Oprop Gedichten foar it FeRstival 2022

Alle jierren organisearret it Cedin it FeRstival, in Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Foar de edysje fan 2022 wurdt wer in FeRsefariaasje-bondel gearstald mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de earste omgong.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:

Starters1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
Trochsetters2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
Toppers4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 en 18 jier.

De groep Starters is de grutste, dus binne dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keas dizze groep opfallend faak it gedicht ‘Rein’ fan Berber Spliethoff. In ienfâldich gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.

De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 6 maaie o.s. fia t.vanakker@cedin.nl. Mear ynformaasje oer it festival is te finen op www.ferstival.frl.


Skriuwgroep FeRstival

Wolle jo ek gedichten skriuwe foar FeRstival mar soene jo tidens it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Dan is it faaks in idee om oan te sluten by de Skriuwgroep FeRstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Arjan Hut oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Digitaal meidwaan is ek mooglik. Dan jout de skriuwgroep feedback fia de e-mail.

De kursus wurdt fergees oanbean troch Cedin en Tresoar.

Skriuwgroep FeRstival
  • Datums: 22 maart, 5 april, 19 april, 3 maaie (reservedatum: 26 april)
  • Tiid: 19.30 oere
  • Kosten: fergees
  • Lokaasje: Tresoar

Der is plak foar maksimaal 12 dielnimmers. Oanmelde kin oant 15 maart by Arjan Hut, a.j.hut1976@kpnmail.nl.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *