De ôfrûne wiken binne der wer moai wat dichtbondels en romans fan leden ferskynd. Lokwinske mei de berte fan jim jongste bernstje! Wy hoopje dat se in soad lêzen wurde en dat ek de presintaasjes dy’t al west binne of noch komme, goed besocht binne of wurde!
Lêze, blinder: Tsien koarte ferhalen fan skriuwers fan no (Tresoar/Kleine Uil)
De tradysje fan koarte ferhalen is lang en ken ek yn Fryslân in rike skiednis. Dy rint fan Aldfrysk en Gysbert Japicx, fia de Halbertsma-bruorrennei Simke Kloosterman oant Trinus Riemersma. Yn dizze spesjale útjefte stean tsien ferskillende koarte ferhalen, oer mantsjes, katten en wittenskip, fan skriuwers fan no. In soad lêswille!
Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma.
Frjemde fûgels – Jan Schokker (Elikser)
De ferbylding foarby. Oan ’e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels?
As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan ’e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa’n fyftich kollums, dy’t allegear publissearre binne yn ’e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs.
Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan ’e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.
Njoggen dagen yn it gers – Abe de Vries (De Ryp)
Njoggen dagen yn it gers is de tolfde dichtbondel fan Abe de Vries. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.
Lykas al syn foargongers bestiet Njoggen dagen yn it gers út nije fersen en al âlder, bewurke materiaal, hieltyd skreaun as transformaasjes fan eigen ûnderfiningen yn talige aventoerkes. En lykas yn syn eardere bondels toant de dichter lef. Hy sparret neat en nimmen, ek himsels net: “Ik hie oan it skriuwen fan poëzij altyd freeslik de skurft”, sa begjint it twadde gedicht yn dizze nije bondel.
Ska(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke – Ids de Roos (De Ryp)
Ids de Roos is berne yn Skarl, al sizze de minsken dêr Skal. Hy ferliet it doarpke doe ‘t er achttjin wie, mar hat Skarl noait hielendal loslitte kinnen. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot en in soad doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses.
De Roos bringt dat alles ta libben yn in tal ferhalen. Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante.
De Bûseskatten fan Poike – Reina&Greetje en Barbara de Ruiter (Afûk)
Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen?
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten, foar bern fan 4 jier ôf.
Zielentocht – Jan Hendrik Woudstra (De Pinne)
Zielentocht’, sa hjit de sânde dichtbondel fan Jan Hendrik Woudstra. It is in samling fan Frysk- en Nederlânsktalige gedichten dy’t de lêzer útnûget om stil te stean by de skjintme en kompleksiteit fan it libben. Elk gedicht is in refleksje op ‘e inerlike wrâld fan’e minske, fol mei freugde, fertriet, hoop en wanhoop.
It dichtwurk fan Woudstra hat altyd ynspirearre west troch de kristlike kearnwearden leauwe, hoop en leafde. Yn de earste seis bondels dy’t er útbrocht, spile benammen ferlies in grutte rol. In soad gedichten ûntstiene as rouferwurking nei it ferstjerren fan syn frou Baukje yn 2016. Hoewol’t er har noch altyd mist, fielt er yntusken ek wer romte om oer freugdefolle saken te dichtsjen.
‘Zielentocht’ befettet bygelyks in opfallend soad gedichten oer de leafde. ‘Dat is net tafallich: dêr’t it hert fol fan is, rint de mûle fan oer’, seit de auteur. Der is in nije frou yn syn libben kommen, Sieta, dêr’t er him fan ‘e maitiid mei ferloofd hat. Ek mocht er in sânde pakesizzer yn ‘e earms slute. De bondel is opdroegen oan dizze jongste pakesizzer, Redmar.
Zomerschaduw – Job Degenaar (Uitgeverij P, Leuven)
Op een warme zomerdag is het weldadig vertoeven onder schaduwrijke bomen. In deze bundel, Degenaars elfde uitgave met uitsluitend nieuw gedichten, staat het licht in al zijn verschijningsvormen centraal, of dit zich nu nabij de poolcirkel of in warmere oorden bevindt, maar ook komen, figuurlijk gesproken, de schaduwkanten van het bestaan aan bod. Zijn werk omvat een breed palet aan onderwerpen, zoals mens & natuur, liefde, geluk, verlies, eenzaamheid, tijd en reizen en wordt veelal getypeerd als heldere poëzie die tegelijkertijd suggestief en raadselachtig is.