Op 1 novimber hâlde wy ús Algemiene Ledegearkomste yn Tresoar. It earste part is lotter foar ús leden, mar fan 19:00 oere ôf is it iepenbier. Janneke Spoelstra en Sytse Jansma sille dan beide sprekke oer harren ûnderfinings as dichter yn it bûtenlân. Wat hat harren dat brocht, wat wie dêr moai of krekt net oan en wat betsjut soks foar harren dichterskip?
Om 20:00 oere hinne sil it dien wêze, mei’t lju dan nei de lêzing fan Jelma Knol kinne dy’t ek yn Tresoar plakfynt. Mear ynformaasje dêroer fine jim hjir.
Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma
Beam
it moaist sit dyn hier as it ljochtgrien krollet op myn jierdei
ik fyn dyn arms sa sterk ast stoeist mei de wyn en winst
it leafst bin ik in fûgel flean gau nei dy ta as bangens my bite wol
ik fyn dyn gesicht sa rêstich soms deftich hast sa’n geduld mei my do fielst it sachtst mei in sniejas en mûtse op dan jou ik dy in krûpke
Presintaasje: De presintaasje sil plakfine op freedtemiddei 2 novimber fan 16.30 – 18.00 oere yn de Afûkwinkel. Elkenien is fan herte wolkom
Boekgegevens: It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier Gearstaller: Elske Kampen / Yllustrator: Marijke Klompmaker Siden: 56 Ferkeappriis: € 12,50 ISBN: 978 94 92176 89 9 www.afuk.frl
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2019 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2019 net slagje om plak te krijen, ek yn 2020 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.
Frysk literêr tydskrift Ensafh ropt jo op om ferhalen, besprekken en essees te skriuwen.
It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.
It nûmer sil de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meikrije. Dêrmei wurdt referearre oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.
Ensafh nûget proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema ‘It geheim fan Fryslân’. It soe de redaksje fan Ensafh tige oanstean as wy yn dat nûmer in moai ferskaat oan nij Frysk proaza publisearje kinne.
Wat de essees oangiet nûgje wy jo út om jo idee(ën) op papier te setten oer de mooglike oanpak fan de soarchlike situaasje dat de merk foar Fryske boeken sa krompen is.
De ynstjoering slút op 20 novimber. Bydragen kinne maild wurde nei redaksje@ensafh.nl
Op freedtejûn 2 novimber nimt Tresoar dy mei nei de wrâld fan Quatrebras, it tydskrift dat yn de jierren ’50 en ’60 in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.
It bysûndere fan Quatrebras wie dat ferskate dissiplines – literatuer, keunst, toaniel, fisuele poëzy – gearwurken en in protte kreativiteit losmakken.
Op dizze jûn is ús bysûndere gast ien fan de lêste redakteuren fan Quatrebras, Gysbert Japicxpriiswinner Josse de Haan, dy’t spesjaal út Spaansk Baskelân wei oerkomt. Ernst Bruinsma sil him ynterviewe en wy biede him in faksimilee-útjefte oan fan syn ‘Anarky’s’.
En fierder:
Koarte lêzings fan Frank den Oudsten, Bert Looper en Ernst Bruinsma
Elske Schotanus draacht foar út wurk fan Hessel Miedema
Muzykoptredens en performances fan Jan Klug, Sytse Jansma en Hans Wijnbergen
Op sneon 3 novimber 2018 wurdt by Nijkleaster yn Jorwert troch de Stifting Krúspunt in workshop organisearre foar dichters, skriuwers en oare belangstellenden. Doel is in oantrún te jaan by it skriuwen fan sjongbere Frysktalige lieten foar in liturgyske setting.
Ynlieder is David de Jong, fan wa’t meardere teksten yn it Nije Fryske Lieteboek (útjefte Royal Jongbloed / Krúspunt 2019) opnommen binne. Wy oefenje dizze dei aktyf yn it skriuwen fan fersen, mei Rispinge as tema. Meardere wurkfoarmen wurde brûkt, begelieding is beskikber. De rispinge fan dizze dei fynt in delslach yn de fesper, dy’t de dei ôfslút.
