Oprop Skriuwersarkje op ‘e Feanhoop

De Skriuwersarke oan it petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop, foarhinne eigendom fan de skriuwer Rink van der Velde,  is ek dit jier wer fergees beskikber foar skriuwers/dichters. Op syn heechst foar seis wike. It giet om it simmerskoft fan maaie oant septimber, mar yn oerlis is in ôfwikende tiid mooglik. Dejingen dy’t noch net earder yn de arke oan it wurk west hawwe, hawwe foarrang.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris o.s. oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. p.a. De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels, tel.  0515 333939 of fia de e-mail:  ynfo@stiftingflmd.nl.  Fermeld neist de perioade fan foarkar ek koart de skriuwplannen.   

Facebooktwittermail

Grutte Gedichtejûn yn Marktzicht op 8 febrewaris

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wurdt dy yn Kafee Marktzicht holden op 8 febrewaris 2019. Elke dichter yn hokfoar taal of dialekt ek mar kin hjir oan meidwaan. Jo hoege net ienris dichter te wêzen, want jo meie ek in fers fan jo favorite dichter foarlêze. Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes ‘Broek mei bûsen’. De dichters en foarlêzers op ’e jûn krije as tsjinprestaasje dy útjefte kado. Tusken de poëzije troch sil der yn it smûke Drachtster kafee Grunneger muzyk klinke fan trûbadoer Bert Hadders.
Foar mear ynformaasje en om jo op te jaan, kinne jo in mail stjoere nei ensafhpoezij@gmail.com

Facebooktwittermail

Eppie Dam wint Kultuerpriis De Fryske Marren 2019

Wethâlder Durk Durksz rikte op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat.

In  karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.

In útdaagjend en ynspirearjend projekt
De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe’t dat har ynspirearret. Derby joech de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo.”

Foto: De Fryske Marren

Grutte wurdearring foar de oare nominearren
It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it advys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearren. Benammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlden en pakes en beppes) entûsjast te meitsjen foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.Paragraph. Klik hier om te bewerken.

Facebooktwittermail

Tinktank oer Proaza op 1 febrewaris om 16:00 oere

Sit Frysk proaza oan ’e prozac?

Mannich en frouwich dichter hawwe yn it kulturele haadjier op ’e planken stien. It Frysk proaza is lykwols oan ’e krapperein kommen, fine wy as bestjoer en dat hearre wy ek rûnom fan oaren. Dêr soenen wy graach wat oan dwaan wolle en om dy reden woenen wy it op de folgjende Tinktank-byienkomst oer proaza hawwe wolle en wat wy der mei ús allen oan dwaan kinne om Frysk proaza mear op ’e kaart te setten, skriuwers te ferbinen en in oantrún jaan te kinnen om te kommen ta nij wurk. Want it moat net sa wêze dat Frysk proaza sa yn ‘e nederklits rekket dat it oan ‘e prozac moat!

De middei is bedoeld om dêroer te breinstoarmjen, wy as bestjoer hawwe it idee om in Proazawurkgroep yn it libben te roppen, lykas de Oersetterswurkgroep en de Toanielwurkgroep. De fraach is earst oft der ferlet is fan sa’n Proazawurkgroep dêr’t in espeltsje minsken aktyf oan meidwaan wolle.

De Tinktank is op 1 febrewaris om 16:00 oere yn Tresoar (de Obe Postma-seal).

Facebooktwittermail

Oprop foar Skriuwersresidinsje ‘De Havik’

Wolle jo as skriuwer op in unike lokaasje ynspiraasje opdwaan of lekker rêstich oan jo boek wurkje of wolle jo in boekpresintaasje jaan, dan kinne jo ús fûgelhutte ‘De Havik’ hiere. Dy leit midden yn it prachtige kûlizelânskip yn ’e Fryske Wâlden, dat him benammen karakterisearret troch bosken en houtwâlen, heidefjildsjes en gerslannen, moeras en beekjes.
 
Yn septimber 2017 binne wy úteinsetten mei it realisearjen fan ús winsk: it sels ûntwerpen en bouwen fan ús eigen fûgelhutte, op ús eigen terrein. Yn novimber 2018 is it oplevere en mei it einrisseltaat der wêze! Natoerleafhawwers en fotografen kinne by ús fûgels yn harren eigen natoerlike omjouwing bewûnderje en fotografearje, om’t de hutte foarsjoen is fan spegelglês.
 
De hutte is 6×8 meter en is yngroeven, foar de hutte leit in ûndjippe fiver fan 4,5×26 meter, dêr’t fûgels drinke en in bad nimme kinne. De fûgelhutte is gaadlik foar op syn heechst 6 persoanen en wurdt ferwaarme troch in houtkachel. Ut de hutte wei sjogge jo oer de beammen en strûken dy’t yn septimber 2017 oanplante binne. Yn ’e midden stiet in grutte tafel mei 6 ferstelbere stuollen. Boppedat is der in keuken oanwêzich mei waarm en kâld wetter. Jo kinne fergees gebrûk meitsje fan kofje en tee. Yn gefal fan need is der in ekohúske oanwêzich. Fierders binne der genôch stroompunten om akku’s op te laden.
 
Ek as jo minder mobyl binne, kinne jo by ús terjochte. De hutte is rom opsetten, sadat jo maklik yn de hutte rûndraaie kinne, teffens is it paad fan it parkearplak ôf nei de hutte ta folslein befluorre.
 
De hierpriis is € 50,- deis, likefolle it tal persoanen en is basearre op in hiele dei, de hutte hiere foar ien deidiel is net mooglik.
 
Oanbieding: Jo kinne de fûgelhutte ek reservearje yn kombinaasje mei ús fakânsjewente ‘De Wielewaal’, dy stiet ek op ús terrein. Sjoch op www.vakantiewoningwielewaal.nl foar mear ynformaasje. As jo de fakânsjewente hiere foar 4 wiken oanslutend dan betelje jo € 800 foar all-in en dan hoege jo foar de fûgelhutte neat te beteljen. Jo kinne dan fan moarns ier oant jûns let dêr gebrûk fan meitsje. De wenning is fan april 2019 ôf beskikber. Mochten jo dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan rikkemedearje wy jo oan om fluch te reagearjen, want yn ’e simmermoannen is de fakânsjewente gau folboekt. Dus wifkje net en sjoch wat dizze unike lokaasje jo biedt!
 
Freegje nei de mooglikheden fia ús mail: sijevdv@hotmail.com of skilje: 0511-472874.
 
Mei freonlike groet,
 
Sije en Hillie van der Veen
Kûkhernewei 28
9257 RT Noardburgum

Facebooktwittermail

Kulturele kime sûnder literatuer

Mei fernuvering hawwe de leden fan It Skriuwersboun yn it útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime fan de provinsje Fryslân de plannen foar de weroriïntaasje fan de kulturele ynfrastruktuer lêzen. Wy binne ferbjustere hoe’t yn dat beliedsstik it Fryske kulturele fjild redusearre wurdt ta de twa grutste publykslûkers: popmuzyk en toaniel.

Yn it op ’e titel nei Nederlânsktalige stik lêze wy faak dat de ‘talichheid’ en de ‘meartaligens’ fan de kultuer yn Fryslân in sterk punt wêze soe. Yndied. Mar wy meitsje ús grutte soargen, omdat dy moaie wurden oer ‘talichheid’ net eksplisyt ferbûn wurde oan it skreaune Frysk, net ferbûn oan literatuer yn it Frysk, en ek net oan de ‘makers’ dy’t har spesjalisearje yn it skriuwen yn it Frysk. De skriuwers, de dichters, de oersetters wurde nammentlik nearne neamd yn de nije beliedsnotysje.

Dêrom oppenearje wy ús no. It Skriuwersboun hat fûnemintele beswieren tsjin de teneur yn Kultuer oan ’e Kime , dat kultuer yn Fryslân ûndergeskikt makket oan ekonomyske doelen. Keunst en kultuer wurdt benammen delset as in middel ta it fuortsterkjen fan fêstigingsklimaat en toerisme. Dat bedriget de autonomy fan de keunst en liedt neffens ús ek ta in ynhâldlike útholling. Wy ferwachtsje hieltyd mear keunst dy’t mei in toeristyske blik, oerflakkich en stereotyp, nei Fryslân en de Fryske mienskip sjocht.

Foar echte kulturele ynnovaasje hjir yn Fryslân is kennis nedich, net allinnich in ‘ferhaal’, mar djipper geande kennis fan de eigensinnige Fryske kontekst en ús Fryske talen, ek op wittenskiplik nivo. De literatuer en ús skreaune erfgoed binne by útstek it fehikel fan dy kennis.

As it giet om it plak fan de Fryske taal yn de kulturele ynfrastruktuer, is it saneamde Frysk Bidbook oer meartaligens in teloarstelling. Dat Bidbook is net folle mear as in reklamefolder oer de aktiviteiten fan Lân fan Taal yn 2018. Der is in oanfoljend beliedsstik nedich dat folle breder en djipper yngiet op it Frysk yn it provinsjale kultuerbelied. Literatuer yn it Frysk is ommers it anker fan it Frysk as kultuertaal. Ek foar bygelyks heechweardich lokaasjeteater yn it Frysk binne mear ferbinings mei de literatuer essinsjeel.

Wy freegje provinsjale steaten dan ek mei klam om derop oan te stean dat Fryske literatuer in folweardich plak krijt en hâldt yn de kulturele ynfrastruktuer, mei in koarte- én in langetermynfizy, oangeande sawol it meitsjen as it hoedzjen fan dit erfgoed, sa wichtich foar it behâld fan de kultuer, want mei ynfrastruktuer binne wy der net.

Yn in aparte notysje oer it provinsjale literatuerbelied – dy’t de skriuwers net weimoffelet ûnder ‘taalbefoardering’ – freegje wy omtinken foar it ferline en in blik dy’t breder is as allinnich subsydzjebetingsten en oer de kime rikt. Wy ha ferlet fan in better skriuwklimaat, goede marketing fan Fryske boeken en yn it ferlingde fan LF2018 romte foar ynternasjonale útwikseling fan Fryske skriuwers en foar mear oersettings út it Frysk wei nei oare talen en oarsom. Pas dan komt der perspektyf.

It Skriuwersboun sprekt de hope út dat provinsjale steaten dizze oanbefellings oernimme en sa it plak fan de literatuer yn it Fryske kulturele fjild better boargje. Better let as net.

ANDRE LOOIJENGA
TRYNTSJE VAN DER VEER
Algemien bestjoerslid en foarsitter fan It Skriuwersboun

Ynstjoerd stik is publisearre yn de Ljouwerter Krante op 20-12-2018

Facebooktwittermail

Marboei-Ekspo yn OBE

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe.
 
In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien.
 
Op dizze eksposysje binne alle Marboei-gedichten mei-inoar te lêzen en te hearren yn it besikerssintrum Obe yn Ljouwert. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.
 
De oersettingen binne makke troch David Colmer, David McKay, Michele Hutchison, Joel Thomas Katz, Robert Perry en Saskia Stehouwer. Mei tank oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske gedichten nei it Nederlânsk oersetten hat.
 
Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne ek de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries makke fan it Marboei-projekt te sjen yn de eksposysjeromte fan Obe. De eksposysje is alle dagen tagonklik foar publyk fan 11.00 – 17.00 oere.

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
De Marboeien lizze op bysûndere plakken yn it Fryske wetter. Foar dichters in boarne fan ynspiraasje. Sa makke dichteres Ellen Deckwitz foar it earst yn har libben in boattochtsje, seach Elmar Kuiper nei it ferline op de Swarte Brekken, ferruile Maarten Inghels foar ien dei de Antwerpske binnenstêd foar de Alde Feanen en gie Jaap Krol nochal op en del op de Sleattemer Mar.

Foto: Marleen Annema
Facebooktwittermail