De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper, Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema, Weidum mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wienen 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwegen de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.
Tiid: Befrijingskonsert
‘Der sil gjin tiid mear wêze’. It Quatuor pour la fin du temps fan Olivier Messiaen útfierd troch Marjolein van Dingstee op fioel, Corien Kolk op cello, Pauli Yap op piano en Pierre Lafay op klarinet.
Dichteres Aggie van der Meer skreau spesjaal foar dizze gelegenheid de gedichtesyklus: De tiid, it duorjen. De sân gedichten dy’t oanslute by de acht dielen fan Quatuor pour la fin du temps wurde foardroegen troch akteur Thijs Feenstra.
Op freed 21 augustus om 20.30 oere en snein 23 augustus om 15.00 oere.
Tialda Hoogeveen en Jan Kleefstra mei Christiaan Kuitwaard nominearre foar de Jan Wolkerspriis 2020
De longlist fan de Jan Wolkerspriis 2020 is bekendmakke. Dy priis foar it bêste natoerboek is in inisjatyf fan de Volkskrant, Wrâld Natoer Fûns en radiopogramma Vroege Vogels. Der steane tweintich titels op dy list fan de 130 ynstjoerde boeken. Net ien, mar twa boeken binne fan RIXT’ers, nammentlik Oerstoer fan Tialda Hoogeveen enVeldwerk fan Jan Kleefstra, dat er makke hat yn de mande mei Christiaan Kuitwaard.
Cliffhangerje
Nei oanlieding fan de foarstelling 1000&1 Nacht is Tryater in skriuwaventoer oangongen mei sechstjin skriuwers. Yn de geast fan dizze mearke-eftige fertellingen hawwe se fia de post ferhalen nei elkoar cliffhangere. De ferhalen waarden skreaun mei pinne en papier, yn alle talen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde. Sadree’t der in slúf mei ferhalen by immen op ’e matte lei, hie eltse skriuwer trije dagen de tiid om in ferfolch oan it fúljeton te skriuwen.
It risseltaat fan dat skriuwaventoer is trije rigen fan sa’n fiif ferhalen. En dy ferhalen binne no te beharkjen yn de bûtenloft fan literatuerstêd Ljouwert. Op plakken dêr’t genôch romte is om de ferhalen yn dy omgean te litten, om yn dyn holle te reizgjen nei oare kulturen, nei fiere lannen. Eltse rige hat in eigen ferhalerûte krigen sada’tst dysels troch de romte cliffhangerje litte kinst. Yn totaal binne der trije mooglikheden yn Ljouwert om te lústerjen nei dy mearke-eftige ferhalen. Hast allinne in mobyl mei in kamera nedich. De ferhalen binne te belústerjen fia in QR-koade dy’t op de kuierpaden te finen binne. De rûtes fynst op de site fan Tryater.
De skriuwersprojekten fan Tryater binne bedoeld om skriuwers romte te jaan om te ûndersykjen en te eksperimintearjen. Cliffhangerje makket ûnderdiel út fan Tryater Rûnom, it plak dêr’t oare aktiviteiten as foarstellingen organisearre wurde en dêr’t de ferbining mei it publyk sintraal stiet. Foar mear ynfo, gean nei tryater.nl
It guozzeroer fan Rink van der Velde op ‘e nij útjûn
De lêste roman fan Rink van der Velde It guozzeroer wurdt op 7 july 2020, nei hast tweintich jier, opnij útjûn. Yn dit lêste boek fan ien fan de wichtichste skriuwers yn it Frysk komme alle eleminten fan syn wurk gear: oarloch, it oerlibjen, it fjild, de skerpe waarnimming en spitse dialogen. It guozzeroer is yn it oeuvre fan Van der Velde in masterwurk. Foar it nije omslach is in skilderij fan Sjoerd de Vries brûkt, in skilderij fan De Deelen dêr’t dit ferhaal him ôfspilet.
Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter, yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dy oangripende en sober fertelde roman. It guozzeroer giet ek oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië.
It guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001). Sjoch ek op ‘e side fan Bornmeer.
Ynskriuwaksje werprintinge Wadden Grimm
Fanwegen in oerweldigjende ynteresse wie it nije mearkeboek Wadden Grimm. Sprookjes van Grimm in de eilandtalen (ein maaie 2020) yn in pear dagen nei ferskinen al útferkocht.
Op It Amelân is, koördinearre troch Stichting De Ouwe Pôlle Ameland, daliks in yntekenaksje ûnder de befolking op tou set om in werprintinge fan it populêre boek mooglik te meitsjen. De lokale boekhannels binne ek opnij frege. It totaal oantal foarynskriuwings fan 250 moat berikt wurde om in werprintinge mooglik te meitsjen.
Yn it boek – 216 siden, mei mearkleurige yllustraasjes en hurd kaft – steane fyftich mearkes yn fiif eilântalen: it Aasters, Meslânzers en Westers op Skylge, it Amelanners en it Skiermuontseagers. De mearkes binne oerset troch eksperts yn de eilântalen, meastal fan de eilannen sels. Noch nea earder ferskynde der sa’n grutte samling teksten yn de eilanner talen yn ien boek.
Boek Lida Dykstra nominearre yn Flaanderen
De jeugdroman Het beest met de kracht van tien paarden fan de Fryske skriuwster én Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen. Oant april 2021 kin der stimd wurde.
De KJV (dy’t yn 2021 al 40 jier bestiet) is de grutste jonge lêzerssjuery fan Flaanderen, foar bern en jongerein tusken 14 en 16 jier. Alle jierren lêzen en besprekke sa’n 9.000 jonge sjueryleden de acht (troch ‘nominaasjelêzers’) foar har leeftyd selektearre boeken. Yn de measte gefallen komme se by inoar yn lêsgroepen, begelaat troch frijwilligers, om te praten oer de boeken. As se alle acht boeken lêzen hawwe, bringen se harren stim út. Bern dy’t gjin lêsgroep yn ‘e buert hawwe, kinne meilêze en -stimme as ynternet-sjuerylid.
Lida Dykstra (It Hearrenfean, 1961) skriuwt sûnt 1992 berneboeken yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se foar de âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Har faak bekroande wurk skaaimerket him troch in soad fantasy en humor. Sûnt dit jier is Lida Dijkstra Berneboekeambassadeur yn Fryslân.
It boek ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ (2020) is in herfertelling fan in ferhaal út de Grykske mytology oer Theseus en de Minotaurus (in minsk-bolle). It is in brûzjend ferhaal oer Grykske helden en antyhelden, en in leafdesskiednis dy’t sterker is as it needlot. It boek is yllustrearre troch Djenné Fila (har debút as yllustrator van jeugdboeken) en ferskynde by útjouwerij Luitingh-Sijthoff.
Vanessa Joosen yn De Standaard, 17 jannewaris 2020 (*****): “Dijkstra en Fila brengen een verhaal van alle tijden op een manier die aansluit bij het beste wat de jeugdliteratuur vandaag te bieden heeft.”
Dichter fan Fryslân ‘on tour’ by middelbere skoallen yn Fryslân del
Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Fan hjoed ôf kinne alle middelbere skoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende skoaljier (’20 – ’21).
De Dichter fan Fryslân biedt ferskillende lesprogramma’s oan oer poëzij en literatuer, yn kombinaasje mei muzyk en fideo. De lesprogramma’s bestean út in optreden en in les yn ien.
De Dichter fan Fryslân bringt op in tagonklike en humoristyske wize, syn foar in grut part eigen ferhaal. Dat is in ferhaal oer syn middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. Sjoch foar mear ynformaasje oer it skoalprojekt, of foar it boeken fan in fergees skoaloptreden: www.dichterfanfryslan.nl/skoaloptreden/
Joseph Conrad – De oerwinning
oersetten troch Geart fan der Mear
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde.
Yn ien fan de lêste sinnen fan it boek seit er: ‘Och, Davidson, wee de man waans hart yn syn jeugd net leard hat om te hoopjen, te beminnen – en om syn fertrouwen yn it libben te stellen!’
Dat Joseph Conrad dit boek De oerwinning neamd hat, is wol sjoen de ôfrin o sa wrang, mar ek wol wer tapaslik.
De oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Nêst Sulver en minsken, útkommen yn in Fryske oersetting yn 2019, en It geheim fan Lord Jim (2017), beide ek fan Geart fan der Mear, krijt de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingelsk skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).
Utjouwerij: Elikser
Wer folop aktiviteit yn ‘e Skriuwersarke
De Skriuwersarke op ’e Feanhoop moast it fanwege it koroanafirus sûnder in offisjeel iepeningsmomint stelle. Mar de earste skriuwers hawwe der al útfanhuze.
Jan Minno Rozendal fan Grins, dy’t promovearje sil op in biografy fan Douwe Kalma (1896-1953), hat der te set west mei de earste haadstikken oer Kalma’s jongesjierren, en Siebren van der Zwaag, dwaande mei in boek oer de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken, skreau in haadstik oer de famylje Pilat, ien fan de grutste feehannelfamyljes yn Fryslân. Van der Zwaag syn mem wie in Pilat en is in efterneef fan de skriuwer en eardere eigner fan de arke Rink van der Velde (1932-2001), waans mem ek in Pilat wie.
Yn juny is de arke foar Geert Nauta fan Wergea, oant no ta bekend fan koarte ferhalen, dêr’t er in pear kear de Rely Jorritsmapriis foar krige. Hy skriuwt oan syn earste roman De Bretonske kust. Nei him komme Reina Smeink-Kroodsma, Nijbeets (skriuwt in berneboek), Carla van der Zwaag, Peins (poëzy), leden fan it dichterskollektyf Rixt, Harm Bloemhof, Harns (poëzy) en Elske Schotanus, It Hearrenfean (proaza).