09:15 Ynrin 09.30 Moarnsgebed 10.00 Wolkom en kennismakking Sipke Huismans en Tryntsje van der Veer 10:30 Ynlieding David de Jong 11:00 Oan ’e slach 12:15 Lunsj yn It Wapen fan Baarderadiel 13:00 Kuier 14:15 Oan ’e slach 15:30 Skoft en tarieding Fesper 16:00 Fesper ‘Rispinge’ 16:30 Ofsluting
Kosten: € 30,- de persoan (ynkl. kofje/tee en fegetaryske lunsj mei sop). Binne jo dochs ferhindere? Dan kinne jo jo ôfmelde foar 1 novimber fia info@nijkleaster.nl. Wy gean der dan fanút dat wy jo bydrage foar dizze dei beskôgje meie as in gift foar Nijkleaster. Iepenbier ferfier: De bus (93) komt troch Jorwert. It treinstasjon yn Mantgum leit op 2 kilometer fan Jorwert.
De Frysktalige dichter Sytse Jansma en de Nederlânsktalige dichter Frank Keizer binne op it stuit op it Kistrech International Poetry Festival yn Kisii, Kenia. Hja drage dêr foar út eigen wurk, jouwe wurkwinkels en sille op ûndersyk út foar it meitsjen fan nij wurk. De resultaten fan dy poëtyske ekspedysje presintearje sy takom jier, ûnder de sande edysje fan Explore the North (2019).
It Kistrech International Poetry Festival yn Kenia is op dit momint ien fan ’e grutste en populêrste literêre eveneminten yn Afrika. It festival bringt lokale en ynternasjonale dichters byinoar en lit de pleatslike befolking aktyf kennismeitsje mei poëzy en oare talen en kultueren (en oarsom). Dit jier nimme dichters en keunstners út ûnder oaren Finlân, Yndia, Israël, Kanada en fansels Kenia sels diel oan it festival. Sytse Jansma en Frank Keizer, twa dichters mei Fryske roots, binne op útnûging fan Explore the North út namme fan Nederlân yn Kisii oanwêzich.
Sytse Jansma ûndersiket yn syn poëzy ûnder oaren it stjoerende karakter fan taal. Yn Kenia set er dy line troch en ferdjippet er him yn it ynterdissiplinêre karakter fan de Keniaanske skriuwkeunst. Hokker ynfloed hawwe film en muzyk op poëzy? En hoe ferskilt de Fryske en Nederlânske kultuer dêryn fan ’e Keniaanske kultuer? Jansma ûndersiket yn syn lêste dichtbondel as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht (2015) de grins tusken poëzy en it libben sels. Njonken in persoanike, artistike syktocht bringt er yn Kenia ek besites oan skoallen om learlingen te ynspirearjen mei ûnder oaren wurkwinkels kreatyf skriuwen. Bekend terrein foar Sytse, want as edukaasjemeiwurker by Tryater hâldt er him alle dagen dwaande mei de kulturele ûntwikkeling fan skoaljeugd.
“Poëzy skriuwe is in wize om it stjoerende karakter fan taal bleat te lizzen. Hoe soe it Fryske lânskip beskreaun wurde kinne út ‘global perception’ wei? Hat in Fryske boeresleat ek Japanske of Keniaanske eigenskippen? Skriuwe is lykas reizgje. Stelst dysels in doel, mar ûnderweis komst wat oars tsjin. Ik wol my graach mei iepen blik ferwûnderje oer wat Kenia by biede kin.” – Sytse Jansma
Frank Keizer freget him ûnder de reis ôf wat it betsjut om, yn de wurden fan de Keniaanske skriuwer Ngũgĩ wa Thiong’o, it ‘sintrum te ferpleatsen’ – yn geografyske, politike en kulturele sin. Hy giet op syk nei hybride foarmen fan skriuwen: op de grins fan poëzy, filosofy en proaza. Hy siket nei foarmen dy’t wat sizze oer de yntimiteit tusken geografysk fier útinoar lizzende plakken.
