It bestjoer fan it Skriuwersboun nûget harren leden graach út foar de nijjiersbuorrel dy’t op 10 desimber yn De Basui te Ljouwert holden wurdt. Lykwols, binne ek net-leden fan herten wolkom!
Johannes Dijkman wint Bûsboekje-poëzykriich
De poëzykriich fan it Bûsboekje is wûn troch Johannes Dijkman út Burgum foar syn gedicht ‘Longerje’. De oanmoedigingspriis gie nei Nynke Terpstra (18), ek út Burgum, foar har gedicht ‘Wjerljocht’. De prizen waarden útrikt troch kultuerdeputearre fan Fryslân Sietske Poepjes op in gearkomste tiisdei yn kafee Luwt yn Ljouwert.
De karkommisje, besteande út Janneke Spoelstra, Sieta de Vries en Minke Dooper hie nei de oprop fan de Bûsboekjeredaksje ein july sechtjin gedichten krigen, dy’t ynstjoerd wiene troch yn totaal tsien dichters. De karkommisje wie wakker optein mei dizze rispinge. De twa priiswinners hiene neffens de karkommisjen moaie gedichten skreaun, mei opbou en ienheid. Dat die bliken doe’t se harren gedicht foardroegen. Gabriëlle Terpstra fan it dichterskollektyf Pauperpoëzij hat ek noch gedichten foardroegen.
De poëzykriich waard organisearre omdat it nije Fryske Bûsboekje (2020) klear is. De 45e edysje, in lustrum! Dit jier is it tema: tiid. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?
Trije dichters by IepenUp Live
‘Wâldpiken vs Klaaikluten’ is woansdei 4 desimber de battle by IepenUp Live. Dichterskollektyf RIXT hat trije dichters frege om dy arena te betreden. Wâlddichter Arjan Hut, Grytsje Schaaf, opgroeid yn Berltsum mar eins ‘hybride’ mei in wâldpyk-heit en in klaaiklút-mem, en Joël Huitema foar de schwung fan de Súdwesthoeke.
Elmar Kuiper wurdt yn Yndia útjûn
Dichter Elmar Kuiper hat ôfrûne wike yn Calcutta (Kolkata) west foar it poëzyfestival Chair Poetry Evenings. Dêr wienen se bot ûnder de yndruk fan de yn Jorwert wenjende dichter. De bedoeling is dêrom dat der takom jier in blomlêzing út Kuiper syn wurk ferskine sil. Dat bart by Copper Coin, in útjouwerij dy’t spesjalisearre is yn ynternasjonale poëzije. Yn earste ynstânsje sille de oersettings yn it Ingelsk wêze, mar mooglik ek yn it Hindy.
Trije kandidaten oer foar de Piter Jellespriis
Der binne noch trije kandidaten foar de Piter Jellespriis foar de Letteren. De sjuery keas foar dichteresse Elske Kampen, it Biltske poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus.
De winner wurdt op 9 desimber bekendmakke yn in byienkomst op it stedhûs yn Ljouwert.
De literêre priis (in jildbedrach fan €2.500) wurdt ienkear yn ’e fjouwer jier útrikt. Foarige winners wienen Nyk de Vries (2016), Aggie van der Meer (2011), Nynke Laverman (2006) en Tineke Steenmeijer-Wielenga (2002).
Priisútrikking poëzykriich op 3 desimber
De sinne kaam hiel moai op en de karkommisje wie der út!
Op de oprop om gedichten yn te stjoeren hat it Bûsboekje sechstjin ynstjoeringen krigen fan yn totaal tsien dichters. In moaie rispinge!
De bekendmakking fan de priiswinners en de priisútrikking sil wêze op 3 desimber 2019 (16-18 oere) yn kafee Luwt yn Ljouwert. De priis en de oanmoedigingspriis sille útrikt wurde troch kultuerdeputearre fan de provinsje Fryslân Sietske Poepjes.
Boekwinterboek
Nije Dichter fan Fryslân is Nyk de Vries
Fan ‘e middei is yn in folle Stedskas op it Aldehoustertsjerkhôf bekendmakke dat de nije Dichter fan Fryslân net ien minder as Nyk de Vries is. It bestjoer fan it Skriuwersboun lokwinsket Nyk mei dizze earfolle funksje en seit tank oan Eeltsje Hettinga foar de tige produktive, poëtyske twa jier.
Ferhalewedstriid oer 75 jier frijheid
Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Wy libje 75 jier yn frijheid, mar wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús?
Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema ‘75 jier frijheid’ yn it Frysk, of ien fan de Fryske streektalen, ferhalen en gedichten te meitsjen. Doch mei!
In koart ferhaal mei tusken de 750 en 1750 wurden wêze; in gedicht mei tusken de 75 en 750 wurden wêze. Stjoer de teksten yn foar 1 febrewaris 2020 nei meindert.reitsma@tresoar.nl. Sjoch op de webside fan Tresoar foar mear ynformaasje oer de krekte betingsten.
Prizen
De earste priis foar it bêste ferhaal/gedicht is € 750, de twadde priis € 500 en de tredde priis € 250. De prizen wurde útrikt en de priiswinnende ferhalen en gedichten wurde publisearre yn de april-edysje fan Letterhoeke, it blêd fan Tresoar en de Freonen fan Tresoar.
Sjuery
De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, beoardielet de teksten anonym.
Lêzing Froulju yn ‘e Fryske literatuer op 12 desimber
Op 12 desimber jouwe Babs Gezelle Meerburg en Lida Dykstra in lêzing oer froulju yn ‘e Fryske literatuer. Muzikaal yntermezzo is fan Tet Rozendal en Tseard Nauta. De lêzing is yn OBE en begjint om 19:30 oere.