Besunigings op taal en kultuer? Nee! Tekenje de petysje!

Ofrûne woansdei wiene Willem, Sjieuwe en Ammerins te gast yn it Provinsjehûs, om oan de fraksjes fan de BBB, FNP, GrienLinks/PvdA, CU, SP, CDA en it lid Margreet Kuper ús plan “Mear lêze en dus mear skriuwe” te presintearjen. Der wie in soad ynteresse, we krigen in tal fragen en it earste foarstel foar in moasje siet al yn de mailboks om te besjen en wêr nedich wat oan te passen. Want, kommende woansdei, 19 juny wurde sawol it Kultuerbelied 2025-2028 as de Taalnota 2025-2028 besprutsen yn de Steaten.

Allinnich, tagelyk mei de nije taalnota, mei moaie plannen dy’t it Frysk foarút helpe kinne, steane der ek besunigings op it programma. Dêrtroch steane de ambysjes faai. Tekenje en ferspried dêrom de petysje fan de Rie foar de Fryske Beweging en lit jo lûd hearre. Provinsje, kear dit op!

Kearn fan it nije taalbelied is, dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Mar it taalkado en tydskrift ‘Heit & mem’ reitsje in grut part fan de subsydzje kwyt. Beide binne bedoeld om âlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dy’t de provinsje helpt om Europeesk ûndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalûndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. De Stellingwarver Schrieversronte wurdt flink koarten op de subsydzje, en sawol de Fryske Rie as de Rie foar de Fryske Beweging rikke al harren jild kwyt. Ek oare besunigingen binne net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.

De provinsje hat ferskate finansjele tafallers hân, mar hâldt no ynienen de hân op de ponge. Yn 2026 is der wer jild. Dêrom freegje wy:

  • Provinsjale Steaten soene beslute moatte om no net te besunigjen, mar de tafallers te brûken.
  • Praat earst mei de belutsen organisaasjes om te sjen, hoe’t se mei de provinsje ta in oplossing komme kinne. Want dat is oant no ta noch net bard!

Lit jo lûd heare en tekenje de petysje: https://www.petities.com/besunigings_op_it_frysk_fan_tafel

Facebooktwittermail

In memoriam: Hindirk Hannema (1990-2024)

Op 17 maaie is Hindirk Hannema (Schotanus) ferstoarn. Noch mar 33, in grut talint op it flak fan absurdistyske poëzij. Mei syn earste (twatalige) bondel, Myn mem is noch faam, makke er yn 2021 djippe yndruk. Skriuwe wie foar him ‘suvere magy bedriuwe’.

Hindrik wie noch mar koart lid fan It Skriuwersbûn, mar we wienen allegearre al gau oerdondere troch de kombinaasje fan in sêfte jonge en syn innovearjende wize fan optreden en opfallende ferskining op it poadium. Wy sille him misse!

Op de reachsiden fan De Moanne en Ensafh. binne de werinneringen oan Hindirk te lêzen fan Tialda Hoogeveen en Gabriëlle Terpstra.

Facebooktwittermail

Oanrekommandaasjes P.C. Hooft-priis 2025 Proaza

P.C. Hooft-priis foar Durk van der Ploeg of Hylke Speerstra?

It Skriuwersbûn docht in oanrekommandaasje oan de sjuery fan de P.C. Hooft-priis foar proaza 2025. De skriuwers dêr’t it om giet, binne Durk van der Ploeg en Hylke Speerstra. De oanrekommandaasje is op de reachside te finen.

De P.C. Hooft-priis is in oeuvrepriis dy’t neffens it reglemint fan de P.C.  Hooft-stifting takend wurde kin oan in Nederlânsktalich auteur of in benammen yn it Frysk publisearjende skriuwer. Yn de 75 jier dat de priis bestiet, is der lykwols noch nea in haadsaaklik Frysktalige skriuwster of skriuwer beleanne. Unbekendheid mei de Fryske literatuer by de sjuerys spilet neffens it Bûn dêr sûnder mis in grutte rol by. De Fryske skriuwerij docht foar oare literatueren net ûnder. It Bûn hat dêrom op him naam de P.C. Hooft-stifting en de troch har beneamde sjuery fan goede ynformaasje te foarsjen.

De oanrekommandaasje is, nei oerlis mei it bestjoer fan it Bûn, skreaun troch Martsje de Jong fan Bitgum. It bestjoer is ferantwurdlik foar de seleksje fan de auteurs.

.

Facebooktwittermail

Twatalige bondel fan Jan Hendrik Woudstra – Levensadem

Jan Hendrik Woudstra presintearre ôfrûne moanne yn It Geboutsje yn Drachtster Kompenije syn sechsde dichtbondel: ‘Levensadem’. Woudstra lies op dizze middei foar út syn nijste bondel. Njonken gedichten is in ‘Levensadem’ ek in famyljeferhaal opnaam. Dit jier is it hûndert jier lyn dat Jan Modderman fermoarde waard. It ferhaal giet dat hy de oerpake wie fan Jan Hendrik. Wilens it skriuwen fan dit famyljeferhaal wiene der ûntjouwingen dy’t nei hûndert jier antwurd joegen.

