Nije boeken – Simmer 2022

Dizze simmer is der wer in prachtige rispinge oan Fryske boeken fan ús leden. Der sit fêst wat tusken om mei te nimmen nei it strân, yn in fleantúch of de trein, of om gewoan thús yn de hingelmatte te lêzen! Foar jong en âld is der wer fan alles te lêzen! Binne wy guon fergetten? Jou it dan oan ús troch!

 De heit – Jan Schokker

It sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.

De heit – Jan Schokker

Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette.
Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.

Mear ynformaasje: https://www.elikser.nl/de-heit.htm

Sipke op it keatsfjild – Lida Dykstra

Sipke op it keatsfjild – Lida Dykstra

It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde?

It boekje is in moaie yntroduksje fan it keatsen, en de termen wurde dúdlik útlein.
Wer in moai twatalich Gouden Boekje út de rige oer de mûs Sipke, om foar of tegearre te lêzen, en wer in boppeslach fan Lida Dykstra: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/sipke-op-het-kaatsveld-sipke-op-it-keatsfjild/

In frjemde fûgel – Elmar Kuiper

In frjemde fûgel – Elmar Kuiper

Elmar Kuiper hat al in grut tal poëzybondels publisearre, seis yn it Frysk en twa yn it Nederlânsk. Mei dizze ferhalebondel manifestearret er him no ek as proazaskriuwer.

De sân manlju yn In frjemde fûgel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it męd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hűd en lit de lęzer omdoarmje yn harren geast.

Ynformaasje by de útjouwer: https://hispel.nl/elmarkuiperinfrjemdefugel.html

Nei it mystearje – Willem Tjerkstra

Nei it mystearje – Willem Tjerkstra

Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar. 

Mear is hjir te lêzen: https://uitgeverijaspekt.nl/boek/nei-it-mystearje-2/

In running gag om te gûlen – Sipke de Schiffart

In running gag om te gûlen – Sipke de Schiffart

Sipke syn earste gedichtebondel wie Oan dy tinke (leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje). De bondel waard nominearre foar de Piter Jellespriis. Yn dizze twadde spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.

De bondel is hjir te bestellen: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/in-running-gag-om-te-gulen/

Facebooktwittermail

Winners fan de Rely Jorritsmapriis 2022 bekend

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert
Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot
(Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert).

Rely Jorritsma (foto: Stifting FLMD)

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.
De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

It Skriuwersboun felisiteart alle winners – wy binne benijd nei de sjueryrapporten!

Mear ynformaasje is te lêzen op de reachside fan it fûns: https://www.stiftingflmd.frl/rely-jorritsmapriis

Facebooktwittermail

TEGELPOËZY

STREEKDICHTER NOARDEAST-FRYSLÂN SPUITET YN ELK DOARP IN GEDICHT OP ’E STOEPE

(Foto: Ydwine Scarse)

De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy.

It idee is om op in ûnferwachte en leechdrompelige wize minsken yn kontakt komme te litten mei poëzy. Want wa seit dat poëzy dreech wêze moat en allinnich mar yn in boek te lêzen is? De dichter ropt elkenien op om derop út te gean en alle tsien gedichten te finen. Op de sosjale media kin elk hashtag #tegelpoëzy brûke.

Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten. Sa stiet er ek elke lêste woansdei fan ’e moanne op de merk yn Dokkum mei it projekt ‘Merkgedicht’.

(Foto: Sjoerd Hania)
Facebooktwittermail

Sytse Jansma nei Transpoesie

It earste gedicht is ynstjoerd nei de organisaasje, dus it sil heve!

(Foto: Welmoed Riemersma)

Wy binne grutsk dat Sytse Jansma it Frysk fertsjintwurdigje sil op Transpoesie, it poëzyfestival yn Brussel ein septimber. Sytse is drok dwaande mei in nije dichtbondel en himet noch nei fan it projekt “Sprekende Stenen”, mar hjir makket er graach tiid foar. De mearfâldich winner fan de Rely Jorritsma-priis sil op 26 of 27 septimber optrede en wy hoopje fansels dat wy hjirwei “live” mei sjen kinne.

Mear nijs oer de dei en tiid komt!

Facebooktwittermail

Dichtersjûn yn Obe mei marimbamuzyk op 7 july 2022



Gerben Jongsma (foto: Arcadia.frl)

Yn it Boskpoadium yn Obe sil op 7 july in dichtersjûn wêze, mei tal fan dichters dy’t foarlêze út eigen wurk. Sa sille Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma optrede, en ek dichters Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht.
Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.
De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.

Ynrin is fan 19.30 oere ôf en it programma begjint om 20.00 oere. Mear ynformaasje is te finen op de side fan Arcadia.



Facebooktwittermail

Rink van de Veldepriis 2022 foar Leo Popma

It sket fan Toussaint – Leo Popman

De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard dit jier foar de tsiende kear útrikt en gie nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, dat yn 2020 ferskynd is by útjouwerij Frysk en Frij. De priis, grut € 2000, waard sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en in oarkonde krige de winner ek in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk.

It boek giet oer Tilma Jager, dy’t yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en no útfanhuzet by har heit. Troch har weromkommen rekket it krimpdoarp yn ûnstjoer en dan is der gjin rêden mear oan.

It sjueryrapport seit: “It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de perspektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen. … It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen.”

Sels ek lêze? It boek is te bestellen by de útjouwer of te krijen yn de boekhannel.

Mear oer de Rink van der Veldepriis is te lêzen op de side fan it FMLD.

Facebooktwittermail

Troelstrakuier

Bertus Mulder

Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).

Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de  literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.

Opjaan foar de kuier kin – graach foar 29 juny – fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl.

Oant dan!

Facebooktwittermail

Koos Tiemersma – De ynfaller

Koos Tiemersma – De ynfaller

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse in in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.

Sjoch ek op: https://koostiemersma.nl/

Facebooktwittermail