Hoe sjocht Fryslân yn 2030 derút? Hoe moat dit hoekje wrâld idealiter derút sjen? Alve minsken mei in dúdlike (utopyske) fyzje, sprekke har dêroer út yn dizze bondel. Dy bydragen geane oer allegear tema’s, fan it Fryske erfgoed oant Fryslân frij fan gif.
Wat harren bynt is belutsenens by minsken, by it lânskip, by it wurk. Wat harren ek bynt is langstme. Net romantysk of sentimenteel, mar in realistysk langstme. De bydragen leverje in konkrete wurklist op foar it goede libben yn Fryslân. En wat foar Fryslân jildt, jildt eins foar de hiele wrâld.
De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer
‘Ik wit wol dat ik âld bin, mar dêr stean ik net by stil’, sei Aggie van der Meer tsjin de lokale omrop neidat se de Gysbert Japickspriis 2019 wûn foar har hiele oeuvre. It skriuwen giet troch, nettsjinsteande in heal lamme skonk, of in each dat op swart sprongen is.
De Tsjûgen fan de Macht is in boek dat sy perfoarst noch skriuwe woe. In famke is taskôger as de besetter de klokken út de Martinitsjerke hellet. In jier letter is de besetter ferslein, mar de frijheid hat de minsken net feroare. Tusken beide tsjûgenissen yn groeide in puzelfertelling oer macht en oer minsken. Wêr’t de puzel ophâldt, is noch altyd net krekt te sizzen.
Boadskippen út dreamen, achterútfleanende krieën, burokratysk absurdisme, it mysterieuze, mar o sa ynfloedrike Hegerhân… in mozayk sa’t allinne Aggie van der Meer dat optekenje kin.
Utjouwerij Afûk
Jubileumboek + feest
Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.
It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.
Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.
Jubileumfeest en privacyrjochten
Mei in soad foldwaning sjocht it bestjoer werom op in tige slagge Jubileumfeest yn it smûke Grou, dêr’t tagelyk ek it boek Nearnewâld presintearre waard.
Wy tankje elkenien dy’t der by oanwêzich wie, de seal siet moai fol, der wie romte om te praten en te dûnsjen.
Bestjoerslid Geart Tigchelaar hat op ’e jûn wakker foto’s makke. Om inkelde dêrfan te pleatsen op ús webside en/of sosjale media hawwe wy jimme tastimming nedich, fanwegen de nije privacywet. Dat hie fuort by de yngong moatten, mar dat is ús troch alle oare drokten ûntgien. Dêrom freegje wy jo fia dizze wei oft jo jo oppenearje wolle bywannear’t jo net wolle dat in foto dêr’t jo werkenber op steane op ynternet ferskynt. Soenen jo dat dwaan wolle foar moandei 18 novimber.
Jubileumboek en -feest
Om it 50-jierrige bestean fan it Skriuwersboun te fieren ha we ús leden fregen om in ferhaal yn te stjoeren foar in jubileumboek. 43 fan ús leden ha in stikje ynstjoerd en dy ha wy omfoarme ta in machtich moai boek: Nearnewâld. De ferhalen binne ynspirearre op de tekening dy’t Laurens Bontes foar ús makke hat.
It boek is no hast klear, en dat moat fansels fierd wurde. Op 14 novimber sille wy it boek presintearje yn Hotel Restaurant Oostergoo te Grou (www.oostergoo.nl). De presintaasje sil om 20.00 oere begjinne mei ûnder oare in praatsje fan útjouwer Jitske Kingma. Dêrnei is de dûnsflier iepen.
Elkenien is wolkom te kommen en minsken mei te nimmen (the more, the merrier). Graach foar 3 novimber by ús opjaan (bestjoer@skriuwersboun.nl), sadat we in yndikaasje ha hoefolle minsken komme sille.
Utrikking Rely Jorritsmaprizen 2019
Op sneon 5 oktober sil de 65ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen plak fine yn Bears. De bekroande ferhalen binne fan Elmar Kuiper fan Jorwert en Geert Nauta fan Wergea, de bekroande fersen fan Jetske Bilker fan Achlum, Remco Kuiper fan Goutum en Henk Nijp fan Mantgum. De prizen wurde útrikt troch mr. Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert.
Fan 15:30 oere ôf is der ûntfangst yn de Mariatsjerke yn Bears. De priisútrikking begjint om 16:00 oere yn de Ald Skoalle te Bears.
Sanfirdo fan Bennie Huisman
Liuwe is in gewoane jonge, dy’t it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr’t er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe’t er reagearje moat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear?
Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferfolchferhaal. It is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe’t it doe fierder gie. En noch altyd giet.
Aggie van der Meer wint Gysbert Japicxpriis 2019
Dit jier is Gysbert Japicxpriis takend oan Aggie van der Meer foar har hiele oeuvre. Wy winksje har in soad lok en wille ta mei it krijen fan dizze priis.
De Gysbert Japicxpriis 2019 sil op sneon 16 novimber yn de Martinitsjerke yn Boalsert útrikke.
Eeltsje Hettinga, Nachtspraak
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje. It byldwurk is fan Anne Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht.
De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.
Ferhalejûn Fryslân 2019
Trochgeand op de suksesfolle ferhalejûn fan LF2018, sil Museumfederatie Fryslân en Stichting Pier21 ek yn 2019 sa’n jûn organisearje. Op 15 novimber kin elk mei in leuk ferhaal of anekdoate minsken fermeitsje troch hiel Fryslân.
Elk dy’t in ferhaal fertelle wol, kin him oanmelde fia www.verhalenavond.nl.