‘Levensadem’ is al te keap by útjouwerij De Pinne of by Woudstra sels fia inGedichten7@gmail.com (ISBN 9789403733319).

Facebooktwittermail

Earste rispinge fan 2024

De ôfrûne moannen binne der alwer in moai prutsje boeken útjûn. Us leden sette wy dan graach noch even yn it sintsje!


Piter Boersma – It libben fan Fimme Lap (Hispel)

Sjoerd Bottema – De sjongende ridder (Afûk)

Gjalt de Groot – Dy ferrekte Grousters (Louise)

Lubbert-Jan de Vries – Liet fan mysels / Walt Whitman (Hispel)

Jan Hendrik Woudstra – Levensadem (dichtbondel yn it Frysk en Nederlânsk) (De Pinne)

Facebooktwittermail

Rink van der Veldepriis foar Gerard Marcel de Jong

De Rink van der Veldepriis 2024 giet nei Gerard Marcel de Jong foar syn boek Blau fan dagen, griis fan ônrust. It is in romandebút, en tagelyk de earste (by in útjouwer útbrochte) roman yn de Biltske taal. It boek is neffens de sjuery, besteande út Ans Wallinga, Ammerins Moss-de Boer en Douwe de Bildt, ‘in benearjend en louterjend boek dat de lêzer neitinke lit oer identiteit, it plak dêr’t je opgroeie en it dilemma fan bliuwe of loslitte en fuortgean.’

De Rink van der Veldepriis is in twajierlikse priis fan de gemeente Smellingerlân en de Stifting FLMD. De priis –  in byld fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan € 2000 – wurdt op 22 juny útrikt yn It Polderhûs op de Feanhoop. 

Lokwinske Gerard!

Facebooktwittermail

Ledebulletin maitiid 2024

By de útnûging foar de ledegearkomste fan 18 april
Njonken de wenstige ûnderwerpen yn de maaitiidsgearkomste dy’t te krijen hawwe mei de ferantwurding fan it bestjoer, wolle wy trije wichtige ûnderwerpen besprekke.
Alderearst de aksjes dy’t wy as Bûn ûndernimme sille rjochting de provinsjale polityk.
Op de reachside fine jimme allerhanne stikken dy’t dêrmei te krijen hawwe; hja wurde fermeld op de wurklist. It stappeplan foar de aksjes is mei de stikken foar de gearkomste meistjoerd.

Wêrom is dit sa belangryk foar de ledegearkomste?
Foar suksesfolle aksjes kin it net sûnder aktive ynbring fan leden. Yn de Provinsjale polityk is (oant no ta) totaal gjin omtinken foar de Fryske skriuwerij. Op ús needgjalp (sjoch reachside) kaam gjin reaksje. Tegearre moatte wy soargje dat dit oars wurdt. Wat wy yn ’e holle hawwe as bestjoer, sil fan ’e leden mar beheind tiid fergje. Mienskiplike ynset is lykwols essinsjeel. As der gjin mear omtinken en jild fan de Provinsje Fryslân foar de skriuwerij komt, is ús ynset as auteurs en oersetters ta stadich weiwurden keard… (De nije BFTK jout hope, mar tasizzingen op papier binne noch gjin aksje yn de praktyk…)

Twad: beneaming bestjoersleden. Ammerins en Willem tekenje foar nochris trije jier. Sjieuwe Borger hat him oanmelden as nij bestjoerslid. Hy stelt himsels foar op in taheakke by de fergaderstikken. As bestjoer binne wy wiis mei syn kandidatuer. Sjieuwe is njonken auteur ek jurist. Prima ekspertize om yn in bestjoer te hawwen!

Tred, as haadûnderwerp: wat is de aktuele situaasje en wat kin de takomst wêze fan de sutelaksje?Ferdinand de Jong is de organisator en sintrale persoan. Hy sil fertelle wat de wurkwize op it stuit is en wat de resultaten binne. Dan sille wy mei him en ûnderling fan gedachten wikselje oer de takomst. Fragen dy’t wy fan ferskate leden krigen oer dit ûnderwerp wienen bygelyks: “Wêrom wurd ik as skriuwer selden of noait frege om mei te suteljen?” “Wêrom binne der net mear sutelaksjes?” “Wêrom ferskynt der net lykas foarhinne ien kear yn it jier in moai foarmjûne, kleurige krante dêr’t alle nije Fryske publikaasjes yn beskreaun wurde, en boppedat alles wat der yn it Frysk (noch) te krijen is ûnder omtinken fan safolle mooglik Friezen brocht wurdt?”

Genôch tema’s foar pittige diskusje, sa liket ús ta!

