle dagen wol út it hok wei, mar in langere tocht moat wachtsje oant it wurk wer dien is. Lykas sein, is it moaie dat it sa goed kombinearre wurde kin. Om dy reden sil ik takom jier (wer) op ’e fyts nei Denemarken om dêr in moanne as twa te skriuwen en oer te setten.

Geart Tigchelaar
Algemien bestjoerslid

*

Data

Op 12 desimber jouwe Babs Gezelle Meerburg en Lida Dykstra in lêzing oer froulju yn ’e Fryske literatuer yn OBE om 19:30 oere.

Op 20 desimber hawwe wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar om 19:30 oere. Piter de Groot sil nei de tiid op ’e tekst oer fyftich jier Skriuwersboun.

Wy wolle takom jier wer in nijjiersbuorrel hâlde. Dat sil heve yn De Basuin te Ljouwert op 10 jannewaris om 17:00 oere.

Takom jier op 31 jannewaris is it Boekwinterboek, in feest foar skriuwers én lêzers yn Snits om 20:00 oere.

Dichters en foarlêzers kinne harren foar de jierlikse Grutte Gedichtejûn dy’t organisearre wurdt troch Frysk literêr tydskrift Ensafh. Dat sil heve op 8 febrewaris om yn kafee Marktzicht te Drachten. Opjefte kin fia: ensafhpoezij@gmail.com

En ferjit net dat elke lêste freed fan ’e moanne de Fremibu is. Dat is de freedtemiddeisbuorrel foar skriuwers en oare ynteressearren. It is yn kafee Wouters (foar it Ljouwerter stasjon oer) om 16:30 oere. Dus de earstfolgjende is 29 novimber.

*

Redaksje

Hawwe jo nijs foar de Oesdrip? Stjoer in berjocht nei bestjoer@skriuwersboun.nl


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *