Transpoësie 2025

Dit jier sil it Frysk op it festival Transpoësie yn Brussel en Antwerpen, op 18 en 19 septimber, fertsjintwurdige wurde troch dichter Jan Kooistra.

Jan Kooistra is berne op 15 febrewaris 1959 yn Wâlterswâld. Hy wennet op it stuit yn Anloo en wurket as dosint Nederlânsk op it Praedinius Gymnasium yn Grins. Kooistra debutearre yn it literêre tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1983 oant 1998 diel útmakke fan ‘e redaksje. Sûnt 2018 is er lid fan it Frysk dichterskollektyf Rixt. Op de webside binne dêr gedichten fan him te finen. Foar it Frysk literêre tydskrift Ensafh skriuwt er ek gedichten en publisearret er geregeld resinsjes.

Hy hat fiif dichtbondels op syn namme. Yn 1981 ferskynde syn debútbondeltsje Ballads, in bibliofile útjefte, en yn 1984 syn earste, echte bondel De sulveren apels fan de moanne. De taal yn beide earste bondels is benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Yn 1992 ferskynde Dame fan myn dagen en yn 1998 Gershipper. Yn 2014 ferskynde syn lêste bondel Blues fan ’e sângrûn by útjouwerij Wijdemeer.

Jan Kooistra sil op it festival ûnder oare it gedicht Jûnskuier yn febrewaris foardrage. Mear ynformaasje oer de tiden en mear komt letter noch.

Facebooktwittermail

Rispinge Simmer 2025

De ôfrûne wiken binne der wer moai wat dichtbondels en romans fan leden ferskynd. Lokwinske mei de berte fan jim jongste bernstje! Wy hoopje dat se in soad lêzen wurde en dat ek de presintaasjes dy’t al west binne of noch komme, goed besocht binne of wurde!

Lêze, blinder: Tsien koarte ferhalen fan skriuwers fan no (Tresoar/Kleine Uil)

De tradysje fan koarte ferhalen is lang en ken ek yn Fryslân in rike skiednis. Dy rint fan Aldfrysk en Gysbert Japicx, fia de Halbertsma-bruorrennei Simke Kloosterman oant Trinus Riemersma. Yn dizze spesjale útjefte stean tsien ferskillende koarte ferhalen, oer mantsjes, katten en wittenskip, fan skriuwers fan no. In soad lêswille!

Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma.

Frjemde fûgels – Jan  Schokker (Elikser)

De ferbylding foarby. Oan ’e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels?

As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan ’e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa’n fyftich kollums, dy’t allegear publissearre binne yn ’e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs.

Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan ’e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.

Njoggen dagen yn it gers – Abe de Vries (De Ryp)

Njoggen dagen yn it gers is de tolfde dichtbondel fan Abe de Vries. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.

Lykas al syn foargongers bestiet Njoggen dagen yn it gers út nije fersen en al âlder, bewurke materiaal, hieltyd skreaun as transformaasjes fan eigen ûnderfiningen yn talige aventoerkes. En lykas yn syn eardere bondels toant de dichter lef. Hy sparret neat en nimmen, ek himsels net: “Ik hie oan it skriuwen fan poëzij altyd freeslik de skurft”, sa begjint it twadde gedicht yn dizze nije bondel.

Ska(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke – Ids de Roos (De Ryp)

Ids de Roos is berne yn Skarl, al sizze de minsken dêr Skal. Hy ferliet it doarpke doe ‘t er achttjin wie, mar hat Skarl noait hielendal loslitte kinnen. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot en in soad doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses.

De Roos bringt dat alles ta libben yn in tal ferhalen. Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante.

De Bûseskatten fan Poike – Reina&Greetje en Barbara de Ruiter (Afûk)

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm, allegear kinne it bûseskatten wêze. Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten om te strunen en skatten te ûntdekken en te sammeljen?

De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en knutselwurkjes ynspirearre op sammele bûseskatten, foar bern fan 4 jier ôf.

Zielentocht – Jan Hendrik Woudstra (De Pinne)

Zielentocht’, sa hjit de sânde dichtbondel fan Jan Hendrik Woudstra. It is in samling fan Frysk- en Nederlânsktalige gedichten dy’t de lêzer útnûget om stil te stean by de skjintme en kompleksiteit fan it libben. Elk gedicht is in refleksje op ‘e inerlike wrâld fan’e minske, fol mei freugde, fertriet, hoop en wanhoop.

It dichtwurk fan Woudstra hat altyd ynspirearre west troch de kristlike kearnwearden leauwe, hoop en leafde. Yn de earste seis bondels dy’t er útbrocht, spile benammen ferlies in grutte rol. In soad gedichten ûntstiene as rouferwurking nei it ferstjerren fan syn frou Baukje yn 2016. Hoewol’t er har noch altyd mist, fielt er yntusken ek wer romte om oer freugdefolle saken te dichtsjen.

‘Zielentocht’ befettet bygelyks in opfallend soad gedichten oer de leafde. ‘Dat is net tafallich: dêr’t it hert fol fan is, rint de mûle fan oer’, seit de auteur. Der is in nije frou yn syn libben kommen, Sieta, dêr’t er him fan ‘e maitiid mei ferloofd hat. Ek mocht er in sânde pakesizzer yn ‘e earms slute. De bondel is opdroegen oan dizze jongste pakesizzer, Redmar.

Zomerschaduw – Job Degenaar (Uitgeverij P, Leuven)

Op een warme zomerdag is het weldadig vertoeven onder schaduwrijke bomen. In deze bundel, Degenaars elfde uitgave met uitsluitend nieuw gedichten, staat het licht in al zijn verschijningsvormen centraal, of dit zich nu nabij de poolcirkel of in warmere oorden bevindt, maar ook komen, figuurlijk gesproken, de schaduwkanten van het bestaan aan bod. Zijn werk omvat een breed palet aan onderwerpen, zoals mens & natuur, liefde, geluk, verlies, eenzaamheid, tijd en reizen en wordt veelal getypeerd als heldere poëzie die tegelijkertijd suggestief en raadselachtig is.

Facebooktwittermail

Winners Rely Jorritsmapriis 2025

Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra (Ljouwert), ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma (Harns).

De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl) en ‘De swimmers’ fan Tryntsje van der Steege (Nijegea).

It is moai om in pear leden in lokwinske stjoere te kinnen!

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 71ste kear útskreaun waard, wienen 90 ynstjoeringen ynkommen, te witten 43 ferhalen en 47 gedichten. De sjuery bestie diskear út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 4 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.  

Facebooktwittermail

Simmerkuier

Op sneon 9 augustus is elk wolkom foar in noflike simmerkuier yn en troch Feanwâlden.
By de Schierstins wei sil masterferteller Douwe Kootstra ús rûnliede troch it doarp fan Theun de Vries. Ek is der in besite oan de Theun de Vries-keamer. Der is plak foar maks.
20 persoanen en foar leden fan it Skriuwersbûn is de kuier fergees.

We sette útein om 13.00 oere en nei de kuier is der noch in neisit (sa rûn 15.30 oere) mei flaubyt.

Opjaan kin fia de mail: ynfo@skriuwersbun.frl

Oant dan!

Facebooktwittermail

Bestjoerslid socht

Willem Verf hat mei yngong fan 1 july syn funksje as foarsitter en bestjoerslid fan it Skriuwersbûn dellein. Hy sjocht mei nocht werom op in perioade fan 4 jier wêryn it Skriuwersbûn organisatoarysk in nije start meitsje koe en mear respekt en ynfloed yn de Fryske kulturele rûnten wûn hat. Hy hie graach syn termyn as foarsitter fol meitsje wollen, mar syn sûnens liet dat net mear ta.

Dat betsjut dat wy wol fersterking nedich hawwe yn it bestjoer. Foarearst nimt Ammerins de taken as foarsitter oer, mar dat kin fansels net ek mei it wurk as sekretaris/skriuwer. De taken fan foarsitter en sekretaris moatte dus ferdield wurde.

It giet om frijwilligerswurk, mei in ridlike fergoeding foar it wurk en de reis- en oare onkosten.

Wêrom soest bestjoerslid wurde wolle?

  • Kinst fan betsjutting wêze foar de Fryske skriuwerij
  • Wurdst diel fan in entûsjast team mei motivearre kollega’s
  • Komst yn ’e kunde mei tal fan persoanen en organisaasjes dy’t aktyf binne op literêr mêd
  • Kinst dyn kultureel-literêre netwurk fierder ûntwikkelje en optimaal brûke

Wat binne de spesifike taken?

Foarsitter

  • Kontakten ûnderhâlde mei Tresoar, Boeken fan Fryslan, City of Literature ensafh., witte wat dêr ûndernaam wurdt, de ferantwurdlike minsken kenne, soargje dat sy dy en it Skriuwersbûn kenne, op dy wize betingsten skeppe dat ús leden optimaal meidwaan kinne yn de aktiviteiten fan dizze organisaasjes
  • Alles watst op dy nimst yn de bestjoersgearkomsten, wêrûnder it Bûn ekstern fertsjinwurdigje by ferskate gelegenheden

Sekretaris

  • Ferslaggen skriuwe fan de gearkomsten, foarsitter helpe by de tarieding
  • Mailbox beheare
  • Dripke (wyklikse nijsbrief)
  • Sosjal media (wêr fan tapassing) en de website byhâlde

Wat moatst kinne?

  • Maklik kontakten lizze, belangstelling hawwe foar aktiviteiten fan oaren, entûsjast fertelle kinne oer de aktiviteiten fan it Bûn, oprjuchte ferbining ta stân bringe
  • Kritysk wêze, yn kombinaasje mei in koöperative ynstelling
  • Loyaal teamwurk leverje
  • Goed Frysk skriuwe en lêze, fan de taal en har literatuer hâlde
  • (en fansels lid wêze of wurde fan it Skriuwersbûn)

Hoefolle tiid kostet it?

  • It bestjoer komt 11 kear yn it jier gear, der binne jierliks twa ledegearkomsten, mei foar- en neiwurk kostet dat al gau sa’n 8 oeren yn ’e moanne
  • De ‘eksterne kontakten’, ôfspraken mei ynstânsjes/organisaasjes en ek de sosjale gearkomsten, fergje, mei tarieding en rapportaazje, nei ferwachting sa’n 40 oeren yn it jier
  • Bysûndere aktiviteiten, lykas in Skriuwerswykein/Skriuwersmiel/ekskurzjes, freegje wat ekstra tiid

Fragen? Dan kin dat fansels telefoanysk of fia de mail! (ynfo@skriuwersbun.frl – Ammerins: 06-12730063)

Facebooktwittermail

Algemiene Ledegearkomste op 5 juny 2025

Hjoed binne de stikken nei de leden stjoerd foar de Algemiene Ledegearkomste op 5 juny. De wurklist stiet ek by de dokuminten op dizze reachside. Mochten der noch leden wêze dy’t de stikken graach op papier tastjoerd krije, dan kin dat fansels. Even maile nei it bestjoer!

Wy sjogge graach sa folle mooglik leden op 5 juny.

Facebooktwittermail

Ferslach Skriuwerswykein 2025 online

It hat even duorre, mar ja… it libben… Mar wa’t it ferslach fan it Skriuwerswykein fan ôfrûne febrewaris lêze wol, kin hjir terjochte! It wie in tige smûk wykein en wy hawwe it wer tige moai hân mei-inoar.

Op de Algemiene Ledegearkomste op 5 juny sil der fêst noch wat oer neipraten wurde. De stikken foar dy gearkomste komme gau yn ‘e mail nei de leden ta!

Facebooktwittermail

Skriuwerswykein 2025

Op 8 en 9 febrewaris 2025 sjogge wy ús leden graach op it Skriuwerswykein by Nieuw Allardsoog, Bakkefean. It programma is hjir te finen. Opjefte kin troch it ynfoljen fan it ynskriuwformulier.

SNEON 8 FEBREWARIS 2025

Fan 10.00 oere ôf wolkom mei kofje, tee en wat lekkers

11.00: Anja Steegstra hâldt in ynlieding oer skriuwen foar it toaniel en har manier fan skriuwen. Ek fertelt se oer har ûnderfining mei it bewurkjen fan in roman nei in toanielstik en hokfoar stroffelstiennen  se tsjinkommen is. Sy giet fierders  yn op de ferskillen en oerienkomsten tusken it skriuwen fan in boek en it skriuwen fan in skript. Der is rom tiid om ek fragen te stellen.

12.00: Lunsj

13.30: Workshop û.l.f. Anja: de skriuwers krije in oantal hânfetten dy’t nedich binne by it skriuwen fan in sêne. Dêrnei krije se in plot om sels út te wurkjen ta in sêne. Der komme twa akteurs mei dy’t ien of mear sênes  (mei de tekst yn de hân) úspylje sille en Anja jout har feedback.

15.00: Skoft

15.30: Oersette út en nei it Frysk – de ôfrûne jierren binne der prachtige wurken út de wrâldliteratuer nei it Frysk oersetten, mar út it Nederlânsk wei is de list noch koart, sa fernaam Ammerins Moss-de Boer by it skriuwen fan it taaldossier Nederlânsk-Frysk foar it Expertisecentrum Literair Vertalen. Ek Pieter de Groot die in oprop ta mear oersettingen yn de LC. Hoe kinne wy hjir as Skriuwersbûn – en yndividuele skriuwers en taalleafhawwers –in positive bydrage leverje? Wat wolle wy fan de Provinsje en it Ryk yn oanfolling op de besteande regelingen? En fansels ek oarsom: hokker Fryske skriuwers moatte de Hollanders echt lêze kinne yn harren eigen taal?

17.30: Aperityf en Skriuwersmiel

20.00: Bûnte Jûn: in foardracht, spoken word, in liet, in kabaretstikje, dûns, toanielstikje, performance – alles mei, salang’t it mar smûk is! Fansels mei in drankje en flaubyt oant de lêste de ôfwaskmasine oan set 😊

SNEIN 9 FEBREWARIS 2025

7.30: Moarnskuier mei Jan Hendrik Woudstra

9.00-10.00: Moarnsbrochje

10.30: Abe de Vries jout in lêzing oer syn biografy oer Waling Dijkstra. Hy giet yn op it skriuwproses en it libben fan Waling. Wat makket him sa nijsgjirrich om in biografy oer te skriuwen? It publyk sil aktyf by de lêzing behelle wurde. Nei de lêzing is der romte foar fragen. De lêzing sil ek iepensteld wurde foar net-leden, dus diel dit ek foaral mei kunde!

12.30: Lunsj

14.00: Wer op hûs oan! Wa’t noch in slach om dwaan wol, kin noch even genietsje fan de moaie omjouwing.

Facebooktwittermail

Rispinge hjerst 2024

En samar ynienen is it novimber! Dat betsjut dat it wer tiid is om in moaie list te meitsjen fan it wurk dat de ôfrûne moannen ferskynd is. En dat is in moaie list! Om’t hjoed ek it Boekefeest is, en de Fryske Boekewike moarn begjint, is it fansels sa dat in soad skriuwers nij wurk yn dizze perioade oanbiede. Dus, nei de winkel, dan krije je der ek noch gratis in ekstra boek by!

Fan ús leden allinnich al binne de folgjende wurken ferskynd (en folgjende wike komme der noch in pear by…):
Marga Claus – Libbe (Afûk)
Durk van der Ploeg – De neidagen (Het nieuwe kanaal)
Martsje de Jong – oersetting De rôf fan de Fryske mummy fan Jorrit de Klerk (Afûk)

Al earder yn it jier ferskynd, mar in bytsje ûndersnijd en dêrom no even wer yn it sintsje: Tiemersma, Koos – Koade read (Het Nieuwe Kanaal)
Gabrielle Terpstra – Tsjintwurdich is alles better (Hispel)


En yn it Nederlânsk:
Lida Dykstra – De wonderverteller, over de reizen van Marco Polo (Luitingh-Sijthoff)
Jetske Bilker – Spiegel en sonde (Noordboek, eigen oersetting fan Spegel en sonde)
Tjeerd Schuhmacher – De vuurtorenwachter en zijn dochter (Elikser)
Reina&Greetje – Lang zal eland leven (Aurora Concepts)
Joke Pas – Leven (Trivium Uitgeverij)

Folgjende wike folget der noch in koarte list!

Facebooktwittermail