Wy sjogge jim graach tongersdei 18 april fan 19.30 oere ôf yn Café De Gouden Leeuw, Tresoar!
Febrewaris 2025: Willewurk op it folgjende Skriuwerswykein!
Oer minder as in jier is it alwer safier: in Skriuwerswykein yn Bakkefean. 8 en 9 febrewaris 2025, hâld dy datums frij foar dit learsume en gesellige evenemint. Op sneon binne wy dwaande mei alderearst in ynlieding oer toanielskriuwen, dan in workshop wêryn wy yn groepkes in spylbere miny-ienakter of kabareteske skets skriuwe en oefenje. De jûns bringe wy itjinge dat wy skreaun hawwe foar it fuotljocht op de bûnte jûn. Neffens it prinsipe: alles mei, salang it net dystopysk is. De sneins is der in ynteressante ynlieding oer in Frysk-literêr ûnderwerp, dêr’t ek de bûtenwrâld wolkom by is, wat ús skriuwers gelegenheid jout om mei lêzers kontakt te hawwen – en oarsom fansels…
En tuskentroch wurdt der lekker moarnsiten,lunsjt en kuiere. En fansels is der op saterdei jûn in treflik Skriuwersmiel.
Dus: 8 en 9 febrewaris 2025 nei “Nieuw Allardsoog” by Bakkefean!
Ûndersyk nei de takomst fan ‘City of Literature’
Ljouwert is Unesco City of Literature, in earetitel dy’t de stêd benammen krigen hat omdat der ek soks bestiet as in Fryske literatuer. Op stuit docht Engbert Boneschansker ûndersyk nei de wurdearring en de winsken foar de takomst oangeande ‘CoL’, dêr’t de Gemeente en de Provinsje op jierbasis tegearre sa’n fjouwer ton yn ynvestearje. Ek it Skriuwersbûn is frege mei te tinken. In earste petear hat west.
Wat de struktuer fan ‘CoL’ oanbelanget, hawwe wy oanjûn dat der mear dúdlikheid komme moat. No is it in projekt fan de gemeente, dêr’t de Provinsje oan meibetellet. Wa’t feitlik it belied bepaalt en de lieding hat, is dizenich. Us foarkar hat in ûnôfhinklike stifting, dy’t in heldere subsydzje-relaasje hat mei Ljouwert en Fryslân. Mei in belied en in programma dêr’t de meiwurkers op oan te sprekken en oer te advisearjen binne. Mei op syn minst twa folsleine meiwurkers dy’t by dy stifting sels yn tsjinst binne.
Wat it karakter fan de aktiviteiten oanbelanget, fine wy, mei op oanjaan fan ferskate leden, dat it folle Frysker kin en moat. Dûbeldtalige programmearring liedt net ta mear omtinken foar ús wurk as Fryske skriuwers. En sokke oandacht is net allinne foar ússels, mar ek foar it Frysk en de wurdearring fan ús unike literatuer, fan grut aktueel belang.
Facebooktwittermail

Nijjiersgedicht Arjan Hut

By ús Nijjiersgearkomste lies Arjan Hut twa moaie gedichten foar. Ien dêrfan, ‘Draaimûnen’, diele wy ek graach hjir mei jim!

Draaimûnen
de takomst liket in frjemde streek, in lân
krekt achter it each
en yn dat lân prate se in frjemde taal

mei klanken en yntonaasjes
dy’tsto nea alhiel ferstiest

mar se reitsje dy! de wurden, al lykje se net
foar dy bedoelt, se reitsje dy

as de muzyk fan rein op it smoarge finster of
it fluitsjen fan de stoarm dy’t grut fan see komt

en skielk, as eksoatyske symfony
oer de dakpannen strykt

en ûnder de dakpannen rommelet
dêrsto, draaimûnen tusken de earen, dronken
foar de sliep, de nacht noch wiet,
dysels deljoust

en alle nije lûden binne as poëzy en waaie mei dy mei

do, nei siken happend
te dreamen foar de dagen út

Facebooktwittermail

Jacobus Quirijn Smink 31-1-1954 – 27-1-2024

Krekt foar syn santichste jierdei moatte wy ôfskie nimme fan in bysûnder lid fan It Bûn. In dichter dy’t yn syn wurk romte joech oan alle fasetten fan it libben, ljocht en tsjuster, fertriet en bliedskip, leafde en sykte. Mei syn bondel ‘Sondelfal’ wûn er mei rjocht de Gysbert Japicxpriis. Ek as redaksjelid fan Hjir en Ensafh. en as oersetter fan wrâldliteratuer hat er de Fryske literêre wrâld kleur jûn.
Sûnt er wer werom ferhúze nei Sondel sloech er gjin gearkomste fan it Bûn oer; ek op it Skriuwerswykein wie er der koart by en begjin dit jier hawwe we tegearre noch proaste op in moai jier. Wy sille him misse.

De útfeart is freed 2 febrewaris yn Sondel, mar ek online (De Haven, Sondel) te folgjen.

Ut Sondelfal (2009):

Spilest hieltyd itselde deuntsje
Op ‘e lier sikerwier
Biddeste mar wat ta dyn God

Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om

In prachtich In Memoriam is ek te lêzen op de reachside fan De Moanne. In biografy oer it libben fan Jacobus sil yn 2024 ferskine.

Facebooktwittermail