Skriuwerworkshop yn it ramt fan Under Wetter fan Tryater

Meikoarten spilet Tryater de foarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. By de foarstelling wurdt in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Do sjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop. Uteinlik kinst dyn skreaune tekst hearre litte by in ynteraktive ferhalerûte.

Under Wetter Kuierferhalen workshop

Wat is der te dwaan?
Kenst noch it krassende lûd fan Fryske houtsjes? Kinst dy noch heuge dat hiele lange iispylken oan de daksgoate hongen? Wat is dyn waarmste iisoantinken? By de workshop fertelt Wessel de Vries, de skriuwer fan it stik, oer it kreative proses fan de teatertekst. Dêrnei silst mei workshopdosint Sytse Jansma sels op syk nei waarme iisferhalen fan eartiids, fan no en fan de takomst. Ferkenst de ferskillende tematiken dy’t yn de foarstelling oan bod komme en ferwurkest dy yn in koart ferhaal.

De resultaten wolle se graach presintearje yn Under Wetter Kuierferhalen, in ynteraktive kuierrûte dêr’t ferhalen yn te beharkjen binne. In redaksje lêst mei dy mei om dyn tekst sa goed mooglik útkomme te litten.

Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling, besjochst de foarstelling (try-out) en silst mei in groepke oan de slach om in nijsgjirrich koart ferhaal te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it moai om oare skriuwers te moetsjen? Dan gean se graach mei dy oan de slach.

Oanmelde
De workshop is tongersdeitejûn 7 april yn it gebou fan Tryater. De foarstelling (try-out) is tongersdeitejûn 12 maaie op de iisbaan fan Wergea. Wês der gau by, want maksimaal 20 skriuwers kinne meidwaan.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 1 april troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma (s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten: € 30,00 (ynklusyf foarstelling en workshop)

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.