Earder dit jier gienen fia Explore the North de Fryske dichters Geart Tigchelaar en Sigrid Kingma nei it StAnza Poetry Festival yn Skotlân foar in poëtyske gearwurking. Mei twa Skotske dichters presintearren hja de útkomsten fan dy útwiksel op it Taletúnfestival yn Ljouwert.
De reis fan Sytse Jansma en Frank Keizer nei Kenia komt mei ta stân tanksij de stipe fan it Nederlânsk Letterefûns.
Grytsje Schaaf, romtlik wurk ‘Diiskâld skrousk klomsk’, stiel en ferskate coatings
De dichter of keunstner sit foar syn wite papier en ynienen falle der wurden en bylden. Wêr komme dy wurden en bylden wei? Ut de leechte? Samar? Is it hieltyd wer begjinne mei in skjin laai?
Yn de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa ferwurdzje en ferbyldzje mear as tritich dichters en keunstners harren begryp fan leechte. Wat betsjut leechte, hoe meitsje sy leechte, begjint alles altyd wer op’e nij? It risseltaat is in rike útstalling mei teksten, bylden en lûden dy’t ús as taskôger meinimme nei de yndividuele keunstners en harren wrâld, mar ús ek konfrontearje mei dy eksistinsjele fraach oft alles mei in skjin laai wer begjinne kin. De eksposysje is te sjen fan 14 oktober o/m 16 desimber yn de Doarpstsjerke yn Beetstersweach.De útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa is ta stân kommen as ûnderdiel fan it programma ‘Sssstt…! hjir flústeret de tiid’ yn it ramt fan LF2018. Ien fan de wichtigste taken fan Tresoar is it befoarderjen fan de Fryske literatuer. Wy wolle dat dwaan troch it bieden fan poadia oan Fryske dichters. Tagelyk wolle wy ferskate dissiplines bymekoar bringe: literatuer, byldzjende keunst, muzyk en toaniel. Mei Skjin Laai/Tabula Rasa litte keunstners en dichters de rykdom fan dy kombinaasje sjen.
Wêr:Projektromte Haadstrjitte 17, Haadstrjitte 17, Beetstersweach Wannear: Fan 14 oktober o/m 16 desimber, tongersdei o/m snein fan 13.00 – 18.00 oere.
Neist de tentoanstelling is der in ynteressant lêzingeprogramma om it tema fierder út te wurkjen:
Snein 28 oktober 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15 Bert Looper, direkteur fan Tresoar: ‘De ûntdekking fan de leechte yn de Fryske literatuer en keunst’
Snein 11 novimber, 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15 Yvonne F.M. Ploum, keunsthistoarika, Armando-ekspert, adviseur en kurator bij ‘Kunst van Ploum’: ‘Armando – Tussen het weten en begrijpen’
Sneon 24 novimber, 14.00-16.00, Doarpstsjerke en Projektromte, Haadstrjitte 17 Literêre Middei mei koarte lêzingen, foardrachten en optredens oer it tema ‘leechte’
Snein 9 desimber, 15.00-16.00, Doarpstsjerke Beetstersweach, Haadstrjitte 15 Joke Hermsen, skriuwster en filosofe: ‘De leegte van een landschap, dat zich gestaag vult met tijd’
Foar mear ynformaasje: info@tresoar.nl Yntree: € 5,00, kaarten oan de kassa
Yn de tentoanstelling is wurk te sjen fan: Armando, Willem Abma, Harmen Abma, Pieteke de Boer, Bernard Aubertin, Edwin de Groot, Sies Bleeker, Tsjisse Hettema, Bram Bogart, Eeltsje Hettinga, Marije Bouman, Hein Jaap Hilarides, Jan Henderikse, Simen de Jong, Maaike Hogerhuis, Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Anke Kuypers, Rein de Lange, Jan Maaskant, Bartle Laverman, Albert Oost, André Looijenga, Zoltin Peeter, Aggie van der Meer, Grytsje Schaaf, Henk Nijp, Baukje Scheppink, Marije Roorda, Jan Schoonhoven, Geart Tigchelaar, Kaneli & Smit, Jetze de Vries en Syds Wiersma.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.