Toanielskriuwkursus ‘Dyn earste ienakter’

Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in toanielskriuwkursus yn gearwurking mei KeunstwurkSTAF en St.U.F.T.

Yn de online groepsesjes krijst útlis oan de hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Krijst persoanlike feedback op de ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan de ein fan de kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.

Geskikt as ferfolch op de toanielskriuwkursus ‘Je eigen stem vinden’ dy’t yn oktober begûn is by Keunstwurk. Mei de help fan útienrinnende skriuwoefeningen giest by dy kursus op ’e syk nei dyn eigen stim as toanielskriuwer.

Oanmelde
Oanmelde kin oant moandei 8 maart 2021 by Keunstwurk. Oan dizze kursus kinne maksimaal 7 persoanen dielnimme.

Praktyske ynformaasje
Data: Moandei 15 & 29 maart, 12 & 26 april, 17 & 31 maaie 2021
Tiid: Fan 20.00 oant 21.00 oere
Lokaasje: Online
Kosten: 180 euro
Taal: Nederlânsk en Frysk
Maksimaal oantal dielnimmers: 7
Oanmelde: Kin oant 8 maart 2021 by Keunstwurk

Oer dosint: Wessel de Vries
Wessel de Vries (1994) is toanielskriuwer en skriuwt senario’s foar films. As toanielskriuwer wurket er in soad yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep), mar ek dêrbûten (KASKO/Kameroperahuis, Theater Sonnevanck). Films skriuwt er benammen yn opdracht fan syn eigen filmkollektyf Natte Haring, dêr’t er de films ‘Het Grandioze Falen’ en it bekroane ‘Drie mensen vinden een auto’ mei makke.

De teksten dy’t Wessel skriuwt wurde kenmerke troch humor en fantasy en behannelje in ferskaat oan ûnderwerpen. Sa skreau er û.o. oer trije bruorren dy’t it hûs net út doarre (‘Schiettent’, 2016), syn favorite fuotbalklup (‘Het Heilige Hert van Cambuur’, 2018) en oer kampingbewenners dy’t sykje nei it paradys (‘Part time Paradise’, 2019). Foar KASKO ûntwikkele Wessel in tekst oer it ferjeien fan demoanen op in aaklik tsjerkhôf (‘De Klok en het Meisje’, 2018).

Dyn earste publikaasje?
Der is yn it amateurteater in soad ferlet fan nije ienakters. Wa’t dat wol, kin syn ôfrûne stik foardrage litte oan Utjouwerij St.U.F.T. (Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel). Sy jouwe alle jierren ferskate ienakters út en sykje altyd nei nij talint. It stik sil dan yn it Frysk útjûn wurde (oarspronklik of oerset